• Gesellige Fakânsjepartij foar de grutten yn Goaiïngea

    zondag 8 augustus 2021
    Goaiïngea 8 augustus 2021. In protte leden hienen de Bonnemapartij fan in dei earder noch yn it lichem sitten. It hie in lange keatsdei west mei foar in oantal noch in lange keatsjûn/-nacht. Mar goed, fierwei de measten stienen der op dizze 'thúsbliuwerspartij'! De hurde wyn rjocht achter it perk makke it foar de opslaggers dreech. De opslachlinen waarden in pear meter nei foaren lein en sa ek de yndividuele opslachproppen. Ja, it foel net ta. In pear kear kaam it spul stil te lizzen fanwegen in dikke bui, mar it waar klearre hieltyd mear op, sadat it oan 'e ein fan de middei suver noflik siet mei de sinne derby. En de kommisjes hienen soarge foar moai ynpakte fakânsjepaketten! Wat in ynpakdrokte!

    Moai pûlkeatsen yn de A-klasse
    Tsjonge wat makken de A-klassers der in spannende pûlkeatserij fan. De ien wûn fan de oare en ferlear wer fan in wer oarenien. Sa hienen nei twa partijen trije partoeren 12 punten en hie ien partoer 10 punten.  Hoe soe dit útpakke? 
    Michel Nesse en Evert Sijbesma (in dei earder yn Nijlân noch oppininten yn de finale) keatsten no tegearre yn in favoriterol. De earste partij wûnen se op 5-54 6-2 fan Egbert Heins en Arjen van der Zee, mar de twadde partij ferlearen se ferrassend op 5-5 6-6 fan Arjen Radix en Timen van Gelderen nei in perfekte strûper fan Timen flak oer 't  lyntsje.
    Jan Feenstra hat de lêste pear jier flink karriêre makke. En sa aktearde hy hjoed by de A's trochdat ien fan de A's net komme koe. Hy keatste mei Jouke Dotinga en die dat prima. De earste partij tsjin Arjen en Timen wûnen se op 5-5 6-6. Yn de twadde partij wienen Egbert Heins en Arjen van der Zee te sterk, 5-3 6-4. 
    De  lêste twa partijen gienen lang lykop. Michel en Evert hienen it dreech tsjin Jouke en Jan, ja de lêste twa kamen sels 3-2 foar en it waard noch 4-4. Mei grutte ynspanning pakten Michel en Evert doe troch, 5-4 6-4. 
    De oare partij tusken Egbert en Arjen van der Z. en it twatal Arjen R. en Timen liet inselde byld sjen. Oan 3-3 gie it lykop. En doe ynienen like it dat de fut der by Egbert en Arjen út wie. Yn in sucht wie it dien, 5-3 6-2. 
    Mar wa sieten no yn 'e krânsen? No, it moast op tsjinearsten beslist wurde. Michel en Evert kamen op 15 tsjinearsten út en Arjen en Timen op 14! 

    Fakânsjekeatsers winne B-klasse
    Dêr stienen 8 partoeren op 'e list. Sa faak keatst de foarsitter fan de keatsclub fan Reduzum hjir net mear. Mar hjoed dus wol. Itselde jilde foar syn maat Anneke de Groot. Wy tochten dat se har karriêre al beëinge hie, mar dat wie mistocht. Anneke: "Ik stopje pas as ik in bal boppeslein haw." 
    Foarynse Jelke Hindrik de Vries kompletearde it partoer. En, se kamen yn 'e finale, neidat se yn 'e earste omloop krekt wûn hienen fan de ek sterke formaasje Albertsym Fekken (in dei earder seis omlopen keatst!), de goed útslaande Pieter Jan Scholtanus en de sterke opslagger Bertus Dotinga. 
    Hofstee c.s. hienen it dêrnei krap tsjin de sterke Jan de Groot, Antsje Kievit en Femke Terpstra, mar wûnen dochs, 5-4 6-4.
    De altyd sterk keatsende Jelmer de Jong hie as maten Sjoukje Dotinga (foaryn) en as opslachster Wytske Boschma. Sy kamen wat makliker yn de einstriid, mar se wisten wol dat de finale wolris dreech wurde koe. En dat waard it. Op 5-3 6-6 wie it dien foar harren en de winst foar Hofstee c.s.

    Yn de ferliezersrûnte stienen Albertsym, Pieter Jan en Bertus tsjin oer Sytze Jan de Vries, Maureen Stok en Jochem Lootsma. De lêsten koenen dat net risse en ferlearen op 5-3 6-6.
     Jouke en.jpg


    Nei de lêste partijen siet it noch in skoft lekker yn 'e sinne. De linen leinen noch, mar hie giet soks? De binne altyd guon dy't begjinne de krammen út de linen te skuorren. En sa siet alles even letter kreas wer op 'e hispels! Jouke Dotinga makke him klear foar de priisútrikkersspeech. De frouljuskommisjeleden hienen de moaie prizen al útstald en sa koe it heve. En sa kaam in ein oan in noflike keatsdei mei net te min en net te folle dielnimmers, krekt genôch!
    A1.JPG
    A2.JPG


    De útslaggen  A-klasse (4 partoeren )
    1. Arjen Radix en Timen van Gelderen
    2. Michel Nesse en Evert Sijbesma

    B1 Aaltsje.jpg
    B2.JPG
    B3 ferl 1.JPG






    B-klasse (8 partoeren )
    1. Sjoerd Hofstee, Jelke Hindrik de Vries en Anneke de Groot
    2. Jelmer de Jong, Sjoukje Dotinga en Wytske Boschma
    Ferliezersrûnte
    1. Albersym Fekken, Pieter Jan Scholtanus en Bertus Dotinga
    AB1 Aaltsje.jpg













  • Nieuws

    Maaike Faber en Marije Jonker nemen het stokje over

    vrijdag 1 oktober 2021
    Op tongersdei 1 oktober wienen in lytse 30 leden...
    Lees meer...

    Zondag 26 september begint het Muurkaatsen weer

    dinsdag 21 september 2021
    ...
    Lees meer...

    In prachtige nacht om te nachtkeatsen

    zondag 12 september 2021
    Doe't wy begongen mei in prachtige list ...
    Lees meer...