• Twadde winst foar Nynke Sijbrandij op Frouljus-PC

    woensdag 25 augustus 2021

    Ja, it wienen
    LBT_8543.jpg
    drokke wiken yn frouljuskeatslân. Nei pleatsing - op 't nipperke - fan Andrea Kroes mei har maten Jildou Sweering en Marije Hellinga op de Keats-off yn Wommels ( foto links ) op 19 augustus folge op 25 augustus de Frouljus-PC yn Weidum. Trije dagen letter soe it NK froulju folgje. (foto Suwarda Vis)


    Wat soe de PC-dei bringe?  Want ja, as je hast alles wûn hawwe op de haadklasse, dan sil it krekt op dy dei mis gean!  Dat jilde dan foar it partoer Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Wat soe de foarm fan de dei wêze fan Ilse Tuinenga, Magriet Bakker en Sjanet Wijnia. Nêst Andrea die Wybrig Bakker ek mei mei har maten Corrie Kroondijk en Fiera de Vries? Neffens de lotting koe it in konfrontaasje wurde tusken de beide toppartoeren. Mar ja, ferrassings binne der hast altyd. 

    Wybrig en Andrea
    In twadde fraach wie: hoe soenen de partoeren fan Andrea Kroes en Wybrig Bakker it dwaan. Soenen Wybrig c.s. wer hast stunte, lykas ferline jier tsjin Ilse Tuinenga? Oer dat lêste kinne wy koart wêze. In blessuere fan Fiera jage de boel yn 'e bulten. Yn te begjin fan de partij tsjin it partoer fan Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Jennie Terpstra gie it mis en koe se einliks net fierder. Har ferfanger Gerde Lycklema à Nijeholt stie klear, mar mocht fan de skiedsrjochter net ynfalle. In pear earsten fierder mocht it ynienen wol ( artikel 12, fers 2 ), mar it delgeande tij koe net mear keard wurde, 5-2 6-0. Bruinsma c.s. ferlearen dêrnei fan Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma, dy dé foarm fan de dei hienen. Ja, se fersloegen op 'e trije it partoer fan Ilse Tuinenga.



     Andrea.jpg


    Wybrig.jpg


















    Jildou Sweering, Andrea Kroes - se is dit seizoen omtovere fan opslachster nei foarynse mei de twadde opslach - en Marije Hellinga  fersloegen yn de earste omloop hiel knap Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma op 5-3 6-4. Dêrnei folgen Ilse Tuinenga c.s. en die wienen in klasse te sterk, 5-1 6-2.

    Minder druk
    Yn it begjin fan de finale liken Tineke Dijkstra c.s. partij jaan te sillen tsjin Nynke Sijbrandij c.s., mar it waard gjin partij mear, en dat mei op it konto skreaun wurde de hast foutleas keatsende Sijbrandij, Scheepstra en en Zeinstra, dy't de beide earste omlopen mar ien tsjinearst tastean moasten. De finale einge mei in foarslach op 5-2 6-4  fan Tineke Dijkstra. 
    Dizze oerwinning wie moai fansels, mar oars as ferline jier en 'da's logisch', soe Johan Cruijff sein hawwe. Der ,lei minder druk op, mar jo wolle wol winne, mar it moast noch wol even.... LBT_210825-2784.jpg

      (foto's Lieuwe Bosch) 

    Mear foto's fan Lieuwe Bosch


  • Nieuws

    Maaike Faber en Marije Jonker nemen het stokje over

    vrijdag 1 oktober 2021
    Op tongersdei 1 oktober wienen in lytse 30 leden...
    Lees meer...

    Zondag 26 september begint het Muurkaatsen weer

    dinsdag 21 september 2021
    ...
    Lees meer...

    In prachtige nacht om te nachtkeatsen

    zondag 12 september 2021
    Doe't wy begongen mei in prachtige list ...
    Lees meer...