• Jacob Dotinga stunt hast alwér by de 50+

    zaterdag 28 april 2018
    In prachtige list hienen wie op sneon 28 april: 19 partoeren. Troch twa ôfsizzings bleaunen der 18 partoeren oer en moast der hieltiten wer bylotte wurde. Dêrtroch duorre it allegearre wat langer en kaam it sa, dat om 18.30 oere pas de lêste slach fallen wie. Likegoed wie it in prachtige keatsdei, allinnich yn 'e rin fan 'e middei waard it wat buiïch. Fan ús club dienen mei: Age van der Goot, Jacob Dotinga en Harmen van Gelderen. Jacob hie yn 2017 de krâns wûn yn 'e B-klasse en no leinen der wér kânsen, want hy hie in bêst partoer. Hy koe him de hiele dei útlibje oan de opslach. De kompliminten foar dizze, foar de measten ûnbekende, Gauster koe men de hiele dei hearre om it fjild hinne. Jacob keatste mei René Leenstra en Ype Tiemersma.      

    De earste omloop wûnen Dotinga c.s. maklik. Doe wienen Age van der Goot, Maikel Versnel (Sint Anne) en Sjoerd Nauta (ús âld-lid fan Hearrenfean) oan bar. Dotinga c.s. wûnen nei in 3-0 foarsprong op 5-4 6-0. Dêrmei stienen se yn 'e heale finale. No, dat gie dat it slydjage. Se kamen 5-2 foan en koenen it útmeitsje, en faker as ien kear. Mar dat barde net. De taaie Tiede Boorsma, Piet de Groot en Jan de Jong 'rûkten bloed' en krûpten earst nei earst tichterby. By einbeslút kaam alles oan 'e hang, 5-5 6-6. Jacob mocht opslaan op in te lytse keats en doe foel it doek.

    De finale gie tusken it tige sterke partoer Hendrik Eringa, Bennie Hof en Piet Zondervan en it trio Tiede Boorsma, Piet de Groot en Jan de Jong. It waard in prachtige lykopgeande partij, dy't beslikke waard op 5-4 6-6 yn foardiel fan Eringa c.s. It wie fertsjinne.     
    De finale yn 'e ferliezersrûnte wie ek moai foar it publyk: alles kaam oan 'e hang. De kwinkslaggen oer en wer klonken geregeld oer it fjild hinne en om sa te keatsen, dat  is fansels fantastysk. It partoer Oeds de Roos, Anno Miedema en Johannes Siegersma (ek in âld-lid fan ús!) wûn fan Eddy Sjollema, Sikke Koster en Simon de Groot.  
     
    De Alde Hap hie regele dat keatsers en publyk de hiele dei foarsjoen waarden fan lekkere hapkes. En oan De fleisprizen - sponsord troch de Alde Hap - waarden dêrnei troch Gerrit van der Leeuw útrikt oan de neikommende partoeren:

    1. Hendrik Eringa (Spannum), Piet Zondervan (Jorwert) en Bennie Hof (Frjentsjer)      
     1 50+ 1e.JPG













    2. Piet de Groot (Mullum), Tiede Boorsma (Sint Nyk) en Jan de Jong (Menaam)
     2 50+ 2e.JPG













    3.  Jacob Dotinga (Gau),René Leenstra (Hearrenfean) en Ype Tiemersma (Easterein)       

     3 50+ 3e.JPG














    Ferliezersrûnte
    1. Anno Miedema (Stiens), Oeds de Roos (Menaam) en Johannes Siegersma (Berltsum)
     4 50+ 1e ferl.JPG













    2. Eddy Sjollema (Harns), Sikke Koster (Dokkum) en Simon de Groot (Mullum)
     5 50+ 2e ferl.JPG



  • Nieuws

    Kâlde en winige Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland-partij

    woensdag 16 mei 2018
    Mar sa as altyd hat de jongerein dêr minder lêst fan as de grutten. En dan rekkenje ik mar...
    Lees meer...

    Jacob Dotinga stunt hast alwér by de 50+

    zaterdag 28 april 2018
    In prachtige list hienen wie op sneon 28 april: 19 partoeren. Troch twa ôfsizzings bleaunen der 18...
    Lees meer...

    DLG-Jeugd bij spits af op mooie Koningsdagpartij

    vrijdag 27 april 2018
    Marco van der Goot houdt zijn speech voor de nieuwe...
    Lees meer...