150 famkes en jonges keatsten federaasje yn Goaiïngea; Moniek en Jochem Lootsma yn 'e krâns (2)

zaterdag 27 mei 2023
Goaiïngea 26 maaie. De 150 bern wienen ferdield yn 8 klassen, fan welpen o/m junioaren. Datl êste wie hiel moai en hooplik komt dêr in ferfolch op yn De Hommerts op 9 juny. De jeugdkommisje hie by alle kategoryen mear as genôch frijwilligers regele, en dat fertsjinnet in plúmke foar de kommisje en de frijwilligers. De snackauto draaide op folle toeren, ja, se moasten op 't lêst 'nee' ferkeapje by de...
Lees meer...

Tsjerkebierpartij - Moniek Lootsma wint yn eigen hûs op 1ste klas

vrijdag 26 mei 2023
Goaiïngea. Op  snein 14 maaie wienen de haadklas- en 1ste klasfroulju te gast yn Goaiïngea op de Tsjerkebierpartij. It waar wie goed, de minsken ek en it keatsen wie ek prima om oan te sjen. Spitich wie dat Andrea Kroes - in dei earder noch 2de op de haadklas yn Easterlittens - blessearre wie. Sadwaande moast der in frou út de 1ste klas oerhevele wurde nei de haadklas. De fjouwer...
Lees meer...

Prachtich Bern-âlderkeatsen op Himelfeartsdei

dinsdag 23 mei 2023
Goaiïngea, Himelfeartsdei, 18 maaie.Op Himelfeartsdei wie it wer tiid foar de Bern-âlderpartij. De moaiste partij fan it jier neffens in soad bern! Keatse mei heit, mem, pake, beppe, omke, tante, oare famyljeleden of in adopsjeâlder foar ien dei. It waard wer in prachtige dei, mei in fol fjild keatsende minsken! Der waarden moaie, gesellige en gemoedelijke partijen keatst, wer’t it...
Lees meer...

DLG-on-tour: prachtich pearkekeatsen yn in sinnich Tersoal!

zaterdag 6 mei 2023
Tersoal 6 maaie 2023. Tsjonge jonge, wat in drokte op it sportfjild fan Tersoal. Spitich genôch dienen net folle pearkes út Tersoal mei, mar jo kinne net alles hawwe. Yn 2022 wienen der yn Gau 30 stellen, dit kear 26. It waar – dêr wie it alwer! – wie bysûnder goed, lekker mei in protte sinne. Der koe wer flink smard wurde mei...
Lees meer...

In moaie start fan in nij seizoen foar jong en âld (2)

vrijdag 28 april 2023
Foarsitter Jouke Dotinga begong yn syn iepeningswurd mei it yn it sintsje setten fan kommisjeleden dy’t nei safolle jier der in punt achter setten hawwe. Petra Lootsma wie oanwêzich en krige in aardichheidsje foar har ynset yn de kantinekommisje. De oaren, d.w.s. Arjen Hettinga, Arjen Hofman (beide materiaalkommisje), Frieda Bruinsma (sponsorkommisje) en Margriet Baanstra (jeugdkommisje) krije...
Lees meer...

In moaie start fan in nij seizoen foar jong en âld (1)

donderdag 27 april 2023
Wat hawwe wy it troffen op Keningsdei, mei de Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij. De jongerein begong moarns om 9 oere mei sinneskynwaar en doe’t dat dien wie, wienen de senioaren oan set. De jeugd keatste yn 3 klassen, sûnder in aparte pupilleklasse, spitich, mar dêr binne krekt even te min fan foar in aparte klasse. De jeugdkommisje hie de saken wer goed foar elkoar, d.w.s. Marco van der Goot...
Lees meer...

Drok besette ledegearkomste yn 'de Kosterij'

woensdag 29 maart 2023
Goaiïngea, 29 maart 2023 . It is altyd ien fan de bestjoerlike hichtepunten fan ús club, de jierlikse ledegearkomste yn de maitiid. It seizoen stiet foar de doar en op papier binne de saken der klear foar. En no mar hearre wat de leden derfan te sizzen hawwe. In lytse 30 minsken wienen oanwêzich en dat is mear as der wolris west hawwe. Marije Jonker, de...
Lees meer...

Arjen Radix en Marije Jonker winners muorrekeatskompetysjes

maandag 20 maart 2023
Nei in lang winterskoft binne op snein 19 maart de prizen útrikt fan de muorrekeatskompetysjes. De kompetysjes fan de tiisdei en dy fan de sneintemiddei. Hjirboppe steane de útslaggen, mei de fertsjinne winners.
Lees meer...

Arjen Radix en Tara van der Meulen pakke de winst op it Slottoernoai Muorrekeatsn

zondag 19 maart 2023
Sibrandabuorren, 19 maart 2023. Twa groepen muorrekeatsers hawwe op snein 19 maart it muorrekeatsseizoen ôfsluten met in toernoai. It is wer dien en meikoarten - as it waar it talit - kinne wy wer it fjild op foar de treningen as tarieding  op it keatsseizoen. Yn de A-klas - in mingde groep - wûn Arjen Radix 6 fan de 8 partijen. Hy bleau dêrmei
Lees meer...

Maandag 17 april start cursus Kaatstrainer 2 in Goënga

zaterdag 25 februari 2023
Lees meer...

Begin maart start jeugdtrainingen in it Mingeltsje

zaterdag 25 februari 2023
Lees meer...

It Keatswykein giet wer troch!

vrijdag 10 februari 2023
Lees meer...
alle nieuwsberichten