• En it wíe in gesellige jûn!!

    zaterdag 12 oktober 2019

    It wie in jûn mei in protte ferskillende ingrediïnten. 
    In hiele moaie ploech fan sa'n 30 persoanen hat genietsje kind fan in jûnfoljend programma: 
    • in 'schnapske' foarôf mei in kennismakkingsspultsje;
    • lekker iten, fersoarge troch topkoks út de streek; 
    • in trochrinnende fotopresintaasje oer it ôfrûne jier;
    • in Pubkwis; 
    • de útrikking fan de Repkobekers;
    • de presintaasje fan de nijs shirtsponsors! 

    Hienen wy, soenen jo sizze, op dizze jûn dan noch wol wat rêstpunten, 'een moment voor jezelf? Jawis al, tuskentroch wie der genôch tiid om even by te praten of even om te rinnen!
    IMGP9983.JPG

    It wie de dus in slagge jûn
    Jan de Groot iepene it byinoarwêzen om in oere as healwei seizen, doe't de earste slokjes al achter de knopen sieten. Willem Twijnstra hie in riedspultsje meinommen: we krigen in envelop mei ús namme derop en dêr siet in bryfke yn mei in oar har/syn nammen en in wurd. Dat wurd moasten jo de oare persoan sizze litte, sûnder sels it wurd te sizzen, fia omwegen dus.  No, dat duorre wol even en it makke de sfear wat losser. 




    IMGP9992.JPG
    It waard tiid foar it iten
     IMGP9999a.JPG

    De measten waarden al wat ropsk. De topkoks - de mannen dit kear - hienen stamppot makke, lasagna, makaroany, salades, gehakbaltsjes en stokbrea en der wie sop om mei te begjinnen. Folle net genôch. 
    Doe rikte Harm van Gelderen de Repkobekers út
    Dy wie by de froulju foar it earst foar in Offenwierster, Siebrigje Nynke Boschma, 'herintreedster' by it keatsen sûnt 2018 en no al winner fan de âldste beker fan de club. By de manlju kaam ek in nije namme yn de beker, nammentlik dy fan Marten Molenmaker út Gau, ien fan ús feteranen. 
        
    En de spanning naam ta: wa soe de nije shirtsponsor wurde?
    De nije sponsorkommisje, besteande út Frieda Bruinsma (al in pear jier de trouwe basis fan de kommisje), Rein Bootsma, Catrinus Kooistra en Martenmolenmaker,  hat de ôfrûne maitiid en simmer aktyf dwaande west. Ien fan de dingen wie: in nije shirtsponsor, want de ôfdielingsshirts fan no binne al in pear jier net mear aktueel. Marten tekene yn syn ferhaal út hoe't ien en oar yn syn wurk gien wie. It hie net maklik west en dat liet hy ek merke. De kommisje hie de kar út 3 kandidaten.       
       

    IMGP9987.JPG
     IMGP0023.JPG



















    En dit binne se!
    Autobedrijf Leenstra (fam. Sietse Leenstra) en Himmel & Skjin (fam. Willem Twijnstra). 
     
    Doe waard it tiid foar de Pubkwis
    It duo Metteke Kuiper en Sietse Leenstra hienen in pubkwis yn elkoar draaid. Seis ploegen fan fiif dielnimmers soenen om de heechste ear stride. Wa soe it winne?  De fragen wienen pittich en soms ek totaal ûnsinnich. Hoe kinne je sokke fragen betinke!? Mar goed, je hawwe der mar mei te dealen! By einbeslút wûnen de Ouwe Zakken. Wa hie dat tocht? No, Marten Molenmolenmaker dus, die hie it foarsein. De basis waard lein troch de fragen oer de Fabeltjeskrant. Dy komt presiis út de tiid fan de Ouwe Zakken. En sa wienen der mear fragen dêr't de mannen gjin muoite mei hienen. It 'Barteam' fan Jaring Ypma krige dikke strafpunten. Se hienen de mobyltsjes brûkt. Foei!   


     IMGP0029.JPG

     IMGP0034.JPG






  • Nieuws

    Prachtige opbrengst Rabo Clubsupport 

    woensdag 16 oktober 2019
    Allemaal hartelijk dank voor het stemmen...
    Lees meer...

    Autobedrijf Leenstra en Himmel & Skjin binne de nije shirtsponsors

    zondag 13 oktober 2019
    Dat waard sneon 12 oktober op de gesellige jûn...
    Lees meer...

    En it wíe in gesellige jûn!!

    zaterdag 12 oktober 2019
    It wie in jûnmei in protte ferskillende...
    Lees meer...