• (1) Sublime keatsdei mei de 3de Jonge Hab Partij; A-klasse winst foar Poelsma, Jellema en Weersma

    zondag 24 juli 2022
     Jonge Hab.JPG


    Goaiïngea 24 july 2022. Sels hienen wy it yn 't foar op 50 partoeren, mar 'gelokkich' hold it mei 44 op, want je moatte ek wat te winskjen hâlde foar it oare jier! Wat hienen se it moai foar elkoar, de Jonge-Habploech mei Aaltsje Kroes, Petra Fekken, Jouke Dotinga, Jan Feenstra, Albertsym Fekken, Sjoukje Dotinga, Jelmer de Jong en Marcel Brakels! Petje af en sinnebril op! 'Meitsje my gek' stiet op de brillen, no gek krigen se dizze ploech net! Ien pinepuntsje wie doe't ús âldste aktive lid Oeds Broersma it fjild ferlitte moast, hy koe net fierder keatse. It waard in lange dei, mei keatsen, iten en drinken en praten, praten, gek dwaan en som serieus wêzen. De spilers kamen út alle gatten en hoalen, oeral wei wêr't de Jonge Hab syn konneksjes hat. En ek taskôgers wienen der by 't soad, út Goaiïngea, mar ek út de omlizzende doarpen. Sfearmakker Bruno Rummler brocht de stimming deryn oant djip yn 'e jûn!
    Bruno.JPG


    A-KLASSE
    Yn dizze klasse stienen 12 partoeren op 'e list, it iene noch sterker as it oare. De priis gong úteinlik nei Sybren Poelsma, Bote Jellema en Tsjeard Wiersma. Syn wûnen yn in moaie finale fan Jelmer Drijfhout, Jan Yntema en Arjan van der Wal op 5-5 6-0. De ferliezersfinale waard wûn troch Sjoerd Atze de Jong, Raymond Cuperus en Jelmer de Boer. De tsjinstanners Hendrik Brandsma, Durk Bootsma en Menno Sweering krigen mar ien earst, 5-1 6-2.

    A-klasse ( 12 partoeren )
    1. Sybren Poelsma, Bote Jellema en Tsjeard Weersma
    2. Jelmer Drijfhout , Jan Yntema en Arjan van der Wal
    Ferliezersrûnte
    1. Sjoerd Atze de Jong, Raymond Cuperus en Jelmer de Boer
    2. Hendrik Brandsma, Durk Bootsma en Menno Sweering
    A 1.JPG


    A 2.JPG
    A ferl 1.JPG
    A ferl 2.JPG




  • Nieuws

    Maandag 17 maart start cursus Kaatstrainer 2 in Goënga

    zaterdag 25 februari 2023
    Lees meer...

    Begin maart start jeugdtrainingen in it Mingeltsje

    zaterdag 25 februari 2023
    Lees meer...

    It Keatswykein giet wer troch!

    vrijdag 10 februari 2023
    Lees meer...