• Bern-âlderpartij: in protte wille en moai waar

    zaterdag 28 augustus 2021
    Sneon 28 augustus
    It is altyd de moaiste partij fan ‘t jier. Dat mei ik wol sizze. Want hoe giet it tusken bern en âlder? Hokker famyljelid hat it (foaral wat âldere) bern no wer út de hege hoed tovere? (Want mei wa meitsje ik de measte kâns?). Dat wie dit kear net oars. En it waar wie foar elkenien gelyk, prima keatswaar. Wol is dúdlik dat de tiid fan 40/50 partoeren foarlopich foarby is: 25 wie no it tal. En de tiid sil leare hoe't komt......     
    Spannende earste omloop by de kabouters
    By de kabouters wie in hiel moai ploechje en dat mocht foar it earst mei in âlder keatse, of mei in oare famyljelid, in omke of tante of sa. En se keatsten foar it earst it keatspul mei de echte regels: twa yn ‘t perk en mei keatsblokjes. En wy meie sizze dat it allegearre poerbêst ferrûn is. Yn dizze klasse wienen 7 partoeren.
    Der earste omloop joech daliks al in klapper. Layla Borkuis en har mem Anke Sieperda hienen de pech dat se op 5-5 6-6 ferlearen fan it Tersoalster duo Ravi en Rinske Marleen de Vries. Foar de lêsten wie dat omkearde pech, gelok dus! Ravi en Rinske Marleen ‘sneuvelen’ dêrnei tsjin Patrick Feenstra en syn tante Petra Feenstra. Ek spannend yn de earste omloop wie de partij tusken Mare en Ulbe van der Goot tsjin Ronja Teernstra en André van der Staal. Ronja en André wûnen op 5-5 6-2. Beide twatallen gienen dêrnei troch foar de prizen! En it gie mar troch mei de 5-5-útslaggen: Wiebe en (omke) Wytze Huitema ferlearen krekt fan mem/dochter Anna-Lynn Koldijk en Jantine Radix.

    Heale finales
    Ronja en Andreé setten troch en wûnen op 5-4 6-2 fan Anna-Lynn en Jantine. En dat dienen Patrick en Petra ek: 5-3 6-4 winst op Ravi en Rinske Marleen!
    Yn de ferliezersrûnte makken Mare en Ulbe dúdlik dat se noch net tefreden wienen. Layla en Anke koenen net in fûst meitsje: 5-1 6-2.
     
    Finales
    En spannend waard it! Ronja en André kamen earst op foarsprong, mar Patrick en Petra kamen werom en dêrnei waard it in echte wedstriid dy’t pas op 5-5 6-6 wûn waard troch Patrick en Petra. De ferliezersfinale wie ek o sa spannend, in moaie pot wie it. Mare en Ulbe wûnen op 5-4 6-6 fan Wiebe en Wytze.
     
    De welpen kieze allegearre foar in âlder
    De fjouwer twatallen keatsten in heale kompetysje. By einbeslút wienen Esther Lootsma en mem Petra fierwei de sterksten op dizze dei en dêr wie foaral Esther ‘skuldich’ oan. Trije earsten tsjin oer trije partijen, ik soe der foar tekenje! De bêsten fan de rest wienen Edsert Bouma en mem Aaltsje. Yn de beslissende partij tsjin Esther en Petra siet der mar in earst yn, 5-1 6-4.
     
    De pupillen sjogge oer de famyljegrinzen
    Sa hienen de suskes Anna Marit en Doutzen Twijnstra twa mannen ‘oan ‘e heak slein’ en net de minsten: Jelmer de Jong en Albertsym Fekken. Beide formaasjes soenen yn ‘e prizen komme. Op ‘e list stienen 7 partoeren. De priis gie hjoed nei de Skearnegoutumers soan/heit Jorrit en Marcel Boersma. As in goed smarde masjine wienen se oer trije partijen de sterksten. Yn de finale koenen Anna Marit en Jelmer krekt net genôch tsjinstân biede: 5-3 6-6. De ferliezersfinale waard in fertsjinne oerwinnich fan Doutzen en Albertsym op Jildou en Willem Twijnstra.
     
    Moaie finalewinst fan Martsen en Marco by skoaljeugd/jeugd
    Hjir ek 7 twatallen. Yn de finale wûnen Martsen en Marco van der Goot yn in moaie partij fan Ilse Baanstra en har omke Pieter Paulusma op 5-3 6-6. De ferliezersfinale waard fertsjinne wûn troch Antsje en Folkert Kievit. Jochem Lootsma en Maaike Faber koenen dat net hielendal rêde. 

    DE ÚTSLAGGEN
     
    Kabouters ( 7 twatallen )
    1.    PatrIck Feenstra en Petra Feenstra
    2.    Ronja Teernstra en André Staal
    Ferliezersrûnte
    1.    Mare van der Goot en Ulbe van der Goot
    2.    Wiebe Huitema en Wytze Huitema
    Kabouters 1a.jpg
    Kabouters 2.JPG
    Kabouters 3 ferl 1.JPG
    Kabouters 4 ferl 2.JPG

     
    Welpen
    ( 4 twatallen )
    1.    Esther Lootsma en Petra Lootsma
    2.    Edsert Bouma en Aaltsje Wesselius
     Welpen 1.JPG
     Welpen 2.JPG

     
            
    Pupillen ( 7 partoeren )
    1.    Jorrit Boersma en Marcel Boersma
    2.    Anna Marit Twijnstra en Jelmer de Jong
    Ferliezersrûnte
    1.    Doutzen Twijnstra en Albertsym Fekken
    2.    Jildou Twijnstra en Willem Twijnstra
    Pupillen 1.JPG
    Pupillen 2.JPG
    Pupillen 3 ferl 1.JPG
    Pupillen 4 ferl 2.JPG

     
    Skoaljeugd/jeugd ( 7 partoeren )
    1.    Martsen en Marco van der Goot
    2.    Ilse Baanstra en Pieter Paulusma
    Ferliezersrûnte
    1.    Folkert Yde Kievit en Antsje Kievit
    2.    Jochem Lootsma en Maaike Faber
    Skoaljgd-jgd 1.JPG
     Skoaljgd-jgd 2.JPG
    Skoaljgd-jgd 3 ferl 1.JPG
    Skoaljgd-jgd 4 ferl 2.JPG












  • Nieuws

    In prachtige nacht om te nachtkeatsen

    zondag 12 september 2021
    Doe't wy begongen mei in prachtige list ...
    Lees meer...

    De jeugd gie mei wille de nacht yn

    zaterdag 11 september 2021
    En sa kaam in ein oan it seizoen 2021. De jongere...
    Lees meer...

    Bern-âlderpartij: in protte wille en moai waar

    zaterdag 28 augustus 2021
    Sneon 28 augustusIt...
    Lees meer...