Earste krâns foar Minke Nijland op in hiele rêstige Fakânsjepartij foar de jeugd

zaterdag 19 augustus 2023
Goaiiïngea, 18 augustus 2023. 16 famkes en jonges dienen mei oan de ien nei lêste ledepartij fan dit seizoen. Dat sille op 9 septimber grif mear wêze. En de patat smakke der nei ôfrin net minder om! KaboutersHjir wienen 6 ienlingen, dy't in gewoan ôffalsysteem keatsten.Meie wy sizze dat yn de...
Lees meer...

Moai fakânsjekeatsen op de Strikwerda-Smitpartij

zondag 30 juli 2023
Goaiïngea, 29 july. Samar ynienen stie der in sponsor op de listen fan de fjirde ledepartij fan dizze simmer. Strikwerda-Smit út Skearnegoutum, leveransier keatsklean en keatsspullen. We troffen it geweldich mei it waar, want ik leau net dat der nei 15:00 oere, de begjintiid, noch in serieuze drip fallen is. De kommisjeleden hienen twa listen makke: in A-klas mei 4 partoeren, besteand út allinnich...
Lees meer...

Noflike Thúsbliuwerspartij foar de jeugd: Tersoal boppe!

zaterdag 29 juli 2023
Goaiïngea, freed 28 july. Neidat de fjilden earst troch de jeugdkommisje-en-oanhing lein wienen, koenen om 16:00 oere 24 jongelju yn aksje komme. It waar wie prima, it wie de moaiste dei fan ‘e wike nei dagen fan reinwetter. - De 9  kabouters spilen it gewoane toernoaisysteem mei ôffalrûnte. Dit kear...
Lees meer...

4de Jonge Hab Partij: wat in dei, mei wyn, drokte en prachtige keatserij (1)

maandag 17 juli 2023
Goaiïngea 16 july. Wat yn koroanajier 2020 ûntstie troch it spontaan ynisjatyf fan in stel youngsters – de partij stie earst net iens op de wedstriidaginda – is yn 2023 útgroeid nei in partij mei in namme yn de wide omjouwing. De Jonge Hab Partij kin yn ien sike neamd wurde mei de Bonnemapartij fan Nijlân en de Keetpartij yn Burchwert. De Kippetjespartij is noch krekt in brêge te fier...
Lees meer...

4de Jonge Hab Partij: wat in dei, mei wyn, drokte en prachtige keatserij - de útslaggen mei foto's (2)

maandag 17 juli 2023
Goaiïngea 16 july. De spannende finale yn de A-klas waard wûn troch âld-PC-winner René Anema, twaddekeamerlid Habtamu de Hoop (frjemd dat der net in grapke makke is oer syn foarnamme!) en ús oanstoarmjend talint Sytze Jan de Vries – it is net syn earste krâns dit jier! Se wûnen op 5-3 6-6 fan Egbert Heins, foarsitter fan de keatsclub fan Ysbrechtum, Anne Wind, aaisiker yn ‘e maitiid, en...
Lees meer...

Lytse Hab lit alfêst sjen oan de grutten hoe't it moat!

vrijdag 14 juli 2023
Goaiïngea, 12 july. Yn tarieding op de Jonge Hab Partij hie de jeugd hjoed de Lytse Hab Partij! Der waard keatst yn 4 klassen, en it wie faak wer in moaie en spannende striid. De hurde wyn makket it soms dreech foar de jeugd, mar dat makke de wille net minder. Kabouters BBy de kabouters B stienen...
Lees meer...

DLG'ers trochsteane it gleone waar op EDB Bouw-partij

maandag 26 juni 2023
Goaiïngea, 25 juny 2023.  It soe waarm wurde, mar fan in koade read, giel of oranje hienen wy neat heard. It soe in graad as 30 wurde. Goed ynsmarre, op tiid drinke en net ta gek dwaan, dan soenen wy de dei wol trochkomme. It duorre dêrom ek allegearre wat langer. Én dêr kaam by dat de finales yn de B-C-klasse ekstra lang duorren trochdat de partoeren dy ‘t ein foarstienen net trochbite koenen...
Lees meer...

De jongerein fan kf DLG rommet op!

zaterdag 17 juni 2023
Hjoed, freed 16 juny, wie it foar de jeugd wer tiid foar in ledepartij, de Oprommerspartij dizze kear. It wie in waarme mar moaie keatsmiddei en der waard wer mei in soad fanatisme en wille keatst. Der waard keatst yn 4 klassen en omdat it de Oprommerspartij wie, wie der foar eltsenien in moaie beker! De kabouters A keatsten foar it earst yn twatallen it...
Lees meer...

Prachtige opbringst Âldizeraksje

zaterdag 10 juni 2023
Sibrandabuorren, 8 juny 2023. Troch de ynset fan in protte leden fan de keatsclub is de Âldizeraksje wer in grut súkses wurden. De karren mei metalen rieden ôf en oan. Jo begripe net wêr't it guod alle jierren wer weikomt! Ûnder lieding fan de 'eenarmige bandiet' Jan de Groot rûn alles wer soepel. Syn rjochterhân Albertsym Fekken stie him by (foto hjirûnder)...
Lees meer...

Sterke winners by de 50+ frije formaasje; pechfûgel Jan de Groot leit der even út!

maandag 5 juni 2023
Prachtich waar en lange dagen, sizze jo dan by it waar sa't it juster, snein 4 juny wie. De KNKB-keatsers krigen daliks al oranjekoeke foar de kiezzen en koenen doe even byprate. De Âlde Hap wie de sponsor fan de partij, edysje 2023. It wie foar it earst op snein, en dat wurdt besocht wer op sneon te...
Lees meer...

Boalsert wint KNKB famkes ôfdieling; krâns foar Brecht Renema by de opstap!

maandag 29 mei 2023
Goaiïngea, 28 maaie. It wie hjoed wer in gesellige drokte op it keatsfjild. 102 skoalfamkes en famkes gongen de striid mei inoar oan yn fiif ferskillende klassen.   Famkes ôfdieling en opstap De famkes hawwe hjoed yn Goaiingea de earste ôfdielingswedstriid fan it seizoen keatst. Hjir gong de finale tusken Boalsert en Tsjom, it wie lang in iensidige striid yn it...
Lees meer...

150 famkes en jonges keatsten federaasje yn Goaiïngea; krâns foar Patrick Feenstra by syn debút (1)

zaterdag 27 mei 2023
Goaiïngea 26 maaie. De 150 bern wienen ferdield yn 8 klassen, fan welpen o/m junioaren. Datlêste wie hiel moai en hooplik komt dêr in ferfolch op yn De Hommerts op 9 juny. De jeugdkommisje hie by alle kategoryen mear as genôch frijwilligers regele, en dat fertsjinnet in plúmke foar de kommisje en de frijwilligers. De snackauto draaide op folle toeren, ja, se moasten op 't lêst 'nee' ferkeapje by de...
Lees meer...
alle nieuwsberichten