• Jildou Sweering, Serena Hovenga en Anke Rinsma winne 1e klaskeatsen yn Goaiïngea

    zaterdag 13 mei 2017
    Mei acht partoeren 1e klasfroulju fan de KNKB wie net in drokke dei foar de minsken fan ús feriening. As it moast de bylotterij wêze, omdat oan partoer 8 twa froulju ûntbrieken. Mar dat kaam ek goed.  Ús pleatslike korifee Andrea Kroes trof it net, hja ferlear twa kear.   
    Yn 'e finale troffen Jildou Sweering, Serena Hovenga en Anke Rinsma nei twa kear winst it trio Fenna Kramer, Lotte Delgrosso en Marije Hellinga. In spannende partij, dy't Sweering c.s. wûnen op 5-4 6-4.
    De ferliezersrûnte waard wûn troch Jeanette Jansma mei de bylotte Anneke Smid en Ymkje Yntema. Hja wûnen op 5-5 6-2 fan Anna-Brecht Bruinsma, Michelle Bruinsma en Ineke van der Ploeg.
    De útslaggen
     1e prijs.jpg

    1. Jildou Sweering (Folsgeare),  Serena Hovenga (Marsum) en Anke Rinsma (Reduzum) 
    2. Fenna Kramer (Winsum), Lotte Delgrosso (Marsum) en Marije Hellinga (Deinum)
     2e prijs.jpg


    Ferliezersrûnte
    1. Jeanette Jansma (Dronryp), Anneke Smid (Wytmarsum) en Ymkje Yntema (Grou)
     1e ferl.jpg

  • Nieuws

    Prachtich nachtkeatsen by de grutten, en wat in waar!

    zondag 11 september 2022
    It soe in moaie nacht wurde en dat nei in pear...
    Lees meer...

    Nachtkeatsen foar de jeugd, wer in happening

    zaterdag 10 september 2022
    Pankoeken
    Lees meer...

    Slagge ledepartij senioaren mei sterke winners

    zaterdag 27 augustus 2022
    Dizze ledepartij stie earst 14 dagen ...
    Lees meer...