• Michel Nesse prolongearret keningstitel op Oranjefeestpartij

    vrijdag 12 juli 2019
     De lieding.JPG


    En sa stienen Michel Nesse, Folkert Boschma en Kees Koopmans oan 'e ein fan freed 12 july 2019 mei de krânsen om 'e nekke. Yn de finale hienen se Harm van Gelderen, Rauke van der Meer en Antsje Kievit op nul (0) earsten stean litten. Ien earst hienen se yn hannen, mar sels dat slagge net mear nei in lange keatsdei, dy't foar de finales ûnderbrutsen waard troch in lange, lange bui; 40 ml moat der fallen wêze. Michel waard ta kening útroppen.
    Allinnich yn de earste omloop hienen Nesse c.s. wat te freezjen hân. Tsjin Nolke Bergstra, Feike Bokma en Anouk Suierveld moasten se echt wol oan 'e bak, mar op 5-3 6-6 koenen Bergstra c.s. de ferliezersrûnte yndûke.

    En dat dienen Bergstra c.s. mei oertsjûging: se berikten dêr wól de finale. Tsjinstanners wienen Thys Fopma, Johan Cnossen en Doutsen Molenaar. Frappant wie dat dizze minsken yn de earste omloop op 5-5 ferlern hienen fan Harm van Gelderen, Rauke van der Meer en Antsje Kievit.  

    Van Gelderen c.s. keatste oer de hiele dei deeglik, mar dreech: twa kear 5-5 en twa keer 5-4. En ja, dan moatte jo de finale keatse tsjin in swiere tsjinstanner, dy't wól in steand nûmer hân hie! Mar dat hie oars fierder neat útmakke, miskien mei dit ferskil dat se dan wol in earst pakt hienen. Wa sil it sizze? De winst wie fertsjinne!

    De útslaggen
    1. Michel Nesse, Folkert Boschma en Kees Koopmans
    2. Harm van Gelderen, Rauke van der Meer en Antsje Kievit
    3. Douwe Greidanus, Jan Cuperus en Afke Marij van der Goot
    3. Evert Sijbesma, Jelle Kievit en Germ Bergstra
    Ferliezersrûnte
    1. Nolke Bergstra, Feike Bokma en Anouk Suierveld
    2. Thijs Fopma, Johan Cnossen en Doutsen Molenaar
     1e.JPG

    2e.JPG
    3e a.JPG
    Ferliezers 1e.JPG
    Ferliezers 2e.JPG














  • Nieuws

    Zondag 22 november Kerstkranstoernooi

    zaterdag 7 december 2019
    Lees meer...

    Foppe Drijfhout veegt als een echte Piet de muurkaatsbaan aan!

    zondag 24 november 2019
    De opkomst was groot; maar liefst 25...
    Lees meer...

    Zondag 24 november VEEG PIET TOERNOOI (muurkaatsen)

    vrijdag 15 november 2019
    Lees meer...