• Nynke Sijbrandij nei winst op NK froulju yn Froubuorren; clash yn de earste omloop Goaiïngea-Jirnsum; NK Junioaren: Johan en Timen dogge it goed!  

    zaterdag 28 augustus 2021
    Foar Manon Scheepstra lei op sneon 28 augustus de 4e wimpel te wachtsjen. Nei winst op de Ald-Meiers, de Jong Fammen en de Frouljus-PC soe no de bûter jild jilde moatte op it NK froulju. Mei Nynke Sijbrandij yn 't partoer wienen se - keatsend foar Goutum - grutte kânshawwers foar de winst. Nynke hie al twa wimpels troch winst op NK en PC en dêr sil it by bliuwe.....

    De striid om de ienlingen fan Skearnegoutum en Grou
    Mar earst wat oars. De dagen foarôfgeand oan de wedstriid waard ynienen ûndúdlik oft ienling Iris Oosterbaan wol foar Goaiïngea keatse mocht. Op de Jong Fammepartij hie se wol foar ús keatst, mei Andrea Kroes en Moniek Lootsma en dat hie de 2e priis oplevere. It ienlingereglemint sei net dat it net mocht, mar 'de KNKB' besleat dat it net mocht. Nei wat lobbywurk (tinke wy) kaam op moandei - de lêste dei fan it opjaan fan it partoer -  wite reek: Iris mocht foar ús keatse en dat skeelde in slok op in boarrel foar Andrea en Moniek. En lit no itselde spylje by Jirnsum mei Wybrig en Foke Jil Bakker, dy't Marije Bodde as ienling fan Grou yn it partoer hawwe woenen. 

    Goaiïngea - Jirnsum
    De lotting wie ferrassend: yn de earste omloop Goaiïngea - Jirnsum, as hienen se it derom dien! It waard in partij om net gau te ferjitten. Goaiïngea kaam let op stoom troch flaters en rekken flink achter. Lykwols se kamen werom fan in 5-3 achterstân. Alles kaam oan 'e hang en doe pleatste Wybrig in knappe sitbal. Jirnsum die it dêrnei hiel knap tsjin Ljouwert (5-4 6-4), mar yn de tredde omloop wie Mantgum te sterk, de lettere finalist.
    De oare finalist waard Goutum dus, dat nei twa ienfâldige oerwinnings op Grou en Wommels. Yn de finale tsjin Mantgum wie de winst foar Goutum op 5-2 6-2. 
     Goutum.jpg


    NK junioaren yn Frjentsjer
    Op deselde dei hienen Johan Cnossen en Timen van Gelderen yn Frjentsjer op it Sjûkelân. Wa hie tocht dat se de tredde omloop helje soenen? De earste omloop tsjin Nijewier/Mitselwier/ Easternijtsjerk, à la, dat soe miskien kinne, wat moatte je derfan sizze. Likegoed winst op 5-2 6-2.
    Mar dan Makkum mei in knaap as Klaas Pier Folkertsma, winner fan de Freule yn 2015.
     3.jpg


    1-0 foar, 1-1, 2-1 achter, 3-1 achter, 3-2, 4-2 achter, 4-3, 4-4, 5-4 achter, 5-5! 
    En it lêste earst giet op 6-0 nei ús mannen. Yn de 3e omloop is Ie te sterk: 5-0 6-0.


    Klaas Postma, assistint fan keatssjoernalist Jan Braaksma, seit it sa op knkb.nl:  "Ee en Dronrijp 1 werden derde. Ee won nipt van Bolsward (5-4 en 6-6), makkelijk van Dronrijp 2 (5-1 en 6-4) en nog makkelijker van het duo uit Goënga. Johan Cnossen en Timen van Gelderen kaatsten met zijn tweeën, deden dat geweldig maar waren kansloos tegen Ee met een klassieke 5-0 en 6-0 eindstand tot gevolg."

    En yn it Friesch Dagblad seit Rynk Bosma: "Een andere verrassing was Goënga met de tweepitter Johan Cnossen en Timen van Gelderen. Een duo dat heldhaftig elke omloop vocht tegen een verwachte uitschakeling. En elke keer overleefden de twee groenhemden. Op de derde lijst haperde de tweetaktmotor tegen het al even verrassende KF De Trochsetters uit Ee. Een naam die het duo ook niet zou misstaan."
     6.jpg

    Wy kenne fansels Rynk Bosma syn dichterlike oerdriuwingen, mar steane fansels hielendal achter dizze tekst. 

    Fraach
    Hoe lang is it lyn dat in Goaiïngeaster partoer de tredde omloop helle hat fan in NK junioaren (CFK of KNKB)? 
    'Dat zoeken we op.'

    Wy skriuwe 1980 en 1983: twa kear helje ús jonges de tredde omloop.  Yn 1980 wienen dat Johan de Jager, Wytse van der Meer en Wiebe Wijbrandi
    Yn 1983 wienen it Jacob Dotinga, Wytse van der Meer en Siemon Boonstra (5e priis)! Mar de earste omloop kaam de tsjinstanner net.   






    (Foto's Facebook Suawarda Vis) 
  • Nieuws

    Maaike Faber en Marije Jonker nemen het stokje over

    vrijdag 1 oktober 2021
    Op tongersdei 1 oktober wienen in lytse 30 leden...
    Lees meer...

    Zondag 26 september begint het Muurkaatsen weer

    dinsdag 21 september 2021
    ...
    Lees meer...

    In prachtige nacht om te nachtkeatsen

    zondag 12 september 2021
    Doe't wy begongen mei in prachtige list ...
    Lees meer...