• It fjild fol mei de Bakker TAB-partij: Marije, Nynke en Etta winne!

    vrijdag 11 juni 2021
    1.JPG
     5.JPG

    Wy mochten foar it earst wer kompleet ledekeatse, gjin (nuvere) splitsing mear fan plus-minus 27 jier. De kommisjes hienen trije moaie listen makke: A, B en BC, mei elkoar 18 partoeren. Alde tiden komme werom? In lytse relativearring: 47 keatsers levert 12 partoeren fan 3 op, ek moai, want wy wienen jierrenlang op in 8 partoeren stykjen bleaun. De groei sit der dus wol yn!
    De A-en B-klasse wienen moai lotte. Net ien partoer helle trije kear de winst en yn beide klassen moasten de tsjinearsten de trochslach jaan.
    Yn de A-klasse sloegen Arjen Radix, Arjen van der Zee en Nolke Bergstra daliks in ferrassend goede slach: 5-1 winst op Michel Nesse en Evert Sijbesma. Dêrnei ferlearen se wol fan Egbert Heins en Timen van Gelderen, mar yn de lêste partij setten se dat wer rjocht tsjin Jouke Dotinga en Marco Lobregt. De 1 priis wie dus foar Radix c.s. en de 2 priis foar Egbert en Timen. Ferskil in tsjinearsten 5, dúdlik dus.

    By de B’s sprongen de duo Jelmer de Jong en Marcel de Groot en it duo Wybren Jorritsma en Jan Feenstra derút. Jelmer en Marcel hienen nei twa omlopen de bêste papieren mei twa winstpartijen, trochdat Wybren en Jan hat ferslokt hienen tsjin de dapper stridende jongfammen Foke Jil Bakker en Moniek Lootsma. Wybren en Jan móasten dus yn de lêste partij winne fan Jelmer en Marcel en dienen dat op 5-4 6-2. Ien earst mear foar Jelmer en Marcel en sy hienen de krâns hân. Einstân: beide twatallen 18 punten en Wybren en Jan 2 tsjinearsten minder. It wie in moaie striid.

    En dan de BC-klasse mei 10 partoeren. De earste twa omlopen waard begongen mei spullen gelyk en dat wie ek mar goed, want doe’t de finale begong waard it sicht al wat minder troch de bewolking.
    It devys wie hjir: soargje dat je de earste beide omlopen sa gau mooglik op foarsprong komme en dan trochsette! Dat slagge net elkenien, mar wy kinne leau ‘k wol sizze dat de sterkste partoeren de beide einstriden berikten. En wy hienen moaie finales. De trije sterke froulju Marije Jonker, Nynke Schipper en Etta Dotinga lieten in 5-2 foarsprong hast glippe tsjin Yke van der Goot, Oeds Broersma en Wytske Boschma. Van der Goot c.s. slûpten werom oant 5-5 en dan moatte je trochpakke. It waard him krékt net net foar harren 5-5 6-4. De ferliezersfinale wie ek in moaie en spanende partij. Age van der Goot, Jochem Lootsma en Siebrigje Nynke Boschma wûnen mar krekt fan Jacob Dotinga, Doutzen Molenaar en Germ Bergstra, 5-5 6-2.
    4.JPG


    Neidat rap de fjilden noch opromme waarden, rikten  Jouke Dotinga en Aaltsje Kroes by tsjuster de prizen út. En sa waard de Bakker TAB-partij ôfsluten, spitich genôch yn ôfwêzichheid (oare ferplichtings) fan it sponsorechtpear Wiggele en Hinke Bakker, ja en Wiggele die oars ek noch wol ris mei. Gerrit van der Leeuw stie achter de bar en hy wiisde derop dat wy meikoarten pinne kinne yn de kantine. Nei ôfrin gie elk wer har of syn paad.     

    De útslaggen
     A-klasse ( 4 partoeren ):  
    1.  Arjen Radix, Arjen van der Zee en Nolke Bergstra
    2.  Egbert Heins en Timen van Gelderen
    A1.JPG
    A2.JPG







    B-klasse ( 4 partoeren ):
    1.  Wybren Jorritsma en Jan Feenstra
    2.  Jelmer de Jong en Marcel de Groot
    B1.JPG
    B2.JPG



    BC-klasse ( 10 partoeren ):
    1.  Marije Jonker, Nynke Schipper en Etta Dotinga
    2.  Yke van der Goot, Oeds Broersma en Wytske Boschma
    BC1.JPG
     BC2.JPG







    Ferliezersrûnte
    1.  Age van der Goot, Jochem Lootsma en Siebrigje Nynke Boschma
    2. Jacob Dotinga, Doutzen Molenaar en Germ Bergstra
    BC3 ferl 1.JPG
    BC4 ferl 2.JPG









  • Nieuws

    Twadde edysje Jong Hab Partij: wat hawwe se útpakt!

    zondag 25 juli 2021
    Goaiïngea, 25 july 2021. Net ien wanklank wie de...
    Lees meer...

    Moaie 3e priis  foar Iris, Moniek en Afke Marij op NK famkes yn Penjum

    zaterdag 24 juli 2021
    En sa hie de club ynienen trije eareplakken op...
    Lees meer...

    24 pearkes yn Poppenwier mei hurde wyn en sinneskynwaar! 

    maandag 19 juli 2021
    In tige slagge dei, dan mei men it pearkekeatsen...
    Lees meer...