Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Âlder-bernpartij

Op 9 mei 2024 om 12:00 uur
locatie: Goaiïngea

Âlde Hap Partij KNKB manlju 50+ frije formaasje AB

Op 12 mei 2024 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

DLG-on-tour Pearkekeatsen

Op 25 mei 2024 om 11:00 uur
locatie: Poppenwier

Prachtich Nachtkeatsen mei de Hapjespartij

zondag 10 september 2023
Goaiïngea, 9 septimber. Foar de dúdlikheid: it gie der net om dat wy de hiele jûn hapkes iten soenen, mar 'hapkesoanjager' Willem Twijnstra hie regele dat it jild dat oerbleaun wie fan de hapkespot fan tiisdei te'n goede komme soe oan de prizepot fan dizze nacht. Fóar de wedstriid waarden noch de prizen fan de kompetysje útrikt troch de frouljus- en manljuskommisje.

Kado
De organisaasje hie in prachtige list fêststeld mei 22 partoeren en der waard fansels keatst mei de grutte bal. Foarich jier wienen der 18 partoeren, en doe wie der in A- en B-klas. Neidat it iten fan de Sjinees wat sakke wie (foarsitter Jouke: dit iten wie in kado foar de leden y.f.m. it 45-jierrich bestean fan ús feriening). Mar it grutste kado wie fansels it feit dat it ôfrûne seizoen alle tiisdeis it fjilden fol wienen mei keatsers en keatsters.

Foar de taskôgers - in protte noch yn 'e koarte broek troch in sêfte waar - wie it in prachtich gesicht, al dy troch elkoar fleanende DLG'ers, Prachtige partijen wienen te sjen mei geweldige aksjes. 

Fertsjinne oerwinning
It partoer Marco Lobregt mocht as iennichste 5 kear keatse, d.w.s. se kamen yn 'e finale sûnder in steand nûmer! Piter Gerbrandy en Aaltsje Wesselius hawwe it net krigen en in pear kear moast alles út 'e kast. De finale tsjin Evert Sijbesma, Esmee Suierveld en Daan Cuperus wie lykwols in iensidige partij, dy't Marco en syn maten wûn op 5-1 6-4. De heale finale hienen se wûn op 5-4 6-6 fan Jelmer de Jong, Martsen van der Goot en Doutzen Twijnstra. De lêsten hienen dus de 3de priis,

De ferliezersfinale waard in proai foar Albertsym Fekken, dy't bylotte wie by Antsje Marije Boschma en Anne Sjoukje Leenstra. Se wûnen ek yn frij iensidige partij fan Wybren Jorritsma, Brecht Renema en Rients Huitema, 5-2 6-6. It rûn al nei de lytse oerkes dat de lêsten Goaiïngea ferlieten. Guon fan harren moasten har alwer klear hâlde foar de Leafhawwerspartij yn Balk. Ja, dat binne de echte leafhawwers!

De útslach
1. Marco Lobregt, Piter Gerbrandy en Aaltsje Wesselius
2. Evert Sijbesma, Esmee Suierveld en Daan Cuperus
3. Jelmer de Jong, Martsen van der Goot en Doutzen Twijnstra
Ferliezersrûnte
1. Albertsym Fekken, Antsje Marije Boschma en Anne Sjoukje Leenstra
2. Wybren Jorritsma, Brecht Renema en Rients Huitema

Nieuws

Jelke, Amerins en Age yn 'e krânsen - moai fris begjin fan seizoen 2024

zaterdag 27 april 2024
...
Lees meer...

Prachtich begjin mei Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij

zaterdag 27 april 2024
...
Lees meer...

In lintsje foar Gerrit Koudenburg

vrijdag 26 april 2024
...
Lees meer...