Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatsen B-groep

Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

De Foute Partij wie krekt in kostúmdrama

zondag 12 juni 2022
Alles 1.jpg


Goaiïngea, snein 12 juny 2022.  Yn de bioskoop kinst nei 'Downton Abbey' foar in kostúmdrama, mar yn Goaiïngea dienen se dêr net foar ûnder mei in kréative ferklaaierij! En In drama wie it hjir en dêr wol. Werom komme út kânsleaze posysjes en dochs noch ferlieze én keatse moatte as je net mear kinne... Mar by einbeslút wie it wer in kear in tige slagge keatsdei en dat mei 42 keatsers en keatsters. Arjen Radix waard keazen ta  moaist ferklaaide keatser, as Chris Wassenaar. Arjen wûn gjin priis dizze dei, mar dat die Chris ek net altyd. Der wienen hiele aardige kréaasjes by, tefolle om hjir op te neamen.            

Partoer Marije Jonker pakt yn de finale noch in  kear út
In licht drama wie wol in bytsje by de froulju. Foar it earst keatsten de froulju wer in kear apart, en zo hoort het ook. In moaie seis partoeren en mei sa'n komplete list kinst moai trije kear lotsje neffens in troch de KNKB úttocht systeeem. Dêrnei is der dan noch in finale tusken de partoeren mei de measte punten. En lit de partoeren dy't boppe-oan kamen yn de rangskikking elkoar yn de alderlêste partij troffen hawwe! Hoe betinkst it.  Marrit Oosterbaan, Antsje Kievit en Rixt Velstra wûnen fan Marije Jonker, Siebrigje Nynke Boschma en Renske Zijlstra yn in spannende partij op 5-5 6-4. Beide partoeren hienen 19 punten, mar Jonker c.s. hienen 12 tsjinearsten en Oosterbaan c.s 14 tsjinearsten. De lêsten wienen al stikken en kapot en moasten noch in kear kear tsjin deselden. Twa kear pike, dat wie tefolle frege en dat die ek wol bliken út de útslach: 5-2 6-6, doe't Renske Zijlstra een rare bal joech op Antsje Kievit. Oars hie it fan 't selde noch 5-3 wurden! In fertsjinne winst foar Marije, Siebrigje Nynke en Renske, mar ek goud mei in silveren rântsje, kinst sizze, want je hawwe in partij earder noch wol fan deselden ferlern. 'Het kan verkeren', zei Bredero....        

Útslach froulju ( 6 partoeren )
1. Marije Jonker - Siebrigje Nynke Boschma - Renske Zijlstra
2. Marrit Oosterbaan - Antsje Kievit - Rixt Velstra
froulju 1.JPG
froulju 2.JPG

 
Winst partoer Timen van Gelderen yn spannende finale
It moai slutende partoer mei Timen van Gelderen, Marcel de Groot en Jelke Hindrik de Vries kaam nei twa winstpartijen yn de finale tsjin Nolke Bergstra, Jeen Brinksma en Willem Twijnstra - ek net snotterich. Van Gelderen c.s. namen in foarsprong fan 4 skjinne earsten en doe begon it ynienen te rinnen mei Bergstra .c.s. Earst nei earst folge oant 4-4 ta. Doe woe Timen oarder op saken stelle en die dat mei 3 sitballen waard it 5-4 en op 5-4 6-6 sloech Timen de keats foarby. Sa goed weromkomme en dan it krekt net rêde, sneu bliuwt dat.


Yn de ferliezersfinale wie it hast krekt sa dramatyske. Marco Lobregt, Sytze Jan de Vries en Bertus Dotinga rûnen fier út op Jouke  Dotinga, Jelmer de Jong en Jouke Gerbrandy. Jouke c.s. kamen werom en ferlearen dochs noch, 5-5 6-2. 


Útslach manlju ( 8 partoeren )
1. Timen van Gelderen - Marcel de Groot - Jelke Hindrik de Vries
2. Nolke Bergstra - Jeen Brinksma - Willem Twijnstra
Ferliezersronde
1. Marco Lobregt - Sytze Jan de Vries - Bertus Dotinga
2. Jouke Dotinga - Jelmer de Jong - Jouke Gerbrandy
manlju 1.JPG
manlju 2.JPG

manlju ferl. 1.JPG
manlju ferl. 2.JPG
Alles 2.JPG




Nieuws

Snein 24 novimber Veegpiettoernoai - Muorrekeatsen 

maandag 11 november 2024
...
Lees meer...

O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)

vrijdag 25 oktober 2024
...
Lees meer...

Freed 25 oktober 2024: Algemiene Ledegearkomste 

woensdag 9 oktober 2024
...
Lees meer...