• Keetpartij foar de jeugd yn Oranjesfearen

    vrijdag 5 juli 2019
    Ja de oranje froulju hawwe
     oranje flagge.jpg
    wat losmakke yn ús lân. Op de listen fan de Keetpartij - sponsord troch de jeugd fan de Goaiïngeaster keer - stie de flagge mei de oranje liuw en ferskate bern wienen klaaid yn oranje shirts! Hiel moai allegearre!



    Der wienen fjouwer pûls mei fjouwer partoeren: kabouters-welpen, pupillen en skoaljeugd. En elkenien koe dus trije kear keatse!  

    De krânsen foar Foke Marij Bakker en Kees Hofman by de kabouters-welpen    
    By de kabouters-welpen wûnen Foke Marij Bakker en Kees Hofman 3x, mar dat gie net fansels! Op it 2e plak kamen Edsert Bouma en Falke Bakker mei 15 punten en ien winstpartij.
    Gjin priis hienen Lise Bijma en Ilse Mare Bokma (3e) mei 14 punten en 4e Emma Brecht Bokma en Esther Lootsma (12 punten). Ja, it lei ticht by elkoar.  
    Kabouters-welpen 1.jpg
    Kabouters-welpen 2.jpg




































    1e  priis by de pupillen foar Anne Rikst Bakker en Jildou Twijnstra 
    Net ien fan de partoeren gie mei de folle winst fan 21 punten oan 'e haal. It bleau dus oan de ein ta superspannend.  Yn de lêste omloop koe alles noch barre. Anne Rikst Bakker en Jildou Twijnstra hienen de sterkste senuwen troch yn de lêste partij mei 5-3 6-0 te winnen fan Imme Klaas Kievit en Jeljer-Sjoerd Kooistra. Dat brocht Anne Rikst en Jildou op 17 punten en Imme Klaas en Jeljer-Sjoerd op 14 punten. En dat tal punten krigen Jetske Zijlstra en Anna Marit Twijnstra ek, mar dy hienen 1 tsjinearst mear! Wat skeelt it! Ja, 1 earst dus. Ûnderoan kamen út Doutzen Twijnstra en Minke Lys Leenstra mei 13 punten, ja sa ticht
    Pupillen 1.jpg
    lei it allegearre by elkoar!
     Pupillen 2.jpg




































    Winst foar Ilse Baanstra, Folkert Yde Kievit en Anna Mutsaers by de skoaljeugd
    By de skoaljeugd wie de spanning suver noch grutter. Trije fan de fjouwer partoeren wûnen by einbeslút twa partijen. En it gie der dus om wat de tredde partij opleverje soe. No, dat foel yn it foardiel út fan Ilse, Folkert Yde en Anna, dy't op 18 punten útkamen.Elbrich Kooistra, Martsen van der Goot en Lucas Gaastra hellen 17 punten. Like folle as Hessel Bouma, Afke Marij van der Goot en Berber van der Goot, mar dy hienen 3 tsjinearsten mear!
    Ûnderoan de rigele kamen út Rigt van der Velde, Jochem Lootsma en gastspiler Feike Dijkstra út Makkum. Sy krigen spitich genôch mar 5 punten.
    Skoaljeugd 1.jpg
    Skoaljeugd 2.jpg





























    De útslaggen

    Kabouters-welpen ( 4 partoeren )
    1. Foke Marij Bakker en Kees Hofman
    2. Edsert Bouma en Falke Bakker

    Pupillen ( 4 partoeren )
    1. Anne Rikst Bakker en Jildou Twijnstra
    2. Imme Klaas Kievit en Jeljer-Sjoerd Kooistra

    Skoaljeugd ( 4 partoeren )
    1. Ilse Baanstra, Folkert Yde Kievit en Anna Mutsaers
    2. Elbrich Koostra, Martsen van der Goot en Lucas Gaastra
































  • Nieuws

    Prachtige opbrengst Rabo Clubsupport 

    woensdag 16 oktober 2019
    Allemaal hartelijk dank voor het stemmen...
    Lees meer...

    Autobedrijf Leenstra en Himmel & Skjin binne de nije shirtsponsors

    zondag 13 oktober 2019
    Dat waard sneon 12 oktober op de gesellige jûn...
    Lees meer...

    En it wíe in gesellige jûn!!

    zaterdag 12 oktober 2019
    It wie in jûn wie it mei in protte...
    Lees meer...