Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muurkaatsen op vrijdag 45+

Op 1 november 2024 om 19:30 uur
locatie:

Muorrekeatsen A-groep

Op 3 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatsen A-groep

Op 3 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Tsjerkebierpartij - Moniek Lootsma wint yn eigen hûs op 1ste klas

vrijdag 26 mei 2023
Goaiïngea. Op  snein 14 maaie wienen de haadklas- en 1ste klasfroulju te gast yn Goaiïngea op de Tsjerkebierpartij. It waar wie goed, de minsken ek en it keatsen wie ek prima om oan te sjen. Spitich wie dat Andrea Kroes - in dei earder noch 2de op de haadklas yn Easterlittens - blessearre wie. Sadwaande moast der in frou út de 1ste klas oerhevele wurde nei de haadklas. De fjouwer haadklaspartoeren wienen wer kompleet, mar de 1ste klassers, dy't ek pûlkeatse soenen, bleauwen mei in gat sitten yn ien partoer. 
It waard oplost, mar dêrtroch duorre it allegearre krekt even wat langer, mar sa as sein, it waar wie goed en it Tsjerkebier hie syn útwurking ek. Oan 'e ein fan 'e middei stienen de fertsjinne winners foar de kantine: Moniek Lootsma, Elly Hofman en Fiera de Vries. Yn de finale wûnen se op 5-3 6-6 fan Iris Veltman, de bylotte Rixt Fokkema en Ineke van der Ploeg. Rixt Fokkema moast mar even fiif partijen keatse, earst twa partijen yn har eigen pûl en doe twa partijen yn de oare pûl en doe noch de finale. Hoe krijst it sa! 


Utslach 1ste klas (6 partoeren)
1. Moniek Lootsma (Goaiïngea), Elly Hofman (Ljouwert) en Fiera de Vries (Grins)
2. Iris Veltman (Dronryp), Rixt Fokkema (Grins) en Ineke van der Ploeg (Rie)

1ste klas 1ste priis.JPG
1ste klas 2de priis.JPG
1ste klas allegearre.JPG

















Sterke Ilse Tuinenga wint haadklaspartij
Yn de haadklas kamen yn de beslissende partij yn in pûl fan mar fjouwer partoeren de twa sterkste partoeren foar elkoar oer te stean: Annelien Broersma, Corrie Kroondijk en Marrit Zeinstra en it trio Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Jennie Terpstra. Oan 3-3 gie it lykop, mar doe sette Ilse mei har opslach de turbo derop en rûnen se út nei 5-3. Op 5-3 6-6 kaam de bal net út it perk Kroondijk-Zeinstra. 
Utslach haadklas (4 partoeren)
1. Ilse Tuinenga (Frjentsjer), Anne Monfils (Rotterdam) en Jennie Terpstra (Mantgum)
2. Annelien Broersma (Ljouwert), Corrie Kroondijk (Easterein) en Marrit Zeinstra (Ljouwert)


Haadklasse 1ste priis.JPG
Haadklasse 2de priis.JPG
 
Haadklasse allegearre.jpg
 
Nieuws

Freed 25 oktober 2024: Algemiene Ledegearkomste 

woensdag 9 oktober 2024
...
Lees meer...

It MUORREKEATSEN is wer los!

zondag 6 oktober 2024
De B-groep...
Lees meer...

Prachtich Nachtkeatsen JEUGD as ôfsluting seizoen 2024 

zaterdag 14 september 2024
Sneon...
Lees meer...