• Twamanspartoer fan Bitgum wint 50+

    zaterdag 22 juni 2019
    Goaiïngea, 22 juny 2019. Mei 12 partoeren wie de besetting fan de ôfdielingspartij mar sa sa. Likegoed waard in moai toernoai mei fertsjinne winners. Bitgum, mei Peter Dijkstra en Albert Nauta moasten yn de earste omloop oan ‘e bak tsjin it sterke Seisbierrum-Pietersbierrum en wûnen dat op 5-4 6-2. De beide folgjende omlopen, tsjin Berltsum en en Mantgum, gienen knap flotter: 5-1 6-2 en 5-3 6-2. Mantgum mei Sjirk Gjalt de Groot, Jan Heida en Johannes de Jong kamen sa út op de 3e priis.

    De finale tsjin Sint Anne soe oars wurde
    Sint Anne mei Anne de Vries, Maikel Versnel en Johan Hiemstra, hie yn de earste omloop op  5-1 6-6 wûn fan Easterein 1. Yn de twadde omloop moasten se flink oan ‘e bak tsjin Sint Jabik. Se wûnen dat op ‘t nipperke: 5-5 6-2.  
    Bitgum-Sint Anne dus. Oant 2-2, 3-3 gie it lyk-op. Mar doe rûn Sint Anne ynienen út nei in 5-3 foarsprong nei in swakkere perioade fan Bitgum. Mar dat herstelde him ferrassend, wêrby’t Sint Anne út en troch wat stekken falle liet. It waard 5-5. Goed útslachwurk fan it perk Dijkstra-Nauta lei de basis foar de winst, dy’t binnen wie op 5-5 6-0. 

    De ynteraksje tusken de beide partoeren wie in aardichheid
    De iene snedige opmerking folge op de oare. En it wie op en út sportyf. De partoer fan Bitgum hie in bytsje in thúsfoardiel, want achter it per siet in hiele kliber froulike fans, dy't de beide mannen fan alle kanten stipen. Sa kamen se út frijwol kânsleaze posysje werom.              
    En dan moatte wy fansels noch neame dat ús eigen partoer mei Jacob Dotinga, Harmen van Gelderen en Age van der Goot yn de earste omloop wûnen fan Dronryp op 5-4 6-2. In moaie opstekker. De partij tsjin Mantgum dêrnei waard in ôfdijer foar de mannen: 5-0 6-2!

    1. Bitgum (Peter Dijkstra en Albert Nauta)
    2.  Sint Anne (Anne de Vries, Maikel Versnel en Johan Hiemstra)
    3.  Mantgum (Jan Heida, Johannes de Jong en Sjirk Gjalt de Groot)        
    Tagelyk mei de 50+-wedstriden fan hjoed gie oan 'e ein fan de moarntiid en it begjin fan 'e middei de  Snitser Mar-athon by it keatsfjild lâns. It joech in gesellige drokte!  

    IMGP8670.JPG








           
    1 Bitgum.JPG
    2 Sint Anne.JPG
    3 Mangtum.JPG

     
    Ald-DLG’er Sjoerd Nauta yn de krâns by it troch-inoar-lotsjen
    De opstappers en de ferliezers fan de earste omloop fan de ôfdielingspartij foarmen mei elkoar in list fan 12 partoeren. Dizze partij duorre wat langer, omdat der earst noch lotte wurde moast en omdat der dêrnei noch fjouwer omlopen ferspile wurde moasten. Der wie gjin ferliezersrûnte.
    Yn de heale finale, in drege partij,  wûnen Sjoerd Nauta, Teake van der Walt en Jan de Jong op 5-5 6-2 fan Ludwig Seerden, Bertus Bootsma en Wibe Hoitenga. 
     
    Yn de finale tsjin René Leenstra, Jan Vellinga en Jochum Mollema hienen Nauta c.s. de bêste papieren. Se wûnen dizze partij by einsluten op 5-4 6-2, nei in 5-2 foarsprong.

    1.  Sjoerd Nauta (It Hearrenfean), Teake van der Walt (Seisbierrum) en Jan de Jong (Menaam)
    2.  René Leenstra (It Hearrenfean), Jan Vellinga (Easterein) en Jochem Mollema (Seisbierrum)
    3.  Ludwig Seerden (Frjentsjer), Bertus Bootsma (Wommels) en Wibe Hoitenga (Boazum)   

    Alde tiden kamen wer ta libben: Oeds Broersma mocht de prizen by de troch-inoar-lotters útrikke en hy die dat op syn eigen wize, krekt as yn de pree-Gerrit van der Leeuw-perioade. De clubskiedsrjochters Sjoerd Hofstee en Jouke Dotinga hienen de saken goed op oarder, stipe troch de ferskate karmasters en -masteressen!
             
    1e d.e.l..JPG
    2e d.e.l..JPG
    3e d.e.l..JPG






  • Nieuws

    Prachtich pupillekeatsen yn Goaiïngea

    zondag 14 juli 2019
    Last-minutewedstriid...
    Lees meer...

    Michel Nesse prolongearret keningstitel op Oranjefeestpartij

    vrijdag 12 juli 2019
    En sa stienen Michel Nesse, Folkert...
    Lees meer...

    Teatswinst foar Sjoerd Hofstee, Antsje van der Goot en Siebrigje Nynke Boschma

    zondag 7 juli 2019
    It like der earst net op, mar úteinlik stienen...
    Lees meer...