• Moaie, sfearfolle earste ledepartij yn Goaiïngea

    zondag 19 juli 2020
     Bakker TAB.jpg
    nij meubilêr.JPG







    De sponsors Wiggele en Hinke Bakker fan Bakker Timmer- en Aannemersbedrijf wienen sels op fakânsje, dat wy moasten as keatsclub der sels mei rêde! En gelokkich, dat slagge!  
    De keaters hongen daliks al oan de krekt yn elkoar setten - in dei earder noch - moaie nije hingtafel!    

     



    Nei it beteljen fan de ynlis koenen de 8 manljus- en de 4 frouljuspartoeren los! It waar wie prima, absolút net te waar en seker net te kâld. De perken leinen oan de goede kant fan it fjild, dus hulde oan de perklizzers. Wêr soenen hjoed de krânsen oan de muorren komme te hingjen? Sawol by  de manlju as de froulju wie dat net sa maklik te sizzen. Op papier kin it allegearre hiel sterk lykje, mar de foarm fan de dei is faak hiel bepalend. Kinne jo der ballen der wat foar hâlde en kinne jo de sterkste spiler wat miskeatse? 

     De froulju mochten lykas altyd pûlkeatse. Nei 2 omlopen hienen twa partoeren twa kear wûn.  dat Aaltsje Kroes, Sjoukje Gerbrandy en Caroline Wetenkamp en it partoer Marije Jonker, ús nije lid Maureen Stok en Doutzen Molenaar. Wat soe de lêste partij bringe? No, it waard in echte finale mei hast alles oan 'e hang. Mar safier kaam it krekt net, want Marije har partoer pakte it lêste earst mei oertsjûging. Dêr hienen Aaltsje en har maten gjin antwurd op. Op 5-5 6-2 wie it dien.    
     
    Winnend frouljuspartoer.JPG


    It winnende trio mei f.l.n.r Marije, Maureen en Doutzen. Dêrachter Sjoukje, Caroline en Aaltsje.


    Winnend partoer.JPG






    By de manlju kamen Michel Nesse, Jacob Dotinga en Folkert Yde Kievit yn de finale tsjin Jouke Dotinga, Marcel de Groot en Yke van der Goot, moaie slutende partoeren. 

    It winnende partoer f.l.n.r. Yke, Jouke en Marcel.


    Benammen Michel en syn maten hienen in pear pittige partijen hân; se hellen de finale troch it each fan de nudle tsjin Evert Sijbesma, Jan Feenstra en ús 'farske' lid Jelmer de Jong, 5-5 6-6. Wat soe de finale bringe? Dotinga c.s. namen brutaal in spul foarsprong, mar Nesse c.s. stoomden dêrnei yn ien kear troch nei 3-2 foar. Troch in prima sitbal fan Marcel op 6-6 waard it wer gelyk. Wat in moaie partij fan de neutrale taskôger. Prachtige slaggen waarden ôfwiksele troch missers en minne riten. It earst dêrnei wie foar Michel c.s. op 4-3 6-6 troch in 'beroerde' slach fan Yke (de keats foarby), mar sokken telle ek! Fearkrêftich kamen Jouke en syn maten wer gelyk, 4-4, en se pakten sels ek it 5e earst. Like fluch is it folgjende earst dan foar Michel c.s., 5-5.  Ja, en dan 'krije' Jouke en syn maten samar in skjinne 6. Komme de oaren dêr wer oerhinne? Even liket it derop, mar op 6-4 slacht de jonge Folkert Yde de bal spitich foar. Mar oo moatte it mar even dwaan op sa'n stân. Hulde oan dizze knaap, dy't him de hiele dei prima sjen litten hat!    De finale yn de ferliezersrûnte gie tusken Arjen Radix, assitearre troch de twa jonge knapen Johan Cnossen en Sytze Jan de Vries, en Marco Lobregt, Jelmer de Jong en foarbêstopslagger Jochem Lootsma.  Arjen en syn maten wûnen de partij op 5-4 6-0.   

    Nei ferskate 'sapjes en hapjes'wie it
    Gerrit.JPG
    wurd oan Gerrit van der Leeuw foar de priisútrikking. Tank foar it lekkere sop, makke troch Michel Nesse en Sjoukje Dotinga - tomate en moster -, en tank oan de sponsor foar de beskikber stelde prizen. 
    Froulju 1 2.JPG

    Manlju 1 2.JPG
    Manlju 3.JPG
    Froulju (4 partoeren)






















    1. Marije Jonker, Maureen Stok en Doutzen Molenaar













    2. Aaltsje Kroes, Sjoukje Gerbrandy en Caroline Wetenkamp










    Manlju (8 partoeren)
























    1. Jouke Dotinga, Marcel de Groot en Yke van der Goot











          
    2. Michel Nesse, Jacob Dotinga en Folkert Yde Kievit










    Ferliezersrûnte













                                                                                  
    1. Arjen Radix, Johan Cnossen en Sytze Jan de Vries
     
































  • Nieuws

    Is it Galgelân is ferhuze nei De Boppeslach?

    zondag 9 augustus 2020
    Sûnt freedtejûn stiet by de keatskantine...
    Lees meer...

    Partoer Wybrig Bakker mist op in pear hierren nei de winst by de KNKB 1e klas yn Goaiïngea

    zondag 9 augustus 2020
    It hie moai west, in oerwinning by keatsferiening...
    Lees meer...

    Ilse Baanstra en Berber van der Goot winne de treastfinale mei oermacht by KNKB skoalfamkes yn Goaiïngea

    zondag 9 augustus 2020
    In moaie ploech fan 7 eigen skoalfamkes hie hjoed...
    Lees meer...