• En ek in prachtige nachtlike ôfsluting foar de grutten

    zondag 8 september 2019

    De jongerein komt deroan!
    Wy hienen in moaie list mei 11 partoeren, froulju en manlju mingd. En, hiel posityf, de jongerein komt deroan. En dan hawwe wy oer de leeftydsgroep fan sismar 15-25 jier. Moai keatsen hienen wy, krekt as de jongerein, ek mei de grutte giele bal. It wienen wol âlde ballen, dat moat sein wurde!

    Ja, it rûn allegearre wat út mei it jeugdkeatsen, mar wy hienen de tiid. Wie de by de jongerein noch sprake fan wat reindrippen of driging fan drippen, de âlde garde hat it hielendal troffen mei it waar. Wat in nacht! 

    It wie in bytsje de jûn fan Anneke de Groot
    De famylje Jan de Groot spile wer in kear in aparte rol. Is it net heit tsjin soan, dan is it wol man tsjin frou. En op dizze jûn wie it man tsjin frou én ek noch in kear mem tsjin soan. Anneke wie lotte by Andrea Kroes en Evert Sijbesma. 
     
    In klapper die him foar yn de earste omloop
    Timen van Gelderen, Gerben Wierda en Aaltsje Wesselius tsjin Jouke Dotinga, Wytse Symen Boschma. Nei in grutte foarsprong kamen Jouke (hy is alwer goed op wei!) en syn maten knap werom en pakten de partij op 5-5 6-6.
     
    De jonkies winne
    Johan Cnossen, Marcel de Groot en Moniek Lootsma binne mei har trijen 47 jier âld. Hoe soe dat kommen, foaral mintaal? In sterk perk, dat wol en de bêste C as opslachster, mar it moat noch mar. Yn de 1e omloop wûnen se op 5-2 6-6 fan Jaring Ypma, Marije Jonker en Patricio Venekamp (herintreder dit seizoen). De klapper kaam yn de 2e omloop doe’t se oantrede moasten tsjin Michel Nesse, Gatske de Jong en Tsjalling Hospes (ek herintreder). It waard in spannende, lykopgeande partij, wêrby’t de jonkies – stipe fan it publyk, dat wol – út in hast ferlerne posysje op 5-5 kamen en doe it lêst earst fersilveren.
     
    De grutte bal leit Evert Sijbesma wol en mei Anneke en Andrea derby koe der net folle mis gean. De 1e omloop tsjin Jacbob Dotinga, Iris Jonker en Kristia Dotinga wie net in probleem. En de 2e omloop tsjin Jan de Groot, Harm van Gelderen en Antsje Kievit (it âldste partoer: 156 jier) krigen se mar 1 earst tsjin. Foar Anneke wie de 1e hobbel (Jan) nommen. Doe folge in steand nûmer en dêrmei wie de finale berikt.
     
    Johan Cnossen, Marcel de Groot en Moniek Lootsma moasten op ‘e 3 echt wol oan ‘e bak tsjin Thijs Bijma, Folkert Wierda en Marrit Oosterbaan. Mar dy klus waard oprêden, 5-3 6-2.
     
    De Partij fan de Nacht
    Ja, wat soe it wurde? De hiele partij joech it byld fan Evert en syn maten as boppelizzende partij. Andrea stie foaryn en sloech net op! En dat foar in dame dy’t normaal allinnich mar opslacht.  en Johan c.s. as de ûnderlizzende. En Anneke sloech fansels foarbêst op. It partoer fan Johan Cnossen, Marcel de Groot Moniek Lootsma foarmen in slutende formaasje en lieten har net gau fan 't hynder bringe. Johan achteryn en foarminst op, Marcel foaryn en Moniek foarbêst. 

    Hieltyd kamen Evert c.s. 1 earst foar en hieltyd kamenen Johan en syn maten werom, en dat wie yn alle earsten, as it my net mist, op 6-6! Foar it publyk wie it fantastysk om mei te meitsjen. Mar doe waard it 5-4 foar Evert-en-dy. En neffens de wetten fan dizze nacht moast it no 5-5 wurde; 6-6 waard it wol. En Marcel krige de kâns de 2 punten te pakken, mar de bal wie te lestich. Mar alle hulde oan de jongerein en fansels wie it in fertsjinne winst foar Evert, Andrea en Anneke.


    De útslach
    1.  Evert Sijbesma, Andrea Kroes en Anneke de Groot                            
    2.  Johan Cnossen, Marcel de Groot en Moniek Lootsma

     1.jpg

    2.JPG


































    Ferliezersrûnte

    1.  Timen van Gelderen, Gerben Wierda en Aaltsje Wesselius
    2.  Arjen Radix, Aaltsje Kroes en Franziska van der Tempel (de fotokwaliteit wie de min)
    f 1.JPG


  • Nieuws

    Prachtige opbrengst Rabo Clubsupport 

    woensdag 16 oktober 2019
    Allemaal hartelijk dank voor het stemmen...
    Lees meer...

    Autobedrijf Leenstra en Himmel & Skjin binne de nije shirtsponsors

    zondag 13 oktober 2019
    Dat waard sneon 12 oktober op de gesellige jûn...
    Lees meer...

    En it wíe in gesellige jûn!!

    zaterdag 12 oktober 2019
    It wie in jûn wie it mei in protte...
    Lees meer...