• Kâlde en winige Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland-partij

    woensdag 16 mei 2018
    Mar sa as altyd hat de jongerein dêr minder lêst fan as de grutten. En dan rekkenje ik mar even neffens mysels. It wie de 2e ledepartij fan ús jeugd mei 4 moai oersichtlike listen fan 4 twatallen (mei by de Kabouters as dissonant ien trijetal). Sadwaande koe der pûlkeatst wurde en dat dienen se dan ek. Yn alle klassen hienen de krânswinners trije winstpartijen. Dan mei men derfan útgean dat de winst fertsjinne wie.

    IMG_4583.JPG
    Kabouters
    Falke Bakker pakte grutsk syn 2e krâns by de Kabouters, dit kear mei Benthe Holtrop . Se krigen mar 5 earsten tsjin.






     

    IMG_4579.JPG

    Esther Lootsma en Emma Brecht Bokma waarden moai 2e.
       











    IMG_4593.JPG
    Welpen
    De welpen Minke Lys Leenstra en Anna Marit Twijnstra . Foar Anna Marit wie it ek de 2e krâns yn Goaiïngea.







    IMG_4588.JPG
    Aardich, mar ek net mear as dat, wie dat de 2e-priiswinners Jelmer Bijma en Jildou Twijnstra mar 8 tsjinearsten krigen en Minke Lys en Anna Marit 9. Yn de lêste en beslissende partij wûnen Minke Lys en Anna Marit op 5-3 6-6 fan Jelmer en Jildou.
       





     IMG-20180521-WA0001.jpg
    Pupillen
    By de pupillen siet it fenyn hielendal yn ‘e sturt, de lêste partijen dus. Martsen van der Goot en Ilse Baanstra , dat wie wol dúdlik. Dy sprongen derút mei mar 6 tsjinearsten. De oare 3 partoeren eingen op 12 punten. Ja, en dan telle jo de tsjinearsten. Brecht Renema en Jochem Lootsma wienen de gelokkigen mei 13 tsjinearsten.
          








     IMG-20180521-WA0003.jpg
    Skoaljeugd
    Yn de âldste groep mei de jeugd dy’t al nei Snits nei skoalle giet, wûnen Afke Marije van der Goot en pupil Elbrich Kooistra . Elbrich hie op Keningsdei ek al de krâns wûn, mar doe by de pupillen.





     IMG-20180521-WA0002.jpg

    Johan Cnossen en Rigt van der Velde ferlearen yn de lêste en beslissende partij op 5-4 6-2 fan Afke Marij en Elbrich.
            







    De  totaalútslach  
    Kabouters ( 4 twatallen )
    1. Falke Bakker en Benthe Holtrop  (21 pnt)
    2. Esther Lootsma en Emma Brecht Bokma (16 pnt)
    Welpen ( 4 twatallen )
    1. Minke Lys Leenstra en Anna Marit Twijnstra (21 pnt)
    2. Jelmer Bijma en Jildou Twijnstra (17 pnt)
    Pupillen ( 4 twatallen )
    1. Martsen van der Goot en Ilse Baanstra (21 pnt)
    2. Brecht Renema en Jochem Lootsma (12 pnt)
    Skoaljeugd ( 4 twatallen )
    1. Afke Marij van der Goot en Elbrich Kooistra (21 pnt)
    2. Johan Cnossen en Rigt van der Velde (18 pnt)






  • Nieuws

    Kaatsfestijn op de Oosterdijk een daverend succes!

    zondag 30 september 2018
    10-jarig jubileum met 34 paren! Voor de 10keer op rij werd het...
    Lees meer...

    Laatste ledenpartij voor mannen en vrouwen

    zondag 16 september 2018
    Het seizoen begon zo mooi op 28 april met 14 deelnemende parturen en het eindigde met twee keer...
    Lees meer...

    Slotpartij jeugd met Patat en Bingo

    zaterdag 15 september 2018
    Kabouters ( 4...
    Lees meer...