• Michel Nesse net te pakken op Maitiid-slottoernoai muorrekeatsen

    zondag 17 maart 2019
     Nolke.JPG
    Nolke oan 'e kofje yn 'e seal, moat kinne!

    It tal dielnimmers wie dit kear wat minder as de foarige kear, mar dat makke it muorrekeatsplesier net minder. De 16 oanwêzigen knokten in sportive striid út. Seis partijen per persoan wie dit kear it taks. Foar it earst waard it rallypointsysteem op in toernoai hantearre, in systeem dat yn 'e rin fan dit winterskoft syn yntree dien hat. En mei súkses, it jout mear spanning en it giet allegearre wat flotter. Wy telden op dizze dei 21 punten per partij. Wedstriidlieder Nolke Bergstra joech by de priisútrikking útlis oer it programma dat er boud hat om de lotting te regeljen. It is no in makky, sa sei de sympatike Legeaenster om utens (Grou). Petje af!

    Mar ja, wa stie oan 'e ein fan 'e
     Michel en Nolke.JPG
    middei mei de fiktive krâns om 'e nekke? Dat wie Michel Nesse. Hy hie alle seis partijen wûn. Harm van Gelderen skoarde 5 út seis en Moniek Lootsma, hiel moai 4 út seis. Omdat Bauke Nicolai al nei hûs ta wie, mocht Sjoerd Atze de Jong fan Kimswert de 4e priis yn ûntfangst nimme! 
     Priiswinners.JPG



    Nolke lokwinske priisútrikker Michel

    Punten muorrekeatsen.jpg
















    f.l.n.r. Michel, Sjoerd Atze, Harm en Moniek 







  • Nieuws

    Ofskied Margriet Adema as foarsitter op de foarjiersfergadering

    donderdag 4 april 2019
    Yn in rêstige ledefergadering hat Margriet...
    Lees meer...

    Michel Nesse net te pakken op Maitiid-slottoernoai muorrekeatsen

    zondag 17 maart 2019
    Nolke oan 'e kofje yn...
    Lees meer...

    Maitiid-slottoernoai Muorrekeatsen snein 17 maart

    zondag 17 februari 2019
    Lees meer...