• Prachtich pearkekeatsen op Toplokaasje Sibrandabuorren

    zondag 19 mei 2019
     Fjild.JPG


    Wat wie it keatsen noflik yn ‘e lijte fan de beammen op ‘sportpark it Mingeltsje’ yn Sibrandabuorren,  wylst op oare plakken de winterjas noch oan koe troch de kâlde boreäle winen, om mei in bekend politikus te sprekken! En wat in moaie list, 18 pearkes. De kommisjes hawwe harren bêst dien. Stellen waarden út elkoar helle en nije keppels waarden formearre. Ferrassende pearen stienen op ‘e list. Guon hienen yn gjin jierren keatst of wienen foar ús ûnbekend, mar keatsten absolút net snotterich! 
    Der stie in tintsje, der leinen 6 perken yn 2 fjilden en der wienen appeltaarten bakt troch Michel Nesse syn mem en letter op ‘e dei pizzapunten, regele troch deselde mem! En Antsje Kievit hie tomatesop makke en Aaltsje Wesselius grientesop, it smakke treflik! En fan de sportstichting mochten wy de klaaiboxen brûke. En it Striel- en Coatingbedriuw Hooghiemstra fan Twellegea hie de partij sponsord mei € 50,-. En alles stie ûnder de deskundige lieding fan (de noch net, mar hooplik wol gau wer keatsende) Jouke Dotinga en (de wol foar in kear keatsende) Gerrit van der Leeuw.
     
    En doe gie it los dizze moaie sneintemiddei om 2 oere, mei nije luchtballen. Fansels wienen der kânshawwers foar de prizen en ek wol in pear foar de krâns, mar jo moatte earst mar de earste omlopen goed trochkomme. De frou stie foaryn en sloech foar bêst op, de man mocht de rest dwaan.
     
    Yn ‘e earste omloop wienen der twa spannende partijen. Albertsym Fekken en Gezina Haringsma wûnen op 5-5 6-6 fan Minne Jansma en Lies Sybesma. Jan Feenstra (wat wie dizze man sterk yn útslach en tuskenspul) en Kristia Dotinga ferlearen mar krekt (5-5 6-4) fan Timen van Gelderen en Machteld Ypma, tegearre opgroeid op it Tsjemlân yn Gau en sa keatsend as buorjonge en -famke. 

    Yn de twadde omloop troffen twa sterke, oan elkoar weage partoeren: Arjen van der Zee en Marijke Sybrandy tsjin Egbert de Bruin en Aaltsje Kroes. Egbert en Aaltsje wûnen op 5-5 6-2.
    Oan de oare útslaggen te sjen wienen de ferskillen wienen faak wol grut, mar guon útslaggen kinne fansels wol ‘flatteard’ wêze troch in protte 6-6-earsten.

    Favoriten Michel Nesse en Frieda Bruinsma (de op ien nei âldste dame dy’t meidie en al mear as 40 jier keatsend(!) lid is fan ús feriening!!) rûgelen sûnder echte problemen troch nei de finale. En dêr troffen se Egbert de Bruin en Aaltsje Kroes. Egbert en Aaltsje hienen oan de finale ta ek net folle problemen hân troch sterk keatsen. Se joegen yn de finale knap partij, mar koenen it net rêde. Sadwaande wie de winst fertsjinne foar Michel en Frieda op 5-3 6-2. De 3e priis wie foar Timen en Machteld. Op ‘e trije ferlearen se fan Michel en Frieda op 5-2 6-6.
     
    De ferliezers fan Michel en Frieda yn de earste omloop, Jelle Bouma en Aaltsje Wesselius, gienen foar de winst yn de ferliezersrûnte, dat wie wol dúdlik. Op it paad dêrhinne ûnderfûnen se net folle echte obstakels, mar dy stienen der wol yn de finale yn de foarm fan de ferrassende sterk keatsende Rienk en Petra Feenstra. Rienk en Petra hienen it, nei it ferlies yn de earste omloop, allinnich dreech hân tsjin broer en sus Arjen en Marije Jonker, 5-4 6-6. Wat in finale, in echte finale. Rienk en Petra stienen it grutste part fan de partij in earst of in spul foar, mar hieltyd kamen Jelle en Aaltsje werom: 2-1, 2-2, 3-2, 4-2, 4-3, 5-3, 5-4, 5-5. En it fenyn siet yn ‘e sturt: alles kaam oan ‘e hang. In dikke keats, slein troch Petra, mocht se sels mei har opslach ferdedigje. Mar hoe jammerlik: de bal gie foar.
    De 3e priis yn ‘e ferliezersrûnte wie foar Jan Feenstra en Kristia Dotinga troch ferlies op ‘e trije fan Jelle en Aaltsje op 5-3 6-0.
     
    En sa kaam in ein oan in prachtige keatsdei. It keatsen libbet wer yn ‘e Legeaen. Wat spitich dat wy net wer op dit prachtige fjild keatse sille ( of miskien dochs noch in kear? ). Fan ien ding binne wy wis: in protte minsken sille in dei letter spieren field hawwe dêr’t se net fan wisten dat se se hienen!.    
    1.jpg
    2.jpg
    3.jpg
    Ferl 1.jpg
    Ferl 2.jpg
    Ferl 3.jpg

     
    De  totaalútslach
    1.    Michel Nesse en Frieda Bruinsma
    2.    Egbert de Bruin en Aaltsje Kroes
    3.    Timen van Gelderen en Machteld Ypma
    Ferliezersrûnte
    1.    Jelle Bouma en Aaltsje Wesselius
    2.    Rienk Feenstra en Petra Feenstra
    3.    Jan Feenstra en Kristia Dotinga


  • Nieuws

    Twamanspartoer fan Bitgum wint 50+

    zaterdag 22 juni 2019
    Goaiïngea, 22 juny 2019. Mei 12 partoeren wie de...
    Lees meer...

    Repko Sportprijzenpartij: moai federaasjekeatsen 

    vrijdag 21 juni 2019
    De útslaggen
    Lees meer...

    Prachtige keatsclinic mei Siemon Minnesma foar ús jongerein

    woensdag 19 juni 2019
    Woansdei 19 juny wie der ynienen in ...
    Lees meer...