• Kantine it Fintsje nei 18 jier opnij iepene!

    zaterdag 12 september 2020
    Jouke Dotinga hold op sneon
    Jouke mei Rabobon.JPG
    12 septimber, foar  it begjin fan de lêste ledepartij, in foarsitterachtige speach. De gelegenheid wie it opnij iepenjen fan de ferboude kantine it Fintsje . Yn it winterskoft 2011/2012 wie it komplete Fintsje ûnder hannen nommen, ynklusyf klaaigelegenheid en materiaalhok. Dit kear giet om it 'updaten' fan de kantineromte, it by te tiid bringen fan de romte dêr't wy jierrenlang by elkoar sitten hawwe nei it kompetysjekeatsen en wedstriden.  Wat in herinnerings lizze dêr, kampioenskippen dy't wy fierd hawwe.  De nije look is geweldich! 

    Grutte oanjagers fan it projekt wienen Jelle en Antsje Kievit
    Sy kamen mei it idee. Jildlike steun wie der ek, Rabo Club Support mei in bedrach fan € 494,05. Mei faasje waard it gehiel oanpakt. Koroana holp dêryn ek mei, want der wie no tiid foar. Wy neame even gjin nammen fan de helpers, om net ien te ferjitten. Wat hawwe se harren bêst dien!

    De âldste en de jongste keatser fan dizze dei mochten de doar fan de kantine iepenprikke   
    Dycke Fardau Bokma út Tersoal is dit jier begongen mei keatsen en Germ Bergstra út Gau is der al sûnt de oprjochting fan de club by! Kin it symboalysker? De hiele yngong hong fol mei kleurige 
    balonnen en dy mochten de 2 balslagger allegearre lek prikke.    En dat dienen se fakkundich en mei wille.
    Germ en Dycke 3.JPG


















     kantineromte.JPG
     kantineromte 2.JPG

         















  • Nieuws

    Voorlopig geen muurkaatsen i.v.m. aangescherpte coronaregels

    donderdag 15 oktober 2020
    Het was te verwachten, maar door de...
    Lees meer...

    Stem op de kaatsclub bij Rabo ClubSupport van 5 tot 25 oktober !

    woensdag 7 oktober 2020
    - De opbrengst willen wij gebruiken voor...
    Lees meer...

    Jouke Dotinga en Arjen Radix binne nij yn 't bestjoer

    donderdag 1 oktober 2020
    Jouke Dotinga en Arjen Radix binne...
    Lees meer...