Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muurkaatsen op vrijdag 45+

Op 1 november 2024 om 19:30 uur
locatie:

Muorrekeatsen A-groep

Op 3 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatsen A-groep

Op 3 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

In moaie start fan in nij seizoen foar jong en âld (1)

donderdag 27 april 2023
Wat hawwe wy it troffen op Keningsdei, mei de Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij. De jongerein begong moarns om 9 oere mei sinneskynwaar en doe’t dat dien wie, wienen de senioaren oan set. De jeugd keatste yn 3 klassen, sûnder in aparte pupilleklasse, spitich, mar dêr binne krekt even te min fan foar in aparte klasse. De jeugdkommisje hie de saken wer goed foar elkoar, d.w.s. Marco van der Goot, Kristia Dotinga en Sytze Jan de Vries!
Kabouters alle.jpg

Kabouters    Dizze groep wie opdield yn trije pûls fan fjouwer ienlingen, ja want sa keatse se dêr, ien tsjin ien. Se mochten allegearre trije partijen spylje. Yn totaal dus 12 kabouters, en, dat moat sein wurde: dat wie dus de grutste kategory!
Pûl 1
Yn pûl 1 sprong Roel Hofman der hielendal út: trije winstpartijen, mei mar 5 earsten tsjin! De folle bút dus mei 21 punten! Goede twadde wie Jildert Bakker mei twa kear winst. (foto boppe links)
Pûl 2
Yn dizze pûl wie Layla Borkhuis oppermachtich, al krige se it net kado. Se helle ek 21 punten, mar it tal tsjinearsten wie mar even 14 en dat is net mis. Mar goed, wa praat dêr letter noch oer! In moai twadde plak wie foar debutant Age Bakker , mei mar even 19 punten! (foto boppe midden)
Pûl 3
Remon Wiersma wie yn dizze groep de sterkste. Hy wennet sawat op it fjild en miskien helpt dat. Ek foar him 21 punten en mar 6 earsten tsjin. Hiel moai twadde waard Baukje Huitema , ek debutant, mei 14 punten, de bêste fan de rest, hjit dat dan. (foto boppe rjochts)
Welpen alle.jpg


Welpen

Yn dizze kategory kamen fjouwer twatallen yn aksje. Guon wienen foarich jier noch kabouter en spilen no in klasse heger, sa giet dat. It waard in fertsjinne winst foar Jitse Bakker en Dycke Fardau Bokma . Hja hellen de folle winst en kamen net echt yn ‘e problemen. In moai twadde plak kaam ta oan Tieme Holtrop en Hester Kiestra , 18 punten sprokkelen dizze twa by elkoar. Allinnich foar Jitse en Dycke moasten se de holle bûge. Dat wie daliks al yn de earste omloop.


Skoaljeugd
In aparte pupilleklasse wie der dus net. Dy spilers wienen ferdield oer de welpen en  de skoaljeugd. En dat sil it hiele seizoen sa wol wat gean. Twa twatallen en twa trijetallen, 10 spilers yn totaal dienen hjir mei. Hiel faak winne de twatallen, mar dizze kear wie dat net sa. It waard in spannende striid
Oant yn de lêste omloop wie der noch fan alles mooglik. Anne Rikst Bakker, Doutzen Twijnstra en Esther Lootsma hienen twa kear wûn en Anna Marit Twijnstra en Imme Klaas Kievit stienen op 12 punten. De lêsten kamen 3-0 foar en letter noch 4-2. Se koenen it grien fan de krânsen hast rûke. Mar it tij kearde: se krigen net in earst mear. Op 5-4 6-6 wie it oer. En de twadde priis? Dy gong ek noch oan Anna Marit en Imme Klaas foarby. Minke Lys Leenstra, Rein Huitema en Falke Bakker dienen wat se dwaan moasten: winne, en kamen sa 1 punt boppe Anna Marit en Imme Klaas út. 
Skoaljeugd 1 Rikst Esther Doutzen.jpg

Skoaljeugd 2 Minke Lys Rein Falke.jpg









Nieuws

Freed 25 oktober 2024: Algemiene Ledegearkomste 

woensdag 9 oktober 2024
...
Lees meer...

It MUORREKEATSEN is wer los!

zondag 6 oktober 2024
De B-groep...
Lees meer...

Prachtich Nachtkeatsen JEUGD as ôfsluting seizoen 2024 

zaterdag 14 september 2024
Sneon...
Lees meer...