Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatsen B-groep
Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Lêste ledepartij fan de jeugd yn de simmerfakânsje
vrijdag 26 augustus 2022
Marco wie freed 26 augustus wer op dreef. Hy bout de spanning op: wat hat in priis en wa net, wa hat de 1ste en wa is 2de. En hy jout de ferliezers altyd in aai oer de bol! Kabouters: Tersoal boppe!
Sa wie dat ek op dizze lêste fakânsjepartij foar jeugdleden. De âldste famkes wienen der net, dy keatsten yn Turns in jeugdpartij. Sadwaande wienen der 23 bern, ferdield oer trije groepen, kabouters, welpen en pupillen-skoaljeugd. De kaboutergroep bestie út 8 bern en dy keatse it hiele jier al yndividueel, 1 tsjin 1. (Dat soe by de grutten ek wol in kear kinne: in wat koarter perk en in smeller fjild.)
De bern keatsten allegearre trije kear en wat barde? Ravi de Vries wûn trije kear en Ronja Teernstra ék! En se hienen beide mar 8 tsjinearsten! En se wenje beide yn Tersoal!
Dus moast der noch in echte finale komme. En yn dy partij toande Ravi him it sterkste. Hy wûn op 5-2 6-6 fan Ronja. De 3de priis wie foar Dycke Fardau Bokma - ek al Tersoal - mei 17 punten en de 4de priis kaam ta oan Remon Bakker út Goaiïngea. Hy wennet sawat op it keatsfjild. Hy keatst it koartst fan allegearre en pakt it hiel goed op! ( op 'e foto links de priiswinners, mei de klok mei )
De útslach
Kabouters ( 8 bern ): 1. Ravi de Vries 2. Ronja Teernstra 3 Dycke Fardou Bokma 4. Remon Bakker (5 o/m 8 Thymen Krikke, Jesse van der Zwan, Amerins Kiestra en Suze Maite Bokma)
( foto ûnder, alle kabouters )
Jitse en Eelco winne by de welpen as super-kabouters!
Fjouwer twatallen wienen hjir en it waard superspannend! Net ien soe alle trije partijen winne en sa bleau it oan 'e ein ta spannend. Jitse rûn al triomfantlik op it fjild om: 'Ik ha it wûn', mar wie dat wol sa? Yn syn taspraak by de priisútrikking hold Marco de spanning deryn en Jitse waard ûnrêstich: hie hy it wol wûn. Doe kaam it ferlossende wurd: 2de priis Tieme Holtrop (in super-kanbouter) en Anna-Lynn Koldijk mei 16 punten en dus de 1ste priis Jitse Bakker en Eelco Kiestra, beide ek super-kabouter), mei 19 punten. Sneu foar Tieme en Anna-Lynn, want se hienen wol wûn fan Jitse en Eelco! Mar ja, by pûlkeatsen telle earste de foarpunten, dêrnei noch de tsjinpunten en as dy gelyk wêze soenen, dan telt pas de ûnderlinge partij.
De útslach
Welpen ( 3 twatallen ): 1. Jitse Bakker en Eelco Kiestra 2. Tieme Holtrop en Anna-Lynn Koldijk
De jonges winne yn de âldste groep
En dan krije wy de lêste groep, in mjuks fan welpen, pupillen en skoaljeugd, mei trije partoeren. De grap fan dizze groep wie dat alle partijen op 5-2 útkamen. Jorrit Boersma en Imme Klaas Kievit kamen nei twa winstpartijen fertsjinne yn 'e krânsen. De 2de priis wie foar Jetske Zijlstra , Falke Bakker en Esther Lootsma , in skoalfamkes, in pupil en in super-welp! Sy wûnen in partij en se ferlearen in partij. Minke Lys Leenstra en Emma Brecht Bokma stienen mei lege hannen, ja dat bart soms......
De útslach
Pupillen-skoaljeugd (3 partoeren ):
1. Jorrit Boersma en Imme Klaas Kievit 2. Jetske Zijlstra, Falke Bakker en Esther Lootsma
Nieuws