• Keatsclinic mei 38 entûsjaste jonge dielnimmers

    woensdag 2 juni 2021
     Warming-up 2.JPG
     Warming-up 1.JPG













    Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum  Foarige wike woansdei (28 maaie) stie de clinic al op it program, mar troch it minne waar doe waard dat ôfblaasd. In ferstannich beslút: de aardichheid hie der gau ôf west. Foar Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum, haadklasse froulju út Easterein, wienen 38 bern opdraven kommen. Se waarden ferdield oer 4 groepen mei elk 2 clubtrainers.
    It moaie wie dat de groep kabouters fierwei it grutst wie: 16 famkes en jonges mar even! 

    Nei de algemiene warming-up krigen de groepen - kabouters, welpen, pupillen en skoaljeugd- apart in training. Nei 10 minuten skode elke groep troch nei in oare lokaasje op it fjild. Se gienen oan 'e slach mei balkearen, opslaan tsjin in telefyzjeskerm en tv-skûtel oan, útslaan en wat net al. Nei ôfrin wie foar elkenien in wetterijsko beskikber! Hjirûnder sjogge jim wat sfearfoto's, fan boppen nei ûnderen: kabouters, welpen, pupillen en skoaljeugd.
     Groep kabouters.JPG
     a2.JPG
     a1.JPG
     Groep welpen.JPG
     b2.JPG
    b1.JPG
    Groep pupillen.JPG
     c2.JPG
     c1.JPG
    Groep skoaljeugd.JPG
    d2.JPG
    d2.JPG

     

     Haadklassers 2.JPG


  • Nieuws

    OUDIJZERACTIE donderdag 24 juni

    zaterdag 19 juni 2021
    Lees meer...

    Coronapartij jeugd krekt foar de swiere buien klear!

    vrijdag 18 juni 2021
    Der wienen freed 18 juny mear kabouters (15...
    Lees meer...

    It fjild fol mei de Bakker TAB-partij: Marije, Nynke en Etta winne!

    vrijdag 11 juni 2021
    Wy mochten foar it earst...
    Lees meer...