Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
KNKB famkes ôfd. + t.i.l. (opstap)
Op 28 mei 2023 van 10:00 tot 0:00 uur
locatie: Goaiïngea
KNKB skoalfamkes t.i.l. AB
Op 28 mei 2023 van 10:00 tot 0:00 uur
locatie: Goaiïngea
Ouwe Hap Partij KNKB manlju 50+ frije form. AB
Op 4 juni 2023 van 10:00 tot 0:00 uur
locatie: Goaiïngea
De earste krânsen hingje wer nei in flitsende Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij (2)
donderdag 28 april 2022

It twatal Michel Nesse en Timen van Gelderen wûnen alle trije partijen. In achterstân koe harren net deare, se pakten de tried wer op. Jouke Dotinga, Johan Cnossen, de jongste fan ‘t stel!, en Nolke Bergstra koenen it yn de partij krekt net rêde tsjin Michel en Timen en sa kamen sy by einbeslút út op de 2de priis, ek moai. Moai wie dat Sibbele Lootsma meidie. Ús âld-PC-keatser sjogge wy net sa faak mear. Wa wit....
Senioaren B-klasse
Troch in kommunikaasjemisferstân stie manljuskommisjelid Marcel de Groot net op ‘e list. Yn syn plak stie no heit Jan ynienen op ‘e list, dy’t pas yn ‘e rin fan ‘e moarn fêststeld waard, netsjes mei de hân skreaun. It ûngeloksgetal 13 wie foar Jan de Groot, Ruurd Jan Leenstra en Marijke Sijbrandij. Normaal ferliest it steande nûmer de twadde omloop 9 fan de 10 kear. Mar dit kear dus net.
En sa kaam it dat De Groot c.s. nei twa ienfâldich wûne partijen de finale berikten tsjin Aaltsje Kroes, Jelmer Molenaar en ús Wytmarsumer fjildlizzer Oeds Broersma. Kroes c.s. dienen it prima tsjin Sytze Jan de Vries, Kristia Dotinga en Arjan Oosterbaan yn de earste omloop, 5-3 6-4 en ek yn de twadde en tredde omloop. De beide lêst neamde partoeren keatsten as iennichsten fjouwer kear.
Yn de finale lieten Jan, Ruurd Jan en Maaike de tsjinstanners alle hoeken fan it fjild sjen. It waard 5-1 6-0. Yn de finale fan de ferliezersronde wie it wat spannender. Sytze Jan, Kristia en Arjan wûnen dizze partij op 5-3 6-0 fan Albertsym Fekken, Catrinus Kooistra en Etta Dotinga.
Doe koenen de linen opromme wurde en begong de gearsit yn ‘it Fintsje’. Lang om let waarden de prizen útrikt en bleau it noch lang gesellich. De kop is fan it seizoen is derôf mei de Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij!
De útslaggen
Senioaren A-klasse (4 partoeren )
1. Michel Nesse en Timen van Gelderen
2. Jouke Dotinga, Johan Cnossen en Nolke Bergstra


Senioaren B-klasse (13 partoeren )
1. Jan de Groot, Ruurd Jan Leenstra en Marijke Sijbrandij
2. Aaltsje Kroes, Jelmer Molenaar en Oeds Broersma


Ferliezersronde
1. Sytze Jan de Vries, Kristia Dotinga en Arjan Oosterbaan
2. Albertsym Fekken, Catrinus Kooistra en Etta Dotinga


Nieuws
150 famkes en jonges keatsten federaasje yn Goaiïngea; krâns foar Patrick Feenstra by syn debút (1)
zaterdag 27 mei 2023
Goaiïngea...
Lees meer...
150 famkes en jonges keatsten federaasje yn Goaiïngea; Moniek en Jochem Lootsma yn 'e krâns (2)
zaterdag 27 mei 2023
Goaiïngea...
Lees meer...
Tsjerkebierpartij - Moniek Lootsma wint yn eigen hûs op 1ste klas
vrijdag 26 mei 2023
...
Lees meer...



