Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatsen B-groep

Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Evert Sijbesma kening fan de Oranjefeestpartij

vrijdag 15 juli 2022

Germ Bergstra blinkt út yn 'e ferliezersrûnte
Kommisje.JPG

Gau 15 july 2022
.  28 formaasjes hie de kommisje Jacob Dotinga , Klaas Greidanus, Gerrit van der Leeuw en Jan Dotinga te ferdouwen, 8 mear as yn 2021 en 28 mear as yn 2020. Opfallend wie it grutte tal jonge froulju, dy’t hast allegearre op KNKB-nivo keatsen en op dizze dei wat pryskes meipakten. En it wie ideaal waar! Trochdat alles flot ferrûn koenen de prizen moai op ‘e tiid útrikt wurde. Grutte winners waarden Evert Sijbesma, Brecht Renema en Doutzen Twijnstra, wêrby’t de keningskommisje, neidat se de punten ferdield hienen, útkaam op 8-8-2 (wat neffens deskundigen net kin ). Mar goed, it gie tusken Evert en Brecht. Nei in koart oerlis fan de keningskommisjesleden kaam der wite reek: it waard Evert. En sa hienen wy, nei Nolke Bergstra yn 2021, in nije kening yn de persoan fan Evert Sijbesma, dy’t de ek oan ta wie. Yn de finale hienen se Michel Nesse, Rigt van der Velde en Daan Cuperus frijwol kânsleas achterlitten, 5-2-6-6. Yn de heale finale hienen Sijbesma c.s. it krap tsjin Jelmer de Jong (dy bis net gau kwyt), Folkert Boschma en Jildou Twijnstra. De lêsten rêden it krekt net, 5-5 6-4, dan bist wol hiel ticht by de finale! Dêr foaroer hienen Michel, Rigt en Daan minder muoite mei Willem Twijnstra, Patrick Koelemij en Jelmer Bijma, 5-2 6-2. Dizze  3 Gausters wienen wol wat de ferrassing fan de dei.

De dei fan Germ  
In oar ferhaal wie de ferliezersrûnte. Soms kinst mar better de earste partij ferlieze. En dan leit der ynienen in prachtige keatsdei foar dy, achternei besjoen. Dat barde Jesse Cuperus, Anne Sjoukje Leenstra en Germ Bergstra, ek 3 (âld-)Gausters! Je betinke it net, mar dit partoer krige yn de twadde en tredde omloop alles oan ‘e hang, mei in haadrol foar Germ (76). En dan tinke jo it dêrnei kalmer oan te dwaan, mar nee. Yn de heale finale fersloech heit Germ( mei syn maten fansels) soan Nolke op 5-5 6-4. De âlde kening fan 2021, Nolke - hy keatste mei Marije Sijbrandij en Rixt Velstra -   wie yn de earste omloop al ûnttroand op 5-5- 6-6. Yn de finale waard it wat nofliker foar Jesse en syn maten. Se fersloegen se Jan de Groot, Arjan Oosterbaan en Dagmar van der Laan, 5-2- 6-4. "Ik bin stikken", sei Germ, mar hy stie de oare deis alwer 4 meter heech op ut ljedder. It wie in prachtige keatsdei mei blidens by winst en soms teloarstelling by ferlies.  
Kransomhinging.JPG

De útslaggen
1.    Evert Sijbesma (K), Brecht Renema en Doutzen Twijnstra
2.    Michel Nesse, Rigt van der Velde en Daan Cuperus
3.    Willem Twijnstra, Partrick Koelemij en Jelmer Bijma
4.    Jelmer de Jong, Folkert Boschma en Jildou Twijnstra
Ferliezersrûnte
1.    Jesse Cuperus, Anne Sjoukje Leenstra en Germ Bergstra
2.    Jan de Groot, Arjan Oosterbaan en Dagmar van der Laan
 
1.jpg
2.JPG
3 3.jpg

4 3.JPG
5 ferl. 1.JPG

6 ferl. 2.jpg



Nieuws

Snein 24 novimber Veegpiettoernoai - Muorrekeatsen 

maandag 11 november 2024
...
Lees meer...

O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)

vrijdag 25 oktober 2024
...
Lees meer...

Freed 25 oktober 2024: Algemiene Ledegearkomste 

woensdag 9 oktober 2024
...
Lees meer...