Roetveegpiet Toernooi zondag 26 november

maandag 13 november 2023
 
Lees meer...

Jeugd koe noch krekt even nachtkeatse!

zondag 10 september 2023
Goaiïngea, 9 septimber. De âldere bern, de skoaljeugd, mochten meidwaan oan it Nachtkeatsen fan de senioaren en dat wie foar harren fansels in útdaging! En Doutzen Twijnstra foel dêr ek noch yn 'e prizen en mocht dus hiel lang opbliuwe! Bleauwen de kabouters en welpen oer, mei-elkoar 24 bern. En dy makken der in hiele moaie striid fan. ...
Lees meer...

Prachtich Nachtkeatsen mei de Hapjespartij

zondag 10 september 2023
Goaiïngea, 9 septimber. Foar de dúdlikheid: it gie der net om dat wy de hiele jûn hapkes iten soenen, mar 'hapkesoanjager' Willem Twijnstra hie regele dat it jild dat oerbleaun wie fan de hapkespot fan tiisdei te'n goede komme soe oan de prizepot fan dizze nacht. Fóar de wedstriid waarden noch de prizen fan de kompetysje útrikt troch de frouljus- en manljuskommisje....
Lees meer...

Earste winst foar Jouke Dotinga en Jochem Lootsma op in ledepartij dit jier

maandag 21 augustus 2023
Goaiïngea, 20 augustus 2023. Foar kandidaat-lid en tredde maat Rianna Fopma wie dat net it gefal troch de winst mei it Pearkekeatsen, earder dit jier. Yn de finale fersloegen se - Jouke Dotinga, Jochem Lootsma en Rianna Fopma - it trio Marco Lobregt, Folkert Yde Kievit en Femke Terpstra yn in 'wat sil it wurde'-partij. Want it like krekt as wie it ôfpraten spul: wy ferdiele de earsten...
Lees meer...

Earste krâns foar Minke Nijland op in hiele rêstige Fakânsjepartij foar de jeugd

zaterdag 19 augustus 2023
Goaiiïngea, 18 augustus 2023. 16 famkes en jonges dienen mei oan de ien nei lêste ledepartij fan dit seizoen. Dat sille op 9 septimber grif mear wêze. En de patat smakke der nei ôfrin net minder om! KaboutersHjir wienen 6 ienlingen, dy't in gewoan ôffalsysteem keatsten.Meie wy sizze dat yn de...
Lees meer...

Moai fakânsjekeatsen op de Strikwerda-Smitpartij

zondag 30 juli 2023
Goaiïngea, 29 july. Samar ynienen stie der in sponsor op de listen fan de fjirde ledepartij fan dizze simmer. Strikwerda-Smit út Skearnegoutum, leveransier keatsklean en keatsspullen. We troffen it geweldich mei it waar, want ik leau net dat der nei 15:00 oere, de begjintiid, noch in serieuze drip fallen is. De kommisjeleden hienen twa listen makke: in A-klas mei 4 partoeren, besteand út allinnich...
Lees meer...

Noflike Thúsbliuwerspartij foar de jeugd: Tersoal boppe!

zaterdag 29 juli 2023
Goaiïngea, freed 28 july. Neidat de fjilden earst troch de jeugdkommisje-en-oanhing lein wienen, koenen om 16:00 oere 24 jongelju yn aksje komme. It waar wie prima, it wie de moaiste dei fan ‘e wike nei dagen fan reinwetter. - De 9  kabouters spilen it gewoane toernoaisysteem mei ôffalrûnte. Dit kear...
Lees meer...

4de Jonge Hab Partij: wat in dei, mei wyn, drokte en prachtige keatserij (1)

maandag 17 juli 2023
Goaiïngea 16 july. Wat yn koroanajier 2020 ûntstie troch it spontaan ynisjatyf fan in stel youngsters – de partij stie earst net iens op de wedstriidaginda – is yn 2023 útgroeid nei in partij mei in namme yn de wide omjouwing. De Jonge Hab Partij kin yn ien sike neamd wurde mei de Bonnemapartij fan Nijlân en de Keetpartij yn Burchwert. De Kippetjespartij is noch krekt in brêge te fier...
Lees meer...

4de Jonge Hab Partij: wat in dei, mei wyn, drokte en prachtige keatserij - de útslaggen mei foto's (2)

maandag 17 juli 2023
Goaiïngea 16 july. De spannende finale yn de A-klas waard wûn troch âld-PC-winner René Anema, twaddekeamerlid Habtamu de Hoop (frjemd dat der net in grapke makke is oer syn foarnamme!) en ús oanstoarmjend talint Sytze Jan de Vries – it is net syn earste krâns dit jier! Se wûnen op 5-3 6-6 fan Egbert Heins, foarsitter fan de keatsclub fan Ysbrechtum, Anne Wind, aaisiker yn ‘e maitiid, en...
Lees meer...

Lytse Hab lit alfêst sjen oan de grutten hoe't it moat!

vrijdag 14 juli 2023
Goaiïngea, 12 july. Yn tarieding op de Jonge Hab Partij hie de jeugd hjoed de Lytse Hab Partij! Der waard keatst yn 4 klassen, en it wie faak wer in moaie en spannende striid. De hurde wyn makket it soms dreech foar de jeugd, mar dat makke de wille net minder. Kabouters BBy de kabouters B stienen...
Lees meer...

DLG'ers trochsteane it gleone waar op EDB Bouw-partij

maandag 26 juni 2023
Goaiïngea, 25 juny 2023.  It soe waarm wurde, mar fan in koade read, giel of oranje hienen wy neat heard. It soe in graad as 30 wurde. Goed ynsmarre, op tiid drinke en net ta gek dwaan, dan soenen wy de dei wol trochkomme. It duorre dêrom ek allegearre wat langer. Én dêr kaam by dat de finales yn de B-C-klasse ekstra lang duorren trochdat de partoeren dy ‘t ein foarstienen net trochbite koenen...
Lees meer...

De jongerein fan kf DLG rommet op!

zaterdag 17 juni 2023
Hjoed, freed 16 juny, wie it foar de jeugd wer tiid foar in ledepartij, de Oprommerspartij dizze kear. It wie in waarme mar moaie keatsmiddei en der waard wer mei in soad fanatisme en wille keatst. Der waard keatst yn 4 klassen en omdat it de Oprommerspartij wie, wie der foar eltsenien in moaie beker! De kabouters A keatsten foar it earst yn twatallen it...
Lees meer...
alle nieuwsberichten