• Froulju haadklasse snein 20 septimber yn Goaiïngea

    zaterdag 12 september 2020
    Ûnder betingst dat de gemeente Súdwest-Fryslân tastimming jout, sil der kommende snein 20 septimber in haadklassewedstriid foar froulju yn Goaiingea ferkeatst wurde, de generale foar de frouljus PC. Fansels sille ek de koroanaregels yn acht nommen wurde. 

    De wedstriid begjint om 11:00 oere en sil ûnder ferantwurdelikheid fan de KNKB ferkeatst wurde. Dat betsjut dat wy as feriening fjild, materiaal en de kantine beskikber stelle en, wêr mooglik, ek frijwilligers. In oantal enthousiaste leden is al begongen mei it sykjen fan karmasters en fjildlizzers. Dêrnêst soe it moai wêze as der noch wat minsken helpe wolle yn ’e kantine.
    Ús lid-om-utens Nynke Sijbrandij is ien fan de favoriten foar de oerwinning, mar wa wit, pakt ien fan ús oare leden, Andrea Kroes as Wybrig Bakker, ek in priis.
     
    As jimme ús helpe wolle, heare we dat graach!
    Jimme meie kontakt opnimme mei Aaltsje Wesselius:
    - jelle-aaltsje@het net.nl
    - 0515-521280

  • Nieuws

    Voorlopig geen muurkaatsen i.v.m. aangescherpte coronaregels

    donderdag 15 oktober 2020
    Het was te verwachten, maar door de...
    Lees meer...

    Stem op de kaatsclub bij Rabo ClubSupport van 5 tot 25 oktober !

    woensdag 7 oktober 2020
    - De opbrengst willen wij gebruiken voor...
    Lees meer...

    Jouke Dotinga en Arjen Radix binne nij yn 't bestjoer

    donderdag 1 oktober 2020
    Jouke Dotinga en Arjen Radix binne...
    Lees meer...