• Teatswinst foar Sjoerd Hofstee, Antsje van der Goot en Siebrigje Nynke Boschma

    zondag 7 juli 2019
    It like der earst net op, mar úteinlik stienen der wol 8 hiele moaie partoeren op 'e list fan de jierlikse Teatspartij. De partij stie ûnder deskundige lieding fan Franziska van der Tempel en Yke van der Goot. 
    Franziska en Yke.jpg


    By dit spul moat men per earst trochdraaie yn 't perk en opslach. Men mei net yn ien kear boppeslaan of oer de achterline, ek net yn it tuskenspul. En by it goaien fan it racket is men de punten kwyt.  Wol aardich om te witten is dat it wurd 'racket' út it Flaamsk komt en letterlik weromkeatse (re-ketse) bestjut. Sa is de sirkel wer rûn.

    Om 13.00 oere waard út ein setten mei de wedstriid, mei de bedoeling moai foar 5 oere út te wêzen en sadwaande foar de buis yn de kantine sitte te kinnen foar de fuotbalpartij USA - Nederlân. En dat soe slagje (mar net foar Nederlân, sa't wy witte).

    Der wurdt sein dat de tennisers by it Teatsen yn it foardiel binne en dat leau ik ek wol, foaral mei de opslach en it dellizzen fan de ballen. Yn de earste omloop wie in klapper, dy't einge op 5-5 6-6. Jaring Ypma, Franziska van der Tempel en André de Groot wûnen op dy stân fan Jan de Groot, Marcel de Groot en Sjoukje Dotinga. In famyljesaakje fan de De Grooten dus. Jaring, Franziska en André gienen dêrnei kânsleas it skip yn tsjin de finalisten Arjen Radix, Arjen van der Zee en Catharina Schilstra op 5-0 6-2.

    De finale
    De oare finalisten wienen Sjoerd Hofstee, Antsje van der Goot en Siebrigje Nynke Boschma. Hja kamen sûnder al te folle tsjinslaggen yn de einstriid troch winst op Gauke Zijlstra, Arjan Mutsaers en Marijke Sybrandy (5-2 6-2) en Yke van der Goot, Wiggele Bakker en Sytze Jan de Vries (5-3 6-2). 

    It koe in moaie finale wurde. Oant spullen gelyk koe it noch alle kanten út, mar doe wienen de folgjende 3 earsten foar Sjoerd Hofstee c.s. Arjen Radix c.s kamen noch werom oant 5-4 6-4, mar doe wie it dien. 
    1.jpg
    2.jpg



    De finale fan de ferliezersrûnte
    Dy gie tusken Jan Feenstra, Jisk van der Velde en Hinke Bakker (yn de 1e omloop op 5-4 6-4 ferlern fan Arjen Radix c.s.) en it partoer Jacob Dotinga, Albert Jan van Raalte en Sybiel van der Goot. De lêsten wienen net by macht in fûst te meitsje en moasten op 5-1 de holle bûge. 

    De útslaggen
    1. Sjoerd Hofstee, Antsje van der Goot en Siebrigje Nynke Boschma
    2. Arjen Radix, Arjen van der Zee en Catharina Schilstra
    Ferliezersrûnte
    1. Jan Feenstra, Jisk van der Velde en Hinke Bakker
  • Nieuws

    Prachtige opbrengst Rabo Clubsupport 

    woensdag 16 oktober 2019
    Allemaal hartelijk dank voor het stemmen...
    Lees meer...

    Autobedrijf Leenstra en Himmel & Skjin binne de nije shirtsponsors

    zondag 13 oktober 2019
    Dat waard sneon 12 oktober op de gesellige jûn...
    Lees meer...

    En it wíe in gesellige jûn!!

    zaterdag 12 oktober 2019
    It wie in jûn wie it mei in protte...
    Lees meer...