• Prachtich begjin fan de senioaren mei 14 partoeren 

    vrijdag 27 april 2018
     0.JPG
    En dat wie foar in grut part te tankjen oan de jeugd, dy't 'massaa' oerstapt is nei de grutten. En it wie ek noch sa dat ien fan dizze jongelju it grien om ‘e nekke krige. De manlju hienen in moaie list mei 8 partoeren en de froulju hienen ek in prima list, mei 6 formaasjes. Alle partoeren, sawol by de manlju as de froulju, mochten trije kear oan ‘e bak. Dêrnei wie der gjin finale mear: it partoer mei de measte punten fertsjinne de krâns.
    By de manlju wienen 6
     1e.JPG
    trijetallen en 2 twatallen. En ja, dan is it mar krekt hoe’t dat útpakt. Faak pakt dat foar de twatallen it bêste út, teminsten as twa aardich goede keatsers by elkoar hast. En fansels is it bepalend tsjin wa’st lottest. It waard in moaie keatserij mei partoeren dy’t oan elkoar weage wienen. En oan ‘e ein fan de dei stienen Arjen Radix, Oeds Broersma en Ruurd Jan Leenstra mei de krâns om ‘e nekke. Hja wûnen de trije partijen en hienen mar 4 tsjinearsten. Ruurd Jan makke foaryn syn paadsje goed skjin.

    Nolke Bergstra en Jacob
     2e.JPG
    Dotinga        
    wûnen ek de trije partijen, mar krigen 9 earsten tsjin. Ja, en dan wolle jo einliks ek noch in finale, mar ja......

     manlju 3e.JPG







    De 3e priis wie  foar Jan de Groot, Jan Dotinga en Jelmer Molenaar . Jelmer is de man mei de measte meters fan de dei. Hy hat mei syn opslach in oanrin fan wol in meter as 15 en dat alle kearen wer! En hy wie wer tige nuttich yn it tuskenspul. Syn partoer helle 18 punten.
             

    De  froulju keatsten mei 3 trijetallen en 3 twatallen
    froulju 1e.jpg

    It sterke duo Andrea Kroes en Fryda Menger hien suver gjin tsjinstân (mar 2 earsten tsjin oer trije partijen!) en krige sa fertsjinne de krânsen om ‘e nekke.         






    froulju 2e.jpg

    Aaltsje Kroes en Sjoukje Dotinga , dy’t net tsjin Andrea en Fryda keatst hienen, wûnen ek harren trije partijen, mar hienen 6 tsjinearsten. Hjir ek dus spitich genôch gjin finale.            





    froulju 3e.jpg

    'The best of the rest' wienen
    Margriet Adema, Doutzen Molenaar en Marrit Gaastra   mei 13 punten.
                  







                
    En de jeugd hie de stamtafel as ynnommen, mar ús âldste  aktive lid koenen se der net wei krije: Oeds Broersma!       
     2.JPG

                
    De kop fan it jubileumseizoen is derôf. De earste punten fan de Repkobeker binne ferdield. Óp nei de DLG-on-tour-partij yn Sibrandabuorren op sneon 26 maaie : Pearkekeatsen!        





  • Nieuws

    Kaatsfestijn op de Oosterdijk een daverend succes!

    zondag 30 september 2018
    10-jarig jubileum met 34 paren! Voor de 10keer op rij werd het...
    Lees meer...

    Laatste ledenpartij voor mannen en vrouwen

    zondag 16 september 2018
    Het seizoen begon zo mooi op 28 april met 14 deelnemende parturen en het eindigde met twee keer...
    Lees meer...

    Slotpartij jeugd met Patat en Bingo

    zaterdag 15 september 2018
    Kabouters ( 4...
    Lees meer...