• Prachtich pupillekeatsen yn Goaiïngea

    zondag 14 juli 2019

    Last-minutewedstriid foar de pupillefamkes
    En sa stie der sa mar ynienen in KNKB-wedstriid op it program foar ús feriening. Foar de pupillefamkes wie der op snein 14 july net in wedstriid ynfuld. Der waard op it lêst wat regele troch de minsken dy't der in neist by belutsen binne. Harstikke moai – it moat gjin regel wurde fansels – dat it sa koe en hulde oan de organisatoaren!

    Dit wie echt 'last-minute':
    - Goaiïngea soe it plak fan de wedstriid wurde;
    - Skiedsrjochters en karmaster soenen bestean út âlders;
    - En der wie in grutte sponsor fûn: Meganisaasjebedriuw DEM út Rinsumageast en Ljouwert.
    De wedstriidlieder wie Marco van der Goot fan ús eigen club.
     
    Moaie ‘finale’ yn de A-klas
    Fjouwer partoeren wienen der yn de A-klas, wêrfan twa mei eigen leden: Brecht Renema en Martsen van der Goot. It mocht de beide fammen net barre en fal yn ‘e prizen hjoed, by de eigen feriening. De ûnderlinge partij, op ‘e tredde list, wie in moaienien en foel út yn it foardiel fan Martsen op 5-4 6-6.
    De echte einstriid gie tusken it duo Maud Hellinga en Inez Bos en it twatal Nina-Claire Wijning en Linda van der Meer. De lêsten namen troch goed keatsen it foartou en kamen op in moaie foarsprong. It like sa goed as dien te wêzen, mar Maud en Inez fochten har wol hiel knap werom. Mar op 5-4 6-6 wie it wol dien.
     
    Moaie 3 e priis foar Jetske Zijlstra
    By de B’s wienen 12 twatallen, mar it lêste duo wie krekt net fol en sadwaande moast der bylotte wurde. En sa barde it. Fan ús club dienen Anne Rikst Bakker fan Tersoal mei en Jetske Zijlstra fan it Spears. Anne Rikst gie spitich genôch foar har krekt foar de prizen yn ‘e werkânsing derôf. Op ‘e trije – nei twa winstpartijen – ferlear Jetske mei har maat yn in spannende partij op 5-4 6-0 fan de lettere winners, dat dan wól wer! En de 3 priis siet yn ‘e knip. En watfoar in priis. Mar dêr letter mear oer.
     
    Moaie
     Beppe.JPG
    rol foar beppe Klaske Schaap

    De finale yn ‘e werkânsing waard wûn troch Anke Bruinsma en Fenna Hoekstra yn in moaie partij fan Manouk Scharringa en Jildou Sterk. It waard 5-3 6-4.
    Yn de winnersfinale wienen de krânsen foar Rianne Osinga en Wieke Schaap, dy’t nei in 3-0 achterstân it roer omgoaiden, op dringend ‘advys’ fan beppe Klaske fan Wieke (sjoch foto, ek mei heit Haaije). Dat die fertuten, want wat se ek besochten, Doutsen Veendorp en Minke Tjalsma koenen it goede spoar net weromfine: se krigen net in earst wer. It waard 5-3 6-2 

    Sulveren want.JPG
    Prachtige sulveren sieraden fan Nynke Edelsmid
    Sponsor DEM hie útpakt. Wat in moaie prizen. Kettinkjes mei keatsbaltsjes, keatswanten (1e priis) en oars keatsark, wat wienen de famkes fergulde! De A-klassers hienen harren pryskes al yn ûntfangst nommen en wisten wat se krigen hienen. De measte B-keatsters koenen sadwaande witte wat harren te wachtsjen stean koe!
     Blokjerinners.JPG
    Helpers fan de dei.JPG
    En dêrmei wie in moaie keatsdei mei mei moai keatswaar - foar de stuolle- en banksitters wie it op 't lêst wat fris - oan in ein kommen. 

      


    Plúmke foar de helpers
    By de priisútrikking fan de B’s waard alle helpers betanke en wedstriidlieder Marco van der Goot die dat op syn bekende persoanlike manier. De trije blokjerinners Frank, Allard en Jorrit krigen in ijsko en mochten op ‘e foto. En ek de grutte helpers, ynklusyf de sponsor, waarden yn it sintsje setten! ‘Dit is de takomst’, sa spriek Marco. Wy hoopje net dat hy bedoelde dat alle wedstriden tenei op it lêste momint organisearre wurde sille, mar dat âlders, pakes en beppe stadichoan mear as frijwilligers fungeare sille by wedstriden!  


    A 1 en 2.JPG
    B 1e.JPG

      
    B 2e.JPG
    B 3e.JPG
    B herk. 1e.JPG

    B herk. 2e.JPG
    A-klasse t.i.l. (4 twatallen) :
    1. Nina-Claire Wijning (Sint Anne) en Linda van der Meer (Dronryp)
    2.Maud Hellinga (Dronryp) en Inez Bosch (Arum)             
               















    B-klasse t.i.l. (12 twatallen) :
    1. Rianne Osinga (Ingelum) en Wieke Schaap (Turns) 









    2. Doutsen Veendorp (Ie) en Minke Tjalsma (Boalsert)           









    3. Jetske Zijlstra (Sibrandabuorren) en Michelle Gerjanna Sijtsma (Wetsens)








    Werkânsing
    1. Anke Bruinsma (Makkum) en Fenna Hoekstra (Sint Anne) 









    2. Manouk Scharringa (Dronryp) en Jildou Sterk (Berltsum)






  • Nieuws

    Zondag 22 november Kerstkranstoernooi

    zaterdag 7 december 2019
    Lees meer...

    Foppe Drijfhout veegt als een echte Piet de muurkaatsbaan aan!

    zondag 24 november 2019
    De opkomst was groot; maar liefst 25...
    Lees meer...

    Zondag 24 november VEEG PIET TOERNOOI (muurkaatsen)

    vrijdag 15 november 2019
    Lees meer...