• 35 muorrekeatsers op it jierlikse Veegpiettoernooi: winst foar Andrea Kroes en Wiebe Bakker

    zondag 28 november 2021
    Der waard
     Prizen.JPG
    keatst yn twa klassen, en dat koe ek hast net oars mei sa'n grutte dielname. Yn totaal mocht elk 6 partijen keatse. Elke wûne partij levere 1 punt op 10% fan it puntesaldo (foarpunten min de tsjinpunten).   Yn de A-klas, mei 18 dielnimmers, wûnen Andrea Kroes en Jelmer Drijfhout beide 5 partijen, mar Andrea helle 0,1 punt mear. Yn dizze klasse dienen 4 froulju mei.
     Nolke.JPG

    Yn de B-klas, mei 17 dielnimmers, wienen mar even 3 spilers mei 6 oerwinnings: Wiebe Bakker , Irma Folkertsma en Sjoukje Dotinga . Mar tsjonge jonge, wat in puntesaldo hie dy Wiebe: 43. Dus krige hy 4,3 punten by de 6 winstpunten. Net folle minder die Irma it mei 37 saldopunten. 
    Sporsor fan de partij wie bakker-sutelder Jaring Ypma. Toernoaidirekteur Nolke Bergstra rikte lykas altyd de prizen út en Aaltsje Kroes makke de foto's. Hjirûnder steane de winners fan de A-klas en dêr wer ûnder de winners yn de B-klas. En hielendal ûnderoan fine jim de sifers.
    A-klas priiswinners.jpg
    B 1 2 3 4.JPG
     AB útslaggen.jpg

      



  • Nieuws

    (2) Sublime keatsdei mei 3de Jong Hab Partij; B-klasse winst foar Van der Weg, Veltman en Zijlstra

    maandag 25 juli 2022
    Lees meer...

    (1) Sublime keatsdei mei de 3de Jonge Hab Partij; A-klasse winst foar Poelsma, Jellema en Weersma

    zondag 24 juli 2022
    Goaiïngea 24...
    Lees meer...

    Teatsende thúsbliuwers Berber en Jildou winne

    vrijdag 22 juli 2022
    Goaiïngea, 22 july...
    Lees meer...