• Moaie, lange en waarme keatserij 1e klas froulju yn Goaiïngea

    zondag 15 juli 2018
    De  organisaasje wie perfekt!  It fjild lei der frij goed by tanksij de wettersproeitanks fan de Maatskip Wijbrandi, it waar wie prachtich - waarm mar net té waarm -, dat je soenen sizze: wat stiet in moaie keatsdei noch yn 't paad? No neat. Behalve dat it allegearre wat langer duorre as winske wie, want de lêste prizen wienen om 16.30 oere útrikt. Debet dêroan wie dat guon partijen lang duorren en dat hawwe jo net yn 'e hân. Gelokkich mar, want der waard 'keatst'! 'Ús'Skiedsrjochter Johan Koldijk koe dan ek tefreden weromsjen op dit keatstoernoai. 
     
    Joh Koldijk.JPG

    Wedstriidlieder Gerrit van der Leeuw betanket Johan Koldijk foar de lieding. Op 'e achtergrûn clubskiedsrjochter Francisco Oosterbaan dy't op dizze dei ek yn aksje kaam as skiedsrochter (en as teater!)





    Pikant detail wie dat fan de 14 frije-formaasjepartoeren nr 13 him ôfmelden hie en sadwaande as 'aktyf' partoer op 'e list stean bleau. De partoeren dy't tsjin partoer 13 keatse moatten hienen, wûnen reglemintêr mei 5-0 6-0. Want de list is liedend.   

    Heale finales
    Sa koe it barre dat partoer 14 fan Nicole Hempenius, Anke Winkel en Simona Kootstra nei in reglemintêre 5-0 6-0 winst en dêrnei in steand nûmer pas om 14.00 oere echt oan 'e bak koenen: yn 'e heale finale tsjin Anne Berber Zeinstra, Lotte Delgrosso en Jildou Felkers. En dy partij ferlearen Nicole Hempenius c.s. op 5-3 6-4, mar se hienen dus wol in 3e priis en 1 punt foar it klassemint. 

    De oare heale finale gie tusken de partoeren Anna Brecht-Bruinsma, Anouk Tolsma en Kim Dijkstra en de sterke formaasje fan Sietske Okkema, Maaike Osinga en Aukje van Kuiken. It waard in iensidich treffen: 5-1 6-0.

    De finale koe besjen lije! 
    It partoer Sietske Okkema naam in spul foarsprong, mar Anne Berber Zeinstra c.s. pakten dêrnei 3 earsten achter elkoar. It folgjende spuk wie foar Okkema c.s.: 5-4. Mar it duorre net lang: 5-5.
    It wie in partij dan 'alles oan 'e hang', en dat barde ek. Op 5-5 6-6 sloech Lotte Delgrosso de grutte keats perfekt troch de hoeke foarby!

    Wybrig Bakker yn 'e ferliezersrûnte krekt foar de prizen derôf!
    Mei har maten Hiske Zeinstra en Melissa Rianne Hiemstra ferlearen se yn 'e heale finale fan Jildou Sweering, Jeska Terpstra en Jennie Terpstra op 5-3 6-6. Mear siet der dit kear net yn! Yn de finale wûnen Jildou Sweering c.s. yn in moaie pot op 5-4 6-2 fan Boukje Houtsma, Corrie Kroondijk en Boukje Ellen Bosma.

    De totaalútslach
    1. Anne Berber Zeinstra (Ljouwert), Lotte
    1e.JPG
    Delgrosso (Marsum) en Jildou Felkers (Berltsum)
    2e.JPG

    3.JPG







    2. Sietske Okkema (Easterein), Maaike Osinga (Frjentsjer) en Aukje van Kuiken (Kollumerpomp)







    3. Anna-Brecht Bruinsma (Wommels), Anouk Tolsma (Dronryp) en Kim Dijkstra (Makkum) 






     3. Nicole Hempenius (Frjentsjer),
    4.JPG
    Anke Winkel (Dronryp) en Simona Kootstra (Minnertsgea) 







      Ferliezersrûnte 
    1. Jildou Sweering
    5.JPG
    (Folsgeare), Jeska Terpstra (Easterein) en Jennie Terpstra (Mantgum) 






     
    6.JPG

    2. Boukje Houtsma (Grins), Corrie Kroondijk (Easterein) en Boukje-Ellen Bosma (Makkum)












  • Nieuws

    Michel Nesse en Siebrigje Nynke Boschma yn 'e krânsen yn Skearnegoutum

    zondag 29 juli 2018
    Dat barde op de jierlikse Pree-PC-partij, dy't dit jier yn Skearnegoutum plakfûn. En Skearnegoutum...
    Lees meer...

    De Thúsbliuwerspartij vrijdag 27 juli gaat niet door!

    donderdag 26 juli 2018
    De Jeugdcommissie heeft gisteravond besloten de Thúsbliuwerspartij van vrijdag 27 juli niet...
    Lees meer...

    Moaie, lange en waarme keatserij 1e klas froulju yn Goaiïngea

    zondag 15 juli 2018
    De organisaasje wie perfekt! It fjild lei der...
    Lees meer...