• De Oprommerspartij: wêr komme al dy kabouters wei?

    vrijdag 28 mei 2021
    Dat frege ik (HvG) oan Marco van der Goot. Syn antwurd: ‘Ut de paddestuollen.’ Ja fansels, dat is in feit! In oare werklikheid is lykwols dat Aaltsje Kroes in keatsclinic hâlden hat op Mienskipsskoalle De Legeaën. En dat hat in kloft nije kabouters oplevere, it oantal is ferdûbele! Hulde foar dizze aksje. Spitich genôch koe de oare keatsclinic op woansdei 26 maaie mei Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum troch it minne waar net trochgean.  Mar dat komt grif in oare kear noch.
    Goed, werom nei wêr’t it no om giet: de Oprommerspartij fan freed 28 maaie  Jonges, jonges wat in bekers. En elk mocht ien útsykje. It wie in aardichheid om te sjen hoe’t de jongerein de bekers útsocht: de jongsten gienen foar de grutste beker, guon seagen ek nei de kleur en foarm. By de pupillen en skoaljeugd wie it grutte formaat minder belangryk. 

    De kabouters

    De kabouters wienen ferdield yn 2 groepen, in A- en in B-pûl. Yn de B-pûl sieten foaral de nijelingen. Se spilen allegearre 3 partijen, 1 tsjin 1. Eelco Kiestra wie by de B’s de grutte man mei 3 kear winst. Hy mocht de finale spylje tsjin Micha Helfrich en wûn dy spannende partij op 5-4 6-2: foar it earst in kribelige krâns om ‘e nekke.
    By de A’s wie it wér Wiebe Huitema dy’t de krâns om krige, krekt as op Himelfeartsdei. Mar it liket allegearre sa maklik. Sa wûn hy pas op 5-5 6-6 fan nijkommer Patrick Feenstra. De finale spile hy tsjin Anna-Lynn Koldijk. It waard spannend. Wiebe wûn op 5-4 6-4.  
     Kabouters groep.jpg


    Utslach kabouters A 
    1. Wiebe Huitema 
    2. Anna-Lynn Koldijk 
    3. Femke van der Zwan 
    4. Daniël Borkhuis 
    5. Patrick Feenstra 
    6. Roel Hofman
    Utslach kabouters B
    1. Eelco Kiestra 
    2. Micha Helfrich 
    3. Sarah de Jong 
    4. Boaz Oppewal 
    5. Layla Borkhuis 
    6. Minke Nijland 

    De welpen
    Fjouwer twatallen spilen hjir in heale kompetysje. Weryntreder Rein Huitema – yn ‘e fuotspoaren fan broerke Wiebe sille wy mar sizze – spile mei Foke Marij Bakker. It wie 3x winst foar Rein en Foke Marij en mei romme sifers! Mei 14 punten eingen as 2e Lise Bijma en Jitse Bakker. 
     
    IMGP3736.JPG









    Utslach welpen   
    1. Foke Marij Bakker en Rein Huitema 
    2. Lise Bijma en Jitse Bakker 
    3. Esther Lootsma en Edsert Bouma 
    4. Falke Bakker en Tieme Holtrop

    De pupillen

    Hjir ek 4 twatallen en hjir ek in partoeren mei 3 winstpartijen. It jongespartoer Jeljer-Sjoerd Kooistra en Jorrit Boersma dienen dat, like goed siet dêr wol in partij bij fan 5-5 6-6, tsjin Jildou Twijnstra en Imme Klaas Kievit. De 2e priis wie foar Anne Rikst Bakker en Ytzen Hoekstra mei 16 punten.
     Pupillen 1.JPG
     Pupillen 2.JPG





    Utslach pupillen
    1. Jeljer-Sjoerd Kooistra en Jorrit Boersma 
    2. Anne Rikst Bakker en Ytzen Hoekstra 
    3. Jildou Twijnstra en Imme Klaas Kievit 
    4. Anna Marit Twijnstra en Doutzen Twijnstra

    De skoaljeugd

    De 4 skoaljeugdpartoeren – wy kinne net sprekke fan skoalfamkes, omdat Lucas Gaastra sa moedich wie om in iepenfallen plak fan ien dan de famkes yn te nimmen –  spilen harren striid as altyd: serieus en stânfêstich, sûnder al tefolle drokte. Dit kear stieken Brecht Renema – op Himelfeartsdei ek al yn ‘e krâns – en Berber van der Goot fier boppe de oare partoeren út: 21 punten dus.
    Yn de lêste omloop wie noch fan alles mooglik, mar Brecht en Berber makken gjin flaters yn de partij tsjin Rigt van der Velde en Jetske Zijlstra, 5-2 6-6. Sa gie úteinlik de 2e priis nei ‘the best of the rest’, Elbrich Kooistra en Ilse Baanstra, op it nipperke, dat dan wol wer.  
     Skoaljeugd 1.JPG
     Skoaljeugd 2.JPG



































    Utslach skoaljeugd     
    1. Brecht Renema en Berber van der Goot 
    2. Elbrich Kooistra en Ilse Baanstra 
    3. Martsen van der Goot en Lucas Gaastra 
    4. Rigt van der Velde en Jetske Zijlstra 
     Skoaljeugd groep.JPG


















  • Nieuws

    OUDIJZERACTIE donderdag 24 juni

    zaterdag 19 juni 2021
    Lees meer...

    Coronapartij jeugd krekt foar de swiere buien klear!

    vrijdag 18 juni 2021
    Der wienen freed 18 juny mear kabouters (15...
    Lees meer...

    It fjild fol mei de Bakker TAB-partij: Marije, Nynke en Etta winne!

    vrijdag 11 juni 2021
    Wy mochten foar it earst...
    Lees meer...