116 jongelju op Regio-Súdwestpartij yn Goaiïngea

vrijdag 21 juni 2024
Dat wie wat in lytsere besetting as yn 2023, mar no wienen de fjilden ek moai fol. It waar spile in negative rol - it begong om krekt om 4 oere te reinen - mar úteinlik foel it ek noch wol ta, foaral letter op 'e jûn.   De ferskillende rollen wienen wer moai ferdield. Marco van der Goot as supervisor en Gerrit van der Leeuw mocht alle prizen útrikke: as hie er noch noait oars dien. En by...
Lees meer...

KNKB Famkes A yn Goaiïngea: moaie 2de priis foar Berber en Brecht

zondag 16 juni 2024
Goaiïngea. Fjouwer A-partoeren dienen op dizze snein mei en 10 B-partoeren. Berber van der Goot en Brecht Renema sieten tegearre yn in A-partoer mei Sophie Kroondijk. Sy kamen ta in moaie 2de priis. Yn de B-klas dienen fan ús mei Rigt van der Velde en Martsen van der Goot. Sy foelen spitich genôch net yn 'e prizen. Utslach...
Lees meer...

KNKB Skoalfamkes yn trije klassen

zondag 16 juni 2024
It wie drok yn Goaiïngea, trije klassen skoalfamkes nêst de twa  famkesklassen. Ien dielnimster hienen wy yn 'e striid: Esther Lootsma yn de C-klas. Spitich genôch wie der net in priis foar har.  Utslach A-klas (6 partoeren)1. Anna Miedema (Stiens) en Rikst Grijpstra...
Lees meer...

Ferklaaipartij bern in kleurryk gehiel

woensdag 12 juni 2024
Hjoed wie foar de jeugd de Ferklaaipartij en wat seach elk de moai út!  De priis foar de moaist ferklaaide gong nei Liset Teernstra. Dan it keatsen. Der waard keatst yn 4 klassen. Yn elke klasse  moast de jeugd trije kear keatse en dan waarden de earsten teld. It wie in gesellige boel op it fjild én der waard ek noch leuk en spannend keatst! By de pupillen...
Lees meer...

Oprommerspartij: hast alle bern dienen mei en Suze Bokma wûn har earste krâns!

woensdag 29 mei 2024
En sa is de Oprommerspartij 2024 wer foarby. Wat in opkomst, hast alle bern dienen mei. Ja, wat wolst ek. do krijst ommers altyd in beker, hoe fet is dat! Foaral foar de jongste bern is dit in gouden formule. Der wienen ek noch al wat debutanten by!   By de kabouters B wienen 11 bern De wat mear erfaren keatsers pakten hjir de heechtste...
Lees meer...

DLG-on-tour: Pearkekeatsen fan Poppenwier nei Goaiïngea

zaterdag 25 mei 2024
 Mei 24 pearen is de Pearkekeatserij wer prima slagge. It soe earst yn Poppenwier, mar dat koe net en dus gie it hiele sirkus gewoan nei Goaiïngea. Tusken swiere buien en prachtige loften troch koe it hiele toernoai dochs moai ôfwurke wurde.  A-B-klasHjir wienen 8 partoeren yndield.
Lees meer...

Prachtige opbringst Aldizeraksje 23 maaie

donderdag 23 mei 2024
De organisaasje hie de saakjes wer goed regele. It senuwsintrum wie by de sporthal yn Sibrandabuorren. De auto's mei karren rieden óan mei folle karren en ôf mei lege. En sa gie dat in pear oeren troch, de hiele Legeaën troch en soms ek fier dêrbûten. Jan de Groot soarge derfoar dat it metaal skieden waard fan ûngerjochtichheden sa as rubber, plestyk etc. Oan 'e ein fan 'e jûn wienen de twa...
Lees meer...

Âlde Hap Partij - KNKB 50+ frije formaasje: íen krâns yn Goaiïngea en nét twa yn Gau!

zondag 12 mei 2024
Goaiïngea 12 maaie 2024 De griene brigade yn de B-klas It hie sa moai west, trije krânsen foar ús DLG’ers Jacob Dotinga, Jaring Ypma en Jan de Groot. It mocht net sa wêze. Net dat wy it ‘ús’
Lees meer...

Moaie Bern-âlderpartij mei ideaal keatswaar

donderdag 9 mei 2024
De jeugdkommisje mei 'staazjerinner' Johan Cnossen It wie minder drok as it wêze kind hie: foar it earst wienen de skoaljeugd en jeugd der net by. Mar foar de bern dy’t meidienen wie it der net minder om. It entûsjasme grut en de ynset wie totaal. En laitjsje en gûle lei somtiden...
Lees meer...

Jelke, Amerins en Age yn 'e krânsen - moai fris begjin fan seizoen 2024

zaterdag 27 april 2024
Goaiïngea. Gelokkich wie it sa kâld net as de foargeande wiken, mar it wie frisser as de waarprofeten it foarsein hienen. Mar goed, de kop is derôf, it seizoen 2024 is los! Sponsors fan dizze Keningsdeipartij wienen Himmel & Skjin én Johannes Douma. De skoaljeugd hat dit seizoen ûnderdak fûn by de senioaren en sadwaande is binne de pupillen âldsten by de jeugd. Fjouwer...
Lees meer...

Prachtich begjin mei Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij

zaterdag 27 april 2024
Ofskied Marten en Catrinus, ôfskied en wolkom foar Aaltsje  Neidat de jongerein útkeatst wie waarden neffens tradysje earst de ôfskiednimmende kommisjeleden yn 't sintsje setten troch foarsitter Jouke Dotinga. Marten Molenmaker...
Lees meer...

In lintsje foar Gerrit Koudenburg

vrijdag 26 april 2024
Fannemoarn om 9 oere struts Jannewietske, boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân, del yn Goaiïngea oan De Boppeslach. Reden: ús net-mear-keatsend-lid Gerrit Koudenburg krige it lintsje 'Lid in de Orde van Oranje Nassau' opspjelde troch ús krekt wer foar seis jier beneamde boargemaster; de iennichste boargemaster yn ús lân dy't oantsjutten wurdt mei har foarnamme. Mar genôch oer...
Lees meer...
alle nieuwsberichten