It wie in lytse list mei 8 frije-formaasjepartoeren skoalfamkes, dat wol, mar de keatswille wie der net minder om. De klapper wie daliks al yn 'e 1e omloop, doe't de dames oantrede moasten tsjin Ilse Marije van Beem, Noa Elzinga en de sterke Larissa Smink. Alles moast út 'e kast en dat barde ek: op 5-5 6-4 wie de winst binnen. De 2e omloop wûnen Bakker c.s. op 5-0 6-2 en doe moasten hja yn 'e finale oantrede tsjin Femke Alberda, Geertje Bijlsma en Femke Folkerts, seker net in snotterich trio.Bakker c.s. rûnen út nei in 4-1 foarsprong, mar it like as 'kakten se wat yn'. Se skerpte like der wat ôf. It waard 4-2, 4-3, mar it waard ek 5-3. Nei 5-4 wie de skerpte der krekt op 'e tiid wer. Op 5-4 6-6 sloech Foke Jil boppe. Foar Iris wie it dit wykein dûbelslach; juster wûn se de krâns yn Dokkum.
De finale yn 'e werkânsing wie it besjen ek wurdich. It gong lykop oant 3-3, wêrby't Ilse Marije van Beem, Noa Elzinga en Larissa Smink earst de bêste papieren liken ta hawwe. Eline van Dijkhuizen, Marsha Boersma en de sterke Iris Veltman pakten lykwols it belangrike 7e earst. Nei 4-4 waard it 5-4 en dêrnei 5-5. It lêste earst wie foar Van Dijkhuizen c.s. Op 5-5 6-2 pakte Eline de winst troch it prachtige retoerslach fanôf de boppe - mei links! - werom yn 't perk!
Moaie 2e priis werkânsing foar Johan Cnossen
Al wie fansels it ferlies op 5-5 6-6 yn 'e 1e omloop wol soer. Yn 'e finale fan 'e werkânsing like de winst hast binnen helle te wurden, mar de partij gie de oare kant oer en sa ferlearen Johan Cnossen, Dylan Koel en Welsey van der Vaart op 5-5 6-0.
De finale waard fertsjinne wûn troch de sterke Johan Sipma, Sjouke Beimers en Marten Leijenaar. Maklik waard it net, mar op 5-4- 6-4 lutsen Rutger Kumbangsila, Rick Minnersma en Rein Breuker oan it koartste ein. De 3e priis wie foar Harmen Zuidema, Bjorn Idsardi en Sybrand Veldhuis, dy't mei deselde sifers ferlearden fan de lettere winners.
De útslaggen
Skoaljonges frije formaasje ( 17 partoeren )
1. Johan Sipma (Ljussens), Marten Leijenaar (Eksmoarre) en Sjouke


2. Rein Breuker (Ljouwert), Rick Minnesma (Dronryp) en Rutger Kumbangsila
(Wjelsryp)

3. Harmen Zuidema (Minnertsgea), Sybrand Veldhuis (Raerd) en Bjorn Idsardi (Dronryp)
Werkânsing

1. Jorrit Nanninga (Dronryp), Jan Tymen Eisma (Frjentsjer) en Redmer Wiersma (Easterein)

2. Wesley van der Vaart (Sint Jabik), Johan Cnossen (Gau) en Dylan Koel (Harns)
Skoalfamkes frije formaasje ( 8 partoeren )
1. Iris Oosterbaan (Skearnegoutum), Foke Jil Bakker (Tersoal) en Gerde Lycklama à Nijeholt (It Heidenskip)

2. Femke Alberda (Dronryp), Geertje Bijlsma (Wâlterswâld) en Femke Folkerts (Boalsert)

Werkânsing
1. Iris Veltman (Dronryp), Marsha Boersma (Stiens) en Eline van Dijkhuizen (Nijlân)

2. Larissa Smink (Makkum), Noa Elzinga (Boalsert) en Ilse Marije van Beem (Dronryp)
