• Ald Meiers: 3e priis foar Moniek, Afke en Iris; moaie 2e priis foar Foke Jil Bakker mei Jirnsum! 

    zaterdag 7 augustus 2021
    Moniek Lootsma, Afke Marij van der Goot en Iris Oosterbaan wienen nei Hitsum ôfreizge as ien fan de kânshawwers. Krekt as 14 dagen earder yn Penjum op it NK waard no wer de heale finale in partij mei dramatyk. De twa earste omlopen waarden hiel maklik wûn: 5-0 6-0 tsjin Reduzum en 5-0 6-4 tsjin Eksmoarre. En doe stie Boalsert oan 'e poarte mei de sterke Noa Elzinga. It waard in striid op it skerpst dan de snede, wêrby't troch Boalsert ferfelende trúkjes úthelle waarden. Wolkom yn 'e echte wrâld!   

    Yn Penjum kaam de ambulânse op it fjild en yn Hitsum moast Moniek har boppebil yntaped wurde nei in falpartij. Yn Boalsert makke Moniek in rare fal. op 4-2 foar Boalsert kaam it spul kaam stil te lizzen en Moniek kaam werom mei in yntaped boppebil. Wie it akkefytsje yn Penjum neidielich foar ús froulju, yn Hitsum kamen se wer wat better yn it spul. Lykwols stie Goaiïngea op 'e dea op 5-3 6-2, mar se kamen werom ta 6-6 en pakten it earst noch! Mar it wie úteinlik net genôch om Boalsert derûnder te krijen, 5-4 6-4. Mar lit ús sizze dat wy Boalsert it meast sear dien hawwe! 
     
    IMG-20210807-WA0001.jpg

     It ferrassende Jirsum mei Foke Jil Bakker, Marije Bodde en Ilja Wijtsma stie yn de finale tsjinoer favoryt Boalsert, mar koe dat net rêde, 5-2 6-6.     

    En sa steane wy wer yn 'e boeken! Lokwinske froulju!










    Hjir op film de heale finale Boalsert-Goaiïngea!
    IMG-20210807-WA0002.jpg

    IMG-20210807-WA0004.jpg



  • Nieuws

    Maaike Faber en Marije Jonker nemen het stokje over

    vrijdag 1 oktober 2021
    Op tongersdei 1 oktober wienen in lytse 30 leden...
    Lees meer...

    Zondag 26 september begint het Muurkaatsen weer

    dinsdag 21 september 2021
    ...
    Lees meer...

    In prachtige nacht om te nachtkeatsen

    zondag 12 september 2021
    Doe't wy begongen mei in prachtige list ...
    Lees meer...