
De kommisje hie dit kear noch folle steviger útpakt as yn 2020. Doe wie de list beset mei ‘mar’ 16 partoeren: fan de 48 dielnimmer doe wienen mar twa net-leden, Klaas Jan Oosterbaan en Joop Hoekstra. Dat wie no oars. Der wie flink op de tamtam slein. De sosjale media hiene har wurk dien en it netwurk fan de jongehabbers is grut, hiel grut. En sa wie dizze partij ynienen útgroeid ta Bonnemapartij-proposjes: 32 partoeren, 96 keaters en keatsters.Mear as de helte bestie wol út leden of minsken út de streek. Ype Bonnema fan Nijlân kaam sels even del om reklame te meitsjen foar de partij op 8 augustus. It sil dêr wer drok wurde, miskien wol drokker as oars. En wat it yn 2021 wurde sil yn Goaiïngea?
De tafel bliuwt binnen de kommisje!

In macht oan sponsors wie benadere en sa koe der útpakt wurde mei ek in macht oan prizen. De ferlotting wie ek in súkses. Mannich keatser en taskôger waard bliid makke mei in aardige attinsje. De haadpriis, in bûtendoarhingtafel kaam yn hannen fan Renske Dotinga (foto), dy’t him dalis trochskode nei Sibrandabuorren, nei dochter Sjoukje.
Om in lang ferhaal koart te meitsjen, oer nei it keatsen sels
Yn de A-klasse, mei 8 partoeren, sprongen de DLG’ers Timen van Gelderen (Gau), Jelmer Drijfhout (Poppenwier) en Egbert Heins (Ysbrechtum) der fier út. Se foarmen it meast slutende trio mei de measte slachkrêft, Timen oan de opslach, Jelmer foaryn en Erbert achteryn en oan de twadde opslach. Oer trije partijen krigen se 4 earsten tsjin. Yn finale wienen Hidde Folkertsma, Eeltsje Postma en Arjen Radix ek lang net opwoeksen tsjin Van Gelderen c.s. It frij jonge partoer fan Pieter de Jong, Klaas Jan Oosterbaan en Albert Feenstra wûn de 1e priis yn de ferliezersrûnte. Sy wûnen op 5-2 6-4 fan Jente Schraa, Arjan van der Wal en Hendrik Brandsma.
Útslach A-klasse ( 8 partoeren )
1. Timen van Gelderen, Jelmer Drijfhout en Egbert Heins
2. Hidde Folkertsma, Eeltsje Postma en Arjen Radix
Ferliezersrûnte
1. Pieter de Jong, Klaas Jan Oosterbaan en Albert Feenstra



Ferstjinne winst foar Wybren, Sanne en Rixt yn de B-finale
De A-klassers sieten al lang en breed achter de geraniums, doe’t de finales yn de B-klasse noch begjinne moasten. Net frjemd fansels mei trije kear safolle partoeren. Twa partoeren moasten dizze dei 5x oan ‘e bak en dy twa troffen elkoar tafallich yn de earste omloop. Matthys Beuckens, Anne Sjoukje Leenstra en Oeds Broersma wûnen doe op ‘t nipperke fan Pieter Hofstee, Herre Cnossen en Siebrigje Nynke Boschma. Beuckens c.s. stoomden dêrnei sûnder problemen troch nei de finale. En dat jilde ek foar Hofstee c.s. Kinne wy dan sizze dat de finale einliks as yn de earste omloop plakfûn hat? Ja, dat kinne wy sizze, mar is it ek wier? Nee fansels, sa wurket it net.
Yn de finale joech de slachkrêft fan it perk fan Wybren Jorritsma en Sanne El van der Vlught de trochslach. It wie seker in moaie partij foar de neutrale taskôger. Beuckens c.s. besochten it oan alle kanten, mar by einbeslút wie it in mission impossible . De ferliersfinale wie mear as de muoite wurdich. Oan ‘e ein ta bleau it spannend tusken Pieter, Herre, Siebrigje Nynke tsjin Tjeerd de Vries, Thomas Dijkstra en Etta Dotinga. Op 5-5 6-2 wie de winst foar Hofstee c.s.
Útslach B-klasse ( 24 partoeren )
1. Wybren Jorritsma, Sanne El van der Vlugt en Rixt Cuperus
2. Matthys Beuckens, Anne Sjoukje Leenstra en Oeds Broersma
3. Jan
Feenstra, Luitzen Schaafsma en Jens van der Goot









Ferliezersrûnte
1. Pieter Hofstee, Herre Cnossen en Siebrigje Nynke Boschma
2. Tjeerd de Vries, Thomas Dijkstra en Etta Dotinga
3. Marcel de Groot, Kristia Dotinga en Fokke Postma


