• Jouke Dotinga en Arjen Radix binne nij yn 't bestjoer

    donderdag 1 oktober 2020

    Jouke Dotinga en Arjen Radix binne nij yn it bestjoer
    We wisten dat se al in jier
     Jouke en Arjen.JPG
    meidraaiden mei it bestjoer, mar it wie alleagearre noch net offisjeel. Op tongersdei 1 oktober wie it dan safier dat de beide mannen beneamd waarden yn de lieding fan ús feriening ( inks Jouke, rjochts Arjen ). 
    Metteke.JPG





    En ja, der gienen ek twa bestjoersleden ôf: Jan de Groot en Metteke Kuiper, Metteke nei 4 simmers en Jan nei 7 simmers.  Beide krije se út hannen fan Franziska van der Tempel in oantinken oan de bestjoerstiid, Metteke in itensiedersboek en Jan in fytsklokje ( foto's links en ûnder ). It bestjoer hat noch fakatueres. 
    Jan de Gooot.JPG







     
    Der wienen in 20 leden nei Us Gebou kommen, bûten it bestjoer. Se moasten har yn ‘t foar oanmelde per mail y.f.m. de korona-rjochtlinen. Yn it Gauster doarpshûs koenen we moai rom sitte.
     
    Meidielings fan it bestjoer
    Foarsitter ad interim Aaltsje Wesselius giet noch even yn op it ynisjatyf fan Jelle en Antsje Kievit om de kantineromte kompleet op te pimpen. De aksje hat € 2.800 koste en dêrny kaam it bedrach fan € 500 fan de Rabo ClubSupport moai fan pas. Jelle en Aaltsje hawwe dêr al in attinsje foar krigen. Oan de lûddemping yn de kantine wurdt noch wurke.
    bestjoer.JPG

    De club hat har wer oanmelden foar de Rabo ClubSupport: we kinne fan 5-25 oktober wer ús  stimme útbringe op ús feriening. Yn novimber 2021 komt de útslach.
    Fierder komt oan ‘e oarder: in pinautomaat acter de bar; de nije nije clubshirts; de plannen mei de nije keatsmuorre yn Sibrandabuorren, achter de sporthal, geane troch; der hat oerlis west mei de keatsclub Raerd oer ús Tersoalster leden; de keatspeal fan Sybren Abma by de kantine; de AED yn de kantine, beskikber steld troch Tsjeard Bakker; KNKB-saken: de jeugdkateroryen wurde mei 1 jier ferlinge, spilers moatte fanôf 2021 € 1 ekstra betelje by wedstriden en Luutske Dotinga is yn it haadbestjoer kommen. De folgjende KNKB-wedstriden binne der yn 2021: snein 23 maaie froulju 1e klas t.i.l., sneon 26 juny 50+ ôfd. + t.i.l. en snein 11 july famkes AB t.i.l. en skoalfamkes AB t.i.l.  
    En de âldizeraksje hat € 1.795 opbrocht.
     
    Finansjeel liket it goed mei de club
    Kaskommisjelid Iris bringt ferslach út. Eite Stienstra giet út de kommisje. Der is noch in fakatuere.

    Kommisjenijs
     Sponsorkommisje.JPG

    De sponsorkommisje (foto boppe: Catrinus Kooistra, Rein Bootsma en Marten Molenmaker) hat drok dwaande west. Der wie yn 2020 in spesjale aktiviteit foar sponsors. De presintaasje fan de nije clubshirts is ferskood nei 27 april 2021. Fierder binne der ‘banners’ (lytse advertinsjes) fan sponsors pleatst op de webside fan de club. Trije soarten binne der: gouden, silveren en brûnzen sponsors. Dyselde banners sille ek op de fernijde nijsbrief komme.
    De jeugdkommisje hat dwaande west mei it skoalleprojekt. Der is ûndanks koroana mear kompetysjekeatst as oare jierren! De jeugd hat in pear kear op sneon spile. De federaasjes binne troch de KNKB omtovere ta gruttere gebieten, wylst ús federaasje en dy fan Warkum-Boalsert- Wûnseradiel prima draaiden (het kind en het badwater....). It is prima oplost: de wedstriden fan de federaasje Snits bliuwe op freed en dy fan W-B-W op sneon. It byt elkoar net.
    Gerrit van der Leeuw en Eite Stienstra ferlitte de kompetysjekommisje manljus, Gerrit nei 25 en Eite nei 10 jier! Fan de kantinekommisje stoppet Anneke de Groot. Liesbeth Cnossen komt yn har plak. En Albertsym Fekken sil de materiaalkommisje fersterkje. Hy hat al waarmdraaid fan ‘t simmer.     
     
     In het zonnetje....   
    Zonnetje.JPG
    - Oeds Broersma is der net, mar hy krijt syn attinsje noch. As fjildlizzer-op-tiisdei komt hy al jierren út Wytmarsum wei op ‘e fyts nei Goaiïngea om de omskotten fan 3 of 4 fjilden te lizzen. Petje af.
    - En Marco van der Goot krijt syn attinsje foar bysûndere ynset as jeugdkommisjelid. Mei syn prikkeljende ideeën – hy tinkt in protte out-of-the box – stimulearret hy al jierren it keatsen binnen ús club.  
     
     Jouke en Aaltsje.JPG

    En oan ‘e ein fan de gearkomste waard de Repkobeker noch útrikt oan Jouke Dotinga en Aaltsje Wesselius (foto links )! 

    Tsjin tsienen klonk de lêste hammerslach fan Aaltsje!         






  • Nieuws

    Voorlopig geen muurkaatsen i.v.m. aangescherpte coronaregels

    donderdag 15 oktober 2020
    Het was te verwachten, maar door de...
    Lees meer...

    Stem op de kaatsclub bij Rabo ClubSupport van 5 tot 25 oktober !

    woensdag 7 oktober 2020
    - De opbrengst willen wij gebruiken voor...
    Lees meer...

    Jouke Dotinga en Arjen Radix binne nij yn 't bestjoer

    donderdag 1 oktober 2020
    Jouke Dotinga en Arjen Radix binne...
    Lees meer...