Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatsen B-groep

Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Broer en sus broer Lootsma op dreef mei muorrekeatsen!

zondag 11 december 2022
Snein 11 desimber 2022. It VeegPiettoernoai stie earst op 27 novimber, mar dat joech nei ferwachting net genôch dielnimmers. Sadwaande waard it útstel, mar gjin ôfstel. It gie troch en noch wol yn twa klassen!
Nolke en Marije.JPG

Frouljusklasse mei 11 dielnimmers: Marije Jonker wint kear
Dit wienen de tiisdeitejûnmuorrekeatsters. De ladies begongen om 15.30 oere. Alle froulju mochten 8 potten spylje, 15 punten út. Lykas altyd twa tsjin twa, wy binne net oars wend. By de lotting wie rekken hâlden mei de sterkte fan de spylsters. It gie dat it slydjage, yn in oardeloere wie dat beslikke. Ien frou helle 7 winstpartijen en wûn de 1ste priis: Marije Jonker , ponghâldster fan ús club. Se helle 11,1 punten. De iennichste mei 6 winstpartijen wie Moniek Lootsma , dik trije punten achter Marije. Maureen Stok en Marrit Oosterbaan waarden 3de en 4de mei 6,6 en 6,4 punten. Sy wûnen 5 partijen.  Hjirûnder op 'e foto: Minke Lys Leenstra, Femke Veenstra, Janneke Blanke en Petra Fekken, op in hilarysk momint. 
Froulju.JPG

















Manljusklasse mei 13 dielnimmers: Jochem Lootsma set elkenien te plak!
De mannen begongen al om 13.00 oere en dienen 18 punten. Dat wie krekt wat tefolle fan it goede, want dêrtroch koenen de froulju in dik healoere letter begjinne. It wie net oars. Nei 8 spile potten die bliken dat Jochem Lootsma as iennichste 7 partijen wûn hie; puntetotaal 10,8. Dizze freulekeatser blinkt út yn balfêstheid en tûke baltsjes. Sjouke Beimers wûn de 2de priis mei 6 winstpartijen; puntetotaal 7,4. De 3de en 4de priis kaam ta oan Evert Sijbesma en Michel Nesse mei 6,9 en 6.6 punten. Sy wûnen 5 partijen.
Op 'e foto hjirûnder: Jelmer de Jong, Sjouke Beimers en Jelmer Foppe Drijfhout.Manlju.JPG


Sjouke 2de priis.JPG
Priiswinners.JPG


Net-spiler Nolke Bergstra en Marije Jonker rikten nei ôfrin de prizen út, sponsord troch bakker-sutelder Jaring Ypma. 

Rjochts op 'e foto: Sjouke Beimers. Ûnder op 'e foto:achter f.l.n.r. Jochem Lootsma, Moniek Lootsma, Marije Jonker, Maureen Stok en Marrit Oosterbaan; foar Evert Sijbesma en Michel Nesse.
VeegPiettoernooi.jpg


Nieuws

Snein 24 novimber Veegpiettoernoai - Muorrekeatsen 

maandag 11 november 2024
...
Lees meer...

O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)

vrijdag 25 oktober 2024
...
Lees meer...

Freed 25 oktober 2024: Algemiene Ledegearkomste 

woensdag 9 oktober 2024
...
Lees meer...