De bern fan kf DLG moasten Keningsdei betiid oan 'e bak

zaterdag 26 april 2025
In lyts mar entûsjaste ploech fan 20 bern stie om 9 oere al klear foar harren Himmel & skjin-Johannes Doumapartij. As it dien wie, koenen se mei de âlders, of allinnich, noch even nei Snits foar wat Keningsdei-aktiviteiten. Ferdield oer trije klassen, kabouter, welpen en pupillen, makken se der wer in moaie striid fan, mei bliidskip nei winst en mei soms wat fertriet nei ferlies. Ûndanks...
Lees meer...

Oprop: help mei de kantine simmerklear te meitsjen

dinsdag 11 maart 2025
Oprop In oprop foar eltsenien om  sneon 29 maart  mei te helpen om de kantine simmerklear te meitsjen! Wat moat der dien wurde? Tafels en banken nei bûtenIn doekje troch de keukenRuten himmeljeSkjin meitsje fan’e klaaikeamersBûtenom netsjes meitsjeMei oare wurden, genôch te dwaan. Mar mei in...
Lees meer...

Aaltsje en Siebrigje Nynke winne Muorrekeatstoernoai

vrijdag 24 januari 2025
It wie in gesellige drokte nei ôfrin fan it freedtejûntoernoai. It oantal dielnimmers wie by  de froulju wat minder as op de gebrûklike kompetysjejûn, mar wat wolst ek op in wykeinjûn, sadwaande!De lotting fan de partijen giet fia in rankingsysteem. De spilers wurde yndield neffens sterkte. En it excel-programma dat derfoar skreaun is, wurket sá dat in minder sterke spiler by in wat...
Lees meer...

Freed 24 jannewaris Muorrekeatstoernoai

vrijdag 17 januari 2025
 
Lees meer...

Jelmer Drijfhout en Maureen Stok sterke winners VeegPiettoernoai

zondag 24 november 2024
De priiswinners fan snein 24 novimber. Achter f.l.n.r.: Foke Jil Bakker, Jelmer Drijfhout, Jorrit de Jong en Albertsym Fekken; foar f.l.n.r.: Siebrigje Nynke Boschma, Kim van der Meulen, Marije Jonker, Maureen Stok en Tara van der Meulen. De kop is...
Lees meer...

Snein 24 novimber Veegpiettoernoai - Muorrekeatsen 

maandag 11 november 2024
Plaats hier je content.
Lees meer...

O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)

vrijdag 25 oktober 2024
Doarpshûs Ús Gebou.Weromsjen op it ôfrûne seizoen Sûnt in pear jier wurdt dizze gearkomste wer hâlden om werom te sjen op it simmerseizoen fan de feriening en  de serieuze rânesaken te besprekken mei ús leden. Mei in fantastyske opkomst fan 32 leden, kinne wy weromsjen op in slagge jûn. Werbeneaming Marije en Maaike Dit...
Lees meer...

Freed 25 oktober 2024: Algemiene Ledegearkomste 

woensdag 9 oktober 2024
   
Lees meer...

It MUORREKEATSEN is wer los!

zondag 6 oktober 2024
De B-groep (froulju) is op tiisdei 1 oktober al los gien. Der wienen mar even 17 dielnimmers: de iene helte spilet en de oare helte (+1) sit op 'e bank. Kontaktpersoan: Siebrigje Nynke Boschma De A-groep is snein 6 oktober foar it earst los gien mei 12 dielnimmers.Kontaktpersoan: Nolke...
Lees meer...

Prachtich Nachtkeatsen JEUGD as ôfsluting seizoen 2024 

zaterdag 14 september 2024
Sneon 14 septimber begong ús jongerein om 19.00 oere (nei it iten fan pankoeken en it útrikken dan de kompetysjeprizen) mei de lêste wedstriid fan it seizoen: it Nachtkeatsen, no... Nachtkeatsen, mear Jûnkeatsen . Yn elk gefal, it wie op 't lêst tsjuster en elkenien mocht opbliuwe.  By de Kabouters wie in spannende striid, it góng derom...
Lees meer...

Prachtich Nachtkeatsen SENIOAREN as ôfsluting seizoen 2024

zaterdag 14 september 2024
De froulju en manlju begongen wat letter - om in oere as 21.00 - trochdat de bern noch lekker dwaande wienen, mar dat 'mocht de pret niet drukken'. It waard in lange nacht. Ûngefear om 3.30 oere wie it dien. En dan kaam in pear oeren letter foar guon Winsum ek noch mei de Kippetjes...   Der wie in prachtige list mei 20 partoeren, in rekôrd dit jier. En der wienen in protte...
Lees meer...

Fakânsjepartij: Herre Winia syn earste krâns!

vrijdag 23 augustus 2024
It is noch echt fakânsjetiid en dat wie te merken oan de opkomst: 18 bern hienen har opjûn foar dizze Fakânsjepartij, in minimum-rekôrd! Der is noch ien ledepartij te gean, it Nachtkeatsen op 14 septimber. Dan binne der grif mear, want wa wol nét yn it tsjuster keatse?! KaboutersFoar Herre Winia wie it in moaie...
Lees meer...
alle nieuwsberichten