• Jelmer Drijfhout wint Muorrekeatsen yn Sibrandabuorren mei de hakken oer de sleat!

    zondag 11 maart 2018

     IMG_3951.JPG
    Jelmer Foppe Drijfhout -  hy is noch skoaljonge - liet sy grutte opponint Michel Nesse op snein 11 maart mar in heale punt achter him - 10,9 om 10,4 - , mar it wie genôch. En de winst wie fertsjinne, want hy wûn as iennichste 7 fan de 8 spile partijen. De 3e priis wie foar Andrea Kroes, dy't krekt as Michel 6 partijen wûn, mar mei 8,9 punten op earbiedige efterstân fan de mannen bleau.

    Mei dit toernoai is de muorrekeatskompetysje 2017-2018 offisjeel ôfsluten. Der kin noch in pear kear op sneintemiddei spile wurden fan 14:00 - 16:00 oere, 'om des keizers baard'.   


    IMG_3947.JPG
    Toernoaidirekteur Nolke Bergstra hie de saken wer pico-bello yn oarder. It tal dielnimmers foel wat ôf - tolve- , mar dêr wie it sportplesier net minder om.
    IMG_3952.JPG




    Hjirûnder alle priiswinners fan dizze dei, f.l.n.r.: Michel Nesse, winner Jelmer Drijfhout en Andrea Kroes. 






















    De einútslach:
     MK.jpg






       
    De útslach is sa bepaald: tal wûne partijen + 0,1 x it puntesaldo.







  • Nieuws

    Ofskied Margriet Adema as foarsitter op de foarjiersfergadering

    donderdag 4 april 2019
    Yn in rêstige ledefergadering hat Margriet...
    Lees meer...

    Michel Nesse net te pakken op Maitiid-slottoernoai muorrekeatsen

    zondag 17 maart 2019
    Nolke oan 'e kofje yn...
    Lees meer...

    Maitiid-slottoernoai Muorrekeatsen snein 17 maart

    zondag 17 februari 2019
    Lees meer...