• Coronapartij jeugd krekt foar de swiere buien klear!

    vrijdag 18 juni 2021
    Der wienen freed 18 juny mear kabouters (15 stiks!) as alle oare jonge keatsers en keatsers. Dat kaam fansels trochdat de âldste groep, de skoaljeugd net meidie. Reden: drokte mei skoalle! Ja, dat giet foar! Wat is it dochs moai, sa'n grutte groep nije kabouters!Bysûnder wie dat de jongerein meidogge oan de pilot fan de KNKB ‘De earste fout telt’. Dus slaan op ‘e bal hindert neat as de bal foar is of bûten, dan binne de punten foar it perk. Yn it ferline hat men dit al earder in kear besocht, ek by de senioaren. It wie gjin súkses. Wy sille sjen.
     
    Kabouters
    It sil de Kabouters net folle deard hawwe. Se makken der wer in moaie striid fan mei alles meneuvels en kaprioalen dy’t by dizze leeftydsgroep hearre. Patrick Feenstra makke in ein oan de oerwinningsrige fan Wiebe Huitema (dizze Gauster hie al twa kear de krâns achter elkoar wûn!). It hat no even moai west, sil Patrick tocht hawwe. Yn de finale waard it 5-3 6-2.
    Yn de B-kategory fan de Kabouters stienen Ravi de Vries en Mare van der Goot yn de finale. De jonge dame út Sibrandabuorren helle har earste keatspriis binnen, en it waard ek noch de krâns, jawis! It wie tsjin Ravi wol op ‘t nipperke, 5-5 6-4.

    Kabouters A  (7 dielnimmers )
    1. Patrick Feenstra  2.  Wiebe Huitema
    Ferliezers
    1. Dycke Fardau Bokma  2. Roel Hofman
     Kabouters A 0.jpg














    Kabouters B  ( 8 dielnimmers )
    1. Mare van der Goot  2. Ravi de Vries
    Ferliezers
    1. Hester Kiestra  2.  Minke Nijland
     Kabouters B 0.jpg

     
    Welpen
    By de Welpen sprongen Emma Brecht Bokma en Rein Huitema derút. Se wûnen de beide partijen mei gemak en kamen sa yn ‘e krâns. Foar de ‘herintreder’ Rein waard it syn twadde krâns dizze simmer. De 2e priis wie foar Esther Lootsma en Falke Bakker. Sy wienen ‘the best op the rest’ en ‘rest’ dat wienen Foke Marij Bakker, Jitse Bakker en Tieme Holtrop.


       
     Welpen 12.JPG



      Welpen ( 3 partoeren )
    1.    Emma Brecht Bokma en Rein Huitema
    2.    Esther Lootsma en Falke Bakker 

    Pupillen
    De pupillen keatsten yn in pûl fan trije. Yn de lêste partij stienen Anne Rikst Bakker en Doutzen Twijnstra tsjinoer Minke Lys Leenstra en Anna Marit Twijnstra. Beide duo’s stienen op 14 punten, dus ‘gewoan winne’ wie it devys! En ja, dat ‘gewoan winne’ dienen Anne Rikst en Doutzen op oertsjûgjende wize, 5-2 6-4. Se wienen krekt foar de swiere buien klear. De priisútrikking wie dan ek yn ‘e kantine!
     Pupillen 12.JPG



    Pupillen ( 4 partoeren )
    1.    Anne Rikst Bakker en Doutzen Twijnstra
    2.    Minke Lys Leenstra en Anna Marit Twijnstra









  • Nieuws

    Twadde edysje Jong Hab Partij: wat hawwe se útpakt!

    zondag 25 juli 2021
    Goaiïngea, 25 july 2021. Net ien wanklank wie de...
    Lees meer...

    Moaie 3e priis  foar Iris, Moniek en Afke Marij op NK famkes yn Penjum

    zaterdag 24 juli 2021
    En sa hie de club ynienen trije eareplakken op...
    Lees meer...

    24 pearkes yn Poppenwier mei hurde wyn en sinneskynwaar! 

    maandag 19 juli 2021
    In tige slagge dei, dan mei men it pearkekeatsen...
    Lees meer...