• Foke Jil Bakker pakt de krâns yn eigen hûs by KNKB!

    zondag 8 juli 2018
    Foke Jil die dat mei har frije-formaasjematen Iris Oosterbaan en Gerde Lycklama à Nijeholt.
    It wie in lytse list mei 8 frije-formaasjepartoeren skoalfamkes, dat wol, mar de keatswille wie der net minder om. De klapper wie daliks al yn 'e 1e omloop, doe't de dames oantrede moasten tsjin Ilse Marije van Beem, Noa Elzinga en de sterke Larissa Smink. Alles moast út 'e kast en dat barde ek: op 5-5 6-4 wie de winst binnen. De 2e omloop wûnen Bakker c.s. op 5-0 6-2 en doe moasten hja yn 'e finale oantrede tsjin Femke Alberda, Geertje Bijlsma en Femke Folkerts, seker net in snotterich trio.Bakker c.s. rûnen út nei in 4-1 foarsprong, mar it like as 'kakten se wat yn'. Se skerpte like der wat ôf. It waard 4-2, 4-3, mar it waard ek 5-3. Nei 5-4 wie de skerpte der krekt op 'e tiid wer. Op 5-4 6-6 sloech Foke Jil boppe.  Foar Iris wie it dit wykein dûbelslach; juster wûn se de krâns yn Dokkum.
    De finale yn 'e werkânsing wie it besjen ek wurdich. It gong lykop oant 3-3, wêrby't Ilse Marije van Beem, Noa Elzinga en Larissa Smink earst de bêste papieren liken ta hawwe. Eline van Dijkhuizen, Marsha Boersma en de sterke Iris Veltman pakten lykwols it belangrike 7e earst. Nei 4-4 waard it 5-4 en dêrnei 5-5. It lêste earst wie foar Van Dijkhuizen c.s. Op 5-5 6-2 pakte Eline de winst troch it prachtige retoerslach fanôf de boppe - mei links! - werom yn 't perk!

    Moaie 2e priis werkânsing foar Johan Cnossen
    Al wie fansels it ferlies op 5-5 6-6 yn 'e 1e omloop wol soer. Yn 'e finale fan 'e werkânsing like de winst hast binnen helle te wurden, mar de partij gie de oare kant oer en sa ferlearen Johan Cnossen, Dylan Koel en Welsey van der Vaart op 5-5 6-0.
    De finale waard fertsjinne wûn troch de sterke Johan Sipma, Sjouke Beimers en Marten Leijenaar. Maklik waard it net, mar op 5-4- 6-4 lutsen Rutger Kumbangsila, Rick Minnersma en Rein Breuker oan it koartste ein. De 3e priis wie foar Harmen Zuidema, Bjorn Idsardi en Sybrand Veldhuis, dy't mei deselde sifers ferlearden fan de lettere winners.

    De útslaggen
    Skoaljonges frije formaasje ( 17 partoeren )
    1. Johan Sipma (Ljussens), Marten Leijenaar (Eksmoarre) en Sjouke  
    skj 1.JPG
    Beimers (Bitgummole) 









      

     
    skj 2.JPG

     2. Rein Breuker (Ljouwert), Rick Minnesma (Dronryp) en Rutger Kumbangsila 
    (Wjelsryp)






    skj 3.JPG



    3. Harmen Zuidema (Minnertsgea), Sybrand Veldhuis (Raerd) en Bjorn Idsardi (Dronryp)  








    Werkânsing
    skj 4 f 1.JPG

    1. Jorrit Nanninga (Dronryp), Jan Tymen Eisma (Frjentsjer) en Redmer Wiersma (Easterein)  

    skj 5 f2.JPG





                  
    2. Wesley van der Vaart (Sint Jabik), Johan Cnossen (Gau) en Dylan Koel (Harns)          








             
    Skoalfamkes frije formaasje ( 8 partoeren )  
    1. Iris Oosterbaan (Skearnegoutum), Foke Jil Bakker (Tersoal) en Gerde Lycklama à Nijeholt (It Heidenskip)     
    skf 1.JPG


       










    2. Femke Alberda (Dronryp), Geertje Bijlsma (Wâlterswâld) en Femke Folkerts (Boalsert)
    skf 2.JPG














    Werkânsing
    1. Iris Veltman (Dronryp), Marsha Boersma (Stiens) en Eline van Dijkhuizen (Nijlân)
    skf f1.JPG







     






    2. Larissa Smink (Makkum), Noa Elzinga (Boalsert) en Ilse Marije van Beem (Dronryp)
    skf f2.JPG


























  • Nieuws

    Moaie, lange en waarme keatserij 1e klas froulju yn Goaiïngea

    zondag 15 juli 2018
    De organisaasje wie perfekt! It fjild lei der...
    Lees meer...

    Antsje van der Goot, Jan Feenstra en Hinke Bakker ferrassende winners Teatsen

    zondag 15 juli 2018
    It wie dit kear net in grutte list. Sadwaande waard it wat in ‘yntym barren’ yn de fierste...
    Lees meer...

    Foke Jil Bakker pakt de krâns yn eigen hûs by KNKB!

    zondag 8 juli 2018
    Foke Jil die dat mei har frije-formaasjematen Iris Oosterbaan en Gerde Lycklama à Nijeholt. ...
    Lees meer...