• Ilse Baanstra en Berber van der Goot winne de treastfinale mei oermacht by KNKB skoalfamkes yn Goaiïngea

    zondag 9 augustus 2020
    In moaie ploech fan 7 eigen skoalfamkes hie hjoed in thúswedstriid. Krekt as by de froulju 1e klas begong de wedstriid om 9 oere yn ferbân mei de hjitte. Yn de B-klasse mei 11 partoeren wienen de 7 famkes ûnderbrocht: Ilse Baanstra, Berber van der Goot, Jetske Zijlstra, Elbrich Kooistra, Brecht Renema , Martsen van der Goot en Rigt van der Velde. Ilse en Berber kamen tegearre it fierst. Nei ferlies yn ‘e earste omloop, hienen se it op de 3e list noch it dreechst tsjin Martsen van der Goot en Lisanne Venema, 5-4 6-6. 
     DSCI1289a.JPG






    Yn de finale fan de werkânsing spilen de beide fammen ( sjoch boppesteande foto ) sterk. It hout oan ‘e telegraaf wie oan ‘e ein fan de partij ûngelikens ferdield, 5-0 6-0 yn it foardiel fan Ilse en Berber.  
    Jetske Zijlstra en Elbrich Kooistra kamen tegearre yn de twadde omloop fan de winnersrûnte, mar koenen it net rêde tsjin de lettere 3e-priiswinners (5-2 6-6) Nina-Claire Wijning en Isabella Sijtsma.
    Yn de finale wûnen Jelly Hiemstra en Linda van der Meer op 5-3 6-2 fan Noëlle Hiddinga en Nathalie Andringa. 
    It wie hiel moai dat de prizen beskikber steld wienen troch Molkfeebedriuw Mts. Bakker út Tersoal. Dochter Wybrig mocht de measte de prizen útrikke.
     
    Yn de A-klas wie it spannend. Nei twa omlopen hie net ien fan de 4 partoeren twa partijen wûn. By einbeslút wie de winst fertsjinne foar Inge Blanke en Gerbrich Koster. De 2e priis wie foar Lisanne Scharringa en Sophie Kroondijk.
     
    De útslach fan de KNKB skoalfamkes t.i.l.
    A-klasse ( 4 partoeren ):
    1.  Inge Blanke (Boalsert) en Gerbrich Koster (Tsjom)
    2.  Lisanne Scharringa (Dronryp) en Sophie Kroondijk (Sint Anne)
     Skoalfamkes A 1.JPG
     Skoalfamkes A 2.JPG



    B-klasse ( 11 partoeren ):
    1.  Jelly Hiemstra ((Menaam) en Linda van der Meer (Dronryp)
    2.  Noëlle Hiddinga (Sint Anne) en Nathalie Andringa (Berltsum)
    3.  Nina-Claire Wijning (Sint Anne) en Isabella Sijtsma (Wetsens)
    Werkânsing
    1.  Ilse Baanstra (Snits) en Berber van der Goot (Goaiïngea)
    2.  Jennifer de Jong (Wytmarsum) en Maud van der Veen (Arum)
     Skoalfamkes B 1.JPG
     Skoalfamkes B 2.JPG
     Skoalfamkes B 3.JPG
     Skoalfamkes B ferl 1.JPG
     Skoalfamkes B ferl 2.JPG




  • Nieuws

    Zondag 4 oktober en dinsdag 6 oktober start het muurkaatsen; meld je aan bij Nolke en Aaltsje

    zaterdag 26 september 2020
    Mits er geen aanvullende...
    Lees meer...

    Sinne, wyn en ferbrând fel en sfearfol haadklassekeatsen yn Goaiïngea

    maandag 21 september 2020
    En doe hienen wy ynienen...
    Lees meer...

    Kantine it Fintsje nei 18 jier opnij iepene!

    zaterdag 12 september 2020
    Jouke Dotinga hold op sneon 12...
    Lees meer...