• De lêste fakânsjeledepartij foar de jeugd sit der wer op!

    woensdag 18 augustus 2021
    Noch in pear dagen en dan sil ús jongerein wer nei skoalle moatte, nei de basisskoalle yn Sibrandabuorren of Skearnegoutum of foar it earst nei Snits nei de 'grutte skoalle', of gewoan foar it safolste jier nei Bogerman of RSG of in oare opliedingsynstitút. It wie te merken, guon jongelju wienen aardich roerich, mar dat hindert neat. It waar wie goed en de minsken ek. De jeugdkommisje hie alles wer netsjes yn streken. 

    KABOUTERS
    Der wienen 12 entûsjaste kabouters, dy't 1 tsjin 1 it begjinnersspul spilen, mei in fêste keats. Se wienen ferdield yn in A- en B-groep. Nei in heale kompetysje folge noch in finale.By de B's stienen Bert Kalma en Dycke Fardau Bokma foar elkoar oer. Lang giet it lykop, mar op it lêst luts Dycke Fardau oan it langste ein, 5-4 6-2. Der 3e priis wie foar Minke Nijland.
    By de A's makken Hester Kiestra en Ravi de Vries der in spannende pot fan. Pas op 5-5 6-4 wie de winst krekt foar Ravi. De 3e priis kaam Femke van der Zwan ta. Sy hie 1 tsjinearst minder as Anna-Lynn Koldijk. Ja, it gelok of de pech sit soms yn lytse dinkjes.
    Kabouters A (6 dielnimmers )
    1.  Ravi de Vries  2.  Hester Kiestra  3.  Femke van der Zwan
      Kabouters B (6 dielnimmers )
    1.  Dycke Fardau Bokma  2.  Bert Kalma  3.  Minke Nijland
    Kabouters.JPG

     WELPEN
    Der wienen dit kear mar 4 welpen en dy mochten allegearre trije kear mei in oare maat keatse. Ek wol wer ris aardich. By einbeslút sprong Esther Lootsma der fier út mei trije kear winst! It makke net út mei wa't se keatste, se wûn! 21 punten krige se dêrfoar. Twadde en de bêste fan de rest wie Tieme Holtrop mei 14 punten.
    Welpen (4 dielnimmers )
    1.  Esther Lootsma  2.  Tieme Holtrop
     Welpen 1 2.jpg

     
    PUPILLEN
    De fjouwer pupillepartoeren spilen in heale kompetysje, sa as gewoanlik. Daliks yn 'e earste omloop troffen Jildou Twinstra en Ytzen Hoekstra it twatal Minke Lys Leenstra en Imme Klaas Kievit. It wie daliks de klapper fan 'e dei, dy't Minke Lys en Imme Klaas wûnen, 5-5 6-2. Beide partoeren wûnen dêrnei de twa oare partijen en sa kamen se beide yn 'e prizen.
    Pupillen  (4 partoeren )
    1.  Minke Lys Leenstra en Imme Klaas Kievit  2. 
     Pupillen.JPG
    Jildou Twijnstra en Ytzen Hoekstra






































    SKOALJEUGD
    Ús fêste 8-tal skoalfamkes makke der wer in moaie striid fan. Se hienen der wer nocht oan. Elbrich Kooistra en Brecht Renema, twa spylsters fan bûten de streek, wienen it sterke duo Rigt van der Velde en Martsen van der Goot yn de earste partij flink de baas, 5-2 6-6! De beide oare partijen wûnen se ek mei 5-2 en dus wie de winst mear as fertsjinne! Rigt en Martsen hienen it dêrnei ek net echt dreech mear (ek twa kear 5-2 winst).  
    S koaljeugd  (4 partoeren )
    1.  Elbrich Kooistra en Brecht Renema
    2.  Rigt van der Velde en Martsen van der Goot
     Skoaljeugd.JPG






  • Nieuws

    Maaike Faber en Marije Jonker nemen het stokje over

    vrijdag 1 oktober 2021
    Op tongersdei 1 oktober wienen in lytse 30 leden...
    Lees meer...

    Zondag 26 september begint het Muurkaatsen weer

    dinsdag 21 september 2021
    ...
    Lees meer...

    In prachtige nacht om te nachtkeatsen

    zondag 12 september 2021
    Doe't wy begongen mei in prachtige list ...
    Lees meer...