• Prachtich keatsen yn it tsjuster foar de jeugd

    zaterdag 7 september 2019
    Sneon 7 septimber. Ja, foar dyjngen fan de jeugd dy’t it noch net meimakke hie, wie it keatsen yn it tsjuster in bysûnder erfaring. Hielendal foar de kabouters wie it feest, keatse by donker, jonge, jonge, wat is dit is wat! Do koest it merke oan hoe’t de jeugd mei elkoar omgie, hoe’t it der om en ta gie, koart sein, de sfear wie super. Doch dêrby de prachtich fersiering mei ‘lampekappen’, de fjoerbakken en de marshmallows, de frituer dy’t op folle toeren draaide. It waard in weardige ôfsluting fan it seizoen 2019. Petje af en chapeau foar de organisaasje! 

    En by de froulju en manlju letter op ‘e jûn – ja it rûn allegearre wat út, mar wy hienen de tiid – wie it al net oars. Wie de by de jongerein noch sprake fan wat reindrippen of driging, de âlde garde hat it hielendal troffen mei it waar. Wat in nacht! En dan wie it noch net iens ljochtmoanne.

    Priisúrikking kompetysje
    De welpen-kabouters en pupillen begongen om 18.00 oere al en de fraach is dan fansels: komme se noch ta oan nachtkeatsen. No, dat slagge prima, want de situaasje waard wat rutsen troch de útrikking fan de kompetysjeprizen. Krekt as de âlderein spile de jeugd mei de grutte giele bal, yn dit gefal de muorrekeatsbal.   

    Fertsjinne winst foar Benthe Anna Holtrop en Ilse Mare Bokma
    It wie Tersoal-boppe by de kabouters en welpen, want Benthe Anna Ilse Mare wûnen alle 3 partijen yn harren klasse. Dêrmei krigen se de krâns om ‘e nekke. De oare twatallen wûnen allegearre mar 1 kear. Foke Marij Bakker en Lise Bijma dienen it it bêste en pakten sa de twadde priis.
     Kabouters-w 1.JPG
    Kabouters-w 2.JPG





















    Kabouters-welpen ( 4 partoeren )
    1. Benthe Anna Holtrop en Ilse Mare Bokma              21 punten          
    2. Foke Marij Bakker en Lise Bijma                                  15 punten
    3. Emma Brecht Bokma en Edsert Bouma                          14 punten          
    4. Falke Bakker en Esther Lootsma                                        10 punten

    Sterke winst foar Minke Lys Leenstra en Jildou Twijnstra
    By de pupillen wie it Gau-boppe, want Minke Lys en Jildou krigen yn de 3 partijen mar 6 earsten tsjin, yn elke partij 2. Jetske Zijlstra en Imme Klaas Kievit wûnen 2 partijen en kamen sa op genôch punten foar de 2e priis. Yn de 1e partij hienen se op 5-2 6-0 ferlern fan Minke Lys en Jildou.
    Pupillen 1.jpg

    Pupillen 2.jpg


































    Pupillen ( 4 partoeren
    1. Minke Lys Leenstra en Jildou Twijnstra                      21 punten                           
    2. Jetske Zijlstra en Imme Klaas Kievit                            16 punten 
    3. Jeljer-Sjoerd Kooistra en Doutzen Twijnstra                   14 punten           
    4. Anne Rikst Bakker en Anna Marit Twijnstra                        7 punten 

    Winst foar Afke Marij van der Goot, Brecht Renema en Jochem Lootsma nei spannend keatsen 
    De grutte famkes en jonges (der rûnen 3 yn ‘t fjild om, 25%) leveren sa as altyd in moaie striid. It bysûndere wie dat de lettere nûmers 1 en 2 al yn de 1e partij tsjin elkoar moasten. En dat waard de partij mei it measte hout oan ‘e telegraaf fan alle spile partijen. Ilse Baanstra, Martsen van der Goot en Hessel Bouma wûnen krekt fan Afke Marij, Brecht en Jochem, 5-5 6-2. Mar ja, dêrnei ferlearen Ilse, Martsen en Hessel dik fan it outsiderspartoer mei Folkert Yde Kievit, Anne Sjoukje Leenstra en Mikkel Guljé, 5-2 6-2. En Afke Marij, Brecht en Jochem stoomden no troch en wûnen de beide oare partijen en sleepten op dy manier de 1e priis binnen. De 2e priis wie dus foar Ilse, Martsen en Hessel.  

    Best of the rest 
    Rigt van der Velde, Berber van der Goot en Anna Mutsaers wûn de ûnderlinge partij fan Folkert Yde, Anne Sjoukje en Mikkel op 5-3- 6-4. Yn de einstân eingen Folkert Yde c.s lykwols boppe Rigt c.s.    

    Skoaljeugd 1.jpg
    Skoaljeugd 2.jpg


































    Skoaljeugd (4 partoeren
    1. Afke Marij van der Goot, Brecht Renema en Jochem Lootsma          19 punten 
    2. Ilse Baanstra, Martsen van der Goot en Hessel Bouma                         16 punten 
    3. Folkert Yde Kievit, Anne Sjoukje Leenstra en Mikkel Guljé                           10 punten 
    4. Rigt van der Velde, Berber van der Goot en Anna Mutsaers                         10 punten             


  • Nieuws

    Zondag 6 oktober start Muurkaatscompetitie 

    vrijdag 13 september 2019
    Lees meer...

    En ek in prachtige nachtlike ôfsluting foar de grutten

    zondag 8 september 2019
    De jongerein komt deroan! Wy...
    Lees meer...

    Prachtich keatsen yn it tsjuster foar de jeugd

    zaterdag 7 september 2019
    Sneon 7 septimber. Ja, foar dyjngen fan de...
    Lees meer...