Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatsen B-groep
Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
De earste krânsen hingje wer nei in flitsende Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij (1)
woensdag 27 april 2022
Goaiïngea, 27 april 2022. De âlde tiden komme werom: om 9 oere begjinne te keatsen mei de jeugd en letter op ‘e dei mei de grutten. It moaie is dat de jeugdkommisjeleden dan sels ek keatse kinne. En sa barde it. Om 13:00 begongen de grutten en doe wie de (skoal)jeugd as lêste groep noch dwaande mei de lêste partijen. Sytze Jan de Vries mocht de prizen útrikke. Yn syn ‘maidenspeech’ foar de âldste groep goaide hy daliks de beuk deryn: se wienen wér lêst út en se mochten de oare kear wol wat opsjitte! Dat wie goed bedoeld fansels, mar it is wol wier dat dizze groep alle jierren en by alle ledepartijen it lêst út is. It sit yn de genen sille wy mar sizze.
De senioaren keatsten yn twa klassen: de A’s bestienen út twa twatallen en twa trijetallen. Yn de B-klasse dienen 13 partoeren mei, froulju en manlju troch elkoar. Nei in hiele lange dei, waarden yn de kantine de prizen útrikt, ûnder it genot fan 'in hapje en in sapje' ( nee, Gerrit van der Leeuw wie der net! ). Jouke Dotinga die de priisútrikking, sa as gebrûklik de lêste tiid.
Op 'e foto: de kommisjes oan it lotsjen foar de grutten!
Kabouters
Yn dizze groep wienen in pear nije spilers/spylster, in goede saak. De keatsten wer 1 tsjin 1, yn in lyts perkje. Sa bliuwt it bern aktyf! Eelco Kiestra mocht it yn de finale opnimme tsjin Dycke Fardau Bokma en hy wûn dat dik: 5-2 6-6. De finale fan de ferliezersronde gie tusken Amerins Kiestra en Feija Bakker, twa nijkommers. En Feija Bakker wûn dat: 5-1 6-2.
Welpen
Hjir dienen 3 twatallen mei. Esther Lootsma en Hester Kiestra sprongen der yn dizze klasse út: 14 punten troch twa winstpartijen, 5-3 en 5-2, dus dat wie fertsjinne. ‘The best of the rest’ wienen Edsert Bouma en Anna Lynn Koldijk mei 10 punten. En sa die de famylje Kiestra goede saken.
Pupillen
Yn dizze klasse wienen ek 3 twatallen en hjir sprong ek ien partoer derút: Imme Klaas Kievit en Foke Marij Bakker. As je twa kear mei 5-1 winne is dat wol dúdlik. Yn dizze klasse wie ien priis.
(Skoal)jeugd
De ploech famkes is dit jier oanfuld mei in stik as wat skoalfamkes/-jonges. En dan soenen jo wat mear partoeren ferwachtsje. Mar nee, in pear wienen der net en sa kaam it wer út op in pûl fan 4, mar wol trijetallen! En sa koe elk wer trije kear spylje, neat mis mei. En de sfear wie prima.
It waard in spannende striid. Nei twa rondes wie noch neat beslist: ien partoer mei 11 punten en oare partoeren hienen 8 of 9 punten. Brecht Renema, Jildou Twijnstra en Ilse Mare Bokma dienen yn de lêste omloop goede saken troch op 5-3 6-4 te winnen fan Rigt van der Velde en Doutzen Twijnstra, dy’t harren tredde maat Anne Rikst Bakker misten. Dêrmei wie foar harren de krânsen. Yn de striid om it 2de plak tusken Ilse Baanstra, Jetske Zijlstra en Jeljer-Sjoerd Kooistra en it partoer Martsen van der Goot, Minke Lys Leenstra en Anna Marit Twijnstra kaam alles oan ‘e hang. Foar de winners soe de 2e priis wêze en dat wienen Martsen en har maten.
De útslaggen
Kabouters ( 8 dielnimmers )
1. Eelco Kiestra 2. Dycke Fardau Bokma
Ferliezersronde
1. Feija Bakker 2. Amerins Kiestra
Welpen ( 3 partoeren )
1. Esther Lootsma en Hester Kiestra
2. Edsert Bouma en Anna-Lynn Koldijk
Pupillen ( 3 partoeren )
1. Imme Klaas Kievit en Foke Marij Bakker
(Skoal)jeugd ( 4 partoeren )
1. Brecht Renema, Jildou Twijnstra en Ilse Mare Bokma
2. Martsen van der Goot, Minke Lys Leenstra en Anna Marit Twijnstra

Nieuws